Op tiisdei 1 oktober 2024 presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn it Fries Landbouw Museum in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke op de boerderij / Sipke op ’e buorkerij. It is it sânde dieltsje yn de twatalige rige Gouden Boekjes oer Sipke Pipermûs en syn pake.
Yn dit boekje helpe Sipke en syn pake boer Hûn op de buorkerij. Boer Hûn is siik! Gelokkich kinne Sipke en pake in dei op ’e buorkerij passe. Der wurdt in kealtsje berne, de kij moatte ferweide wurde, en de buorkerijwinkel moat fansels ek iepen! Underwylst leart Sipke fan alles oer it Fryske lânskip. En as it wurk achter de rêch is, kriget Sipke in hiel bysûnder kado.
Boekpresintaasje yn it Fries Landbouw Museum
De boekpresintaasje fynt plak op tiisdei 1 oktober om 12.30 oere yn it Fries Landbouw Museum, Felling 6 yn Ljouwert. Skriuwster Lida Dykstra sil, yn oanwêzichheid fan groep 3 fan de KBS Sint Radboud út Jirnsum, it earste eksimplaar oanbiede oan boer Jaring Brunia en syn frou Lotte, dy’t Lida holpen ha by de research foar dit boek.
Op Freed 20 oktober binne de earste eksimplaren fan de prachtige nije boekesearje ‘De groep fan mees bok’, foar begjinnende Frysk-lêzers, oanbean oan de bern fan groep 3-4 fan CBS De Oanrin yn Twizel. De rige fan fiif nije boekjes binne skreaun troch Lida Dykstra en mei yllustraasjes fan Ina Hallemans. Earder binne se útbrocht yn it Nederlânsk (De klas van Mees Bok) en dêr is no in Fryske oersetting fan makke.
Boekerige
Yn elts diel fan de rige stiet in oar bistke út de groep fan mees bok sintraal. De dielen binne los fan elkoar te lêzen en binne skreaun op it nivo fan begjinnende Frysk-lêzers. De dielen slute allegearre oan op in seizoen fan it jier, sa is de ynhâld aktueel troch it jier hinne.
Derneist binne de boekjes ek tige geskikt om as toaniellêsboekjes yn te setten. Dat hawwe de bern fan De Oanrin sjen litten troch ‘de hut fan Das’ te meitsjen wylst Lida Dykstra mei de groep it ferhaal lies. Geandewei it ferhaal ûntstie der in prachtige hutte dêr’t alle bisten, spile troch in tal learlingen út groep 3-4, op harren eigen wize in bydrage oan leveren.
De skriuwster is tige wiis en grutsk dat de boeken der binne en fynt it wichtich dat der ek foar de begjinnende lêzer yn it Frysk goeie materialen binne.
“Mei dizze searje is der foar it earst in rige kleurige boeken om it begjinnend lêzen yn it Frysk foarm te jaan.”
Lida Dykstra
Yn de rige binne de folgjende fiif boeken ferskynd:
Pas op, baarch!
Baarch fynt in hiel bysûndere pin. Hy makket allegear prachtige tekeningen. Dat is leuk! Mar as er in enge foks tekenet… Dan blykt dat syn tekeningen begjinne te libjen!
Knyn yn de put
Knyn wol graach in kado oan Mees Bok jaan. Se giet op syk yn de bosk. In lekkere nút of in moaie bloeiende tûke? As se in hege tûke plôkje wol, falt se yn in âlde put. Wat no?
Pup giet te fier
Mees Bok giet mei de groep nei it strân. Se bouwe in kastiel fan sân, genietsje fan de sinne en Mees Bok docht in knipperke. Se ha net yn ’e gaten dat Pup mei syn flot fierstente fier de see yn driuwt. Mei-elkoar kinne se Pup krekt op ’e tiid rêde.
Laam, wat bist tûk!
Mees Bok is siik! Hy hat it sop fan in din nedich, mar dat is op! Laam beslút om it op te heljen yn de bosk. Mar dêr leit in berch snie. De freonen geane mei. Soe it se slagje om de beam te finen en op ’e tiid wer thús te kommen?
De hut fan Das
Das bout in hut en yn dy hut is hy de baas. Mar de oaren meie der ek yn. Se nimme allegear wat mei en as der ek noch in fee lânskomt, wurdt it hielendal feest.
Fan it boek De Letterfretter is no ek in kwartet makke, by de Afûk. It is in moai en tagelyk tige learsum spultsje. Der binne mar leafst 14 kwartetten te meitsjen fan elk 4 kaarten mei itselde lûd, lykas de ô, de oa, de ea, de ú en de ii. Elk kwartet fan 4 kaarten foarmet mei-elkoar ek wer ien fan de ôfbyldingen út it boek. Der kin dus ek noch mei puzzele wurde!
It Letterfretter-kwartet is foar €9,95 te keap yn de Afûk-winkel en websjop. Wolst it boek De Letterfretter ek noch keapje? Bestel dan no it boek tegearre mei it nije kwartetspul foar de kombypriis fan € 26,50.
Op tongersdei 16 febrewaris presintearje útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn gearwurking mei it Ir. D.F. Woudagemaal in nij unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke komt op stoom. Skreaun troch Lida Dykstra, mei yllustraasjes fan Harmen van Straaten.
Der is wurk oan ’e winkel foar lytse pipermûs Sipke en syn pake: it is heechwetter yn Fryslân en dêrom moat it Woudagemaal oansetten wurde om it wetter fuort te pompen. Pake Pipermûs wit gelokkich presys hoe’t it stoomgemaal wurket. Mar… it pompen komt mar net op gong! Wêr kin dat no oan lizze? Sipke giet op ûndersyk út.
Woudagemaal
Sonja Hylkema, fan it Ir. D. F. Woudagemaal:‘Fanwegen it sukses fan de Sipke-boekjes by ús yn de winkel kamen wy op it idee om in unyk Sipke-boekje oer it Woudagemaal te meitsjen. Wy ha doe kontakt opnaam mei de Afûk en frege oft dat mooglik wie. De Afûk wie fuortendalik entûsjast oer dat idee en hat kontakt socht mei útjouwerij Rubinstein en it fierder yn gong setten. Wy binne bliid dat it Lida Dykstra slagge is om in tige nijsgjirrich, ynformatyf en grappich boekje oer it Woudagemaal te meitsjen en ha der alle fertrouwen yn dat it in grut sukses wurdt.’
Presintaasje
De presintaasje fynt plak op tongersdei 16 febrewaris om 09.45 oere by it Ir. D.F. Woudagemaal op ’e Lemmer. DB-bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân – Annet van der Hoek – sil yn oanwêzichheid fan groep 5/6 fan CBS Eben Haëzer út Eastersee de earste twa eksimplaren oanbiede oan Wachtchef Rein Couperus en Wachtchef Marcel de Jong.
Boekgegevens
Sipke komt op stoom
Skreaun troch: Lida Dykstra
Yllustraasjes: Harmen van Straaten Utfiering: ynbûn
By de Afûk is ferskynd: De letterfretter fan Lida Dykstra. Yn dit berneboek is Lida oan ’e slach gien mei alle lûden dy’t yn de Fryske taal foarkomme. Elk lûd hat syn eigen gedicht dêr’t it lûd sa faak mooglik yn foarkomt. Yn it boek steane 47 gedichten, fol taalrykdom en humor, mei de moaiste Fryske wurden. De prachtige yllustraasjes binne fan Berber van den Brink.
De letterfretter is in draakeftich bistke dat altyd en oerol op syk is nei letters. Hy is foaral sljocht op lûden (klinkers), sa as de Â, de OA en de EA. Fia de letterfretter learst boartsjendewei alle Fryske lûden. De letterfretter is foar elkenien (0-110 jier) mei niget oan taal.
Oer de auteur
Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Nederlânsk en it Frysk en hat in lange list fan prizen en nominaasjes yn de wacht sleept: yn 2022 wie sy nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon (Flaamske literatuerpriis) foar De schaduw van Toet en yn 2007 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften. Fan 2022-2023 wie Lida berneboek- ambassadeur yn Fryslân en hat yn dy funksje tal fan skoallen besocht en bern entûsjast makke om Frysk te lêzen, se wie ek aktyf as Schoolschrijver. Sy wit dan ek as gjin oar wat bern oansprekt en wêr’t se tsjin oanrinne by it lêzen.
Oer de yllustrator
Berber van den Brink (1982) wurket as yllustrator en grafysk ûntwerper. Nei har opliedingen Docent Beeldende Kunst & Vormgeving en Communicatie & Multimedia Design is sy fyftjin jier lyn mei har eigen studio begûn. Har wurk is kleurryk en konseptueel, grafysk en/of teatraal, mei humor.
Berneboekeskriuwer Lida Dykstra sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne koroanajier is yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten dat Lida Dykstra har wurk as Berneboeke-ambassadeur in jier langer fuortsette kin.
Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra sels dêroer: “Ik fyn it prachtich dat ik noch in jier langer de kâns krij om as Berneboeke-ambassadeur lêswille te fersprieden. It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: ‘Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?’, of ‘Juf, meie wy fan ’e middei ferhalen skriuwe?’, dan wit ik daalk wêr’t ik it foar doch.”
Marytsje Flapper, direkteur fan IKC Sint Ludgerus yn Warkum seit: “Lida ferstiet de keunst om bern mei te nimmen yn it ferhaal. De bern wolle graach fierder yn ’e boeken dêr’t se oer ferteld hat yn ’e klasse. Se hat sawol de jongsten as de âldere bern fan ús skoalle op ’e nij entûsjast krigen foar Frysktalige boeken.”
Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.
De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.
Op basisskoalle ‘De Bining’ yn Westergeast waard moandei de earste fan 47 natoer-Lêskoffers oan de skoalle oerlange troch Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra en Jan Tiede Bouma fan natoeredukaasjesintrum De Klyster. Dizze wike krije mar leafst 47 basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de spesjale natoer-Lêskoffer oanbean. Dêrneist bringt de Berneboeke-ambassadeur de kommende moannen in besite oan alle skoallen yn dy beide gemeenten.
Lida Dykstra is optein: ‘Dit is in prachtige gearwurking mei De Klyster. Dêrtroch krije yn ien klap alle 47 basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel de Lêskoffer fan harren gemeenten kado en is boppedat regele dat ik by alle skoallen op besite kin om de bern foar te lêzen en oer de boeken te fertellen. It is moai dat beide gemeenten dat op dizze wize mooglik meitsje.’
Projekt-meiwurker Jan Tiede Bouma fan De Klyster: ‘Wy ha as doel om bern yn ’e kunde komme te litten mei de natoer om harren hinne. En boeken biede in prachtige ynfalshoeke om bern entûsjast te krijen foar de natoer. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.’
By de skoalbesites yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân leit de klam foar de Berneboeke-ambassadeur op Fryske berneboeken dêr’t de natoer ticht by hûs in grutte rol yn spilet. De Lêskoffers foar de basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne oanbean troch natoeredukaasjesintrum De Klyster.
Oare skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne harren ek noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur en eventueel de Lêskoffer bestelle. De lesbrieven oer de Fryske berneboeken út de Lêskoffer binne foar elkenien fergees te downloaden fia de website. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.berneboekeambassadeur.frl.