Winner Liet sil Fryslân fertsjintwurdigje yn finale Regio Songfestival

Omrop Fryslân sil mei it Fryske songfestival Liet gearwurkje om te kommen ta in artyst dy’t Fryslân fertsjintwurdigje mei op it Regio Songfestival yn Utrecht. In evenemint dat no al folop lanlike bekendheid krijt.

De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. It ynstjoeringstermyn fan Liet ferskoot mei de gearwurking nei 1 augustus wêrtroch’t elkenien langer de kâns krijt om in liet yn te stjoeren.

© Regio Songfestival

Regio Songfestival

Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival. Eltse omrop kin in eigen kandidaat oanleverje. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live-optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten. Dy talen fertsjintwurdigje nammentlik de eigenheid fan de regio.

De gearwurking tusken Omrop Fryslân en Liet is dêrmei in logyske set sizze foarsitter fan Liet Frans Veltman en einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: “Troch de gearwurking wolle we besykje it Fryske liet nei in heger nivo te tillen. Dielnimming fan de Fryske winner oan it Regio Songfestival en it optreden op in poadium dat lanlik op telefyzje en online te sjen wêze sil, kin in grutte ympuls jaan oan it Frysk liet. It soe geweldich wêze dat in Fryske dielnimmer úteinlik it festival yn Utrecht wint en lanlik by de regionale en lanlike stjoerders te hearren is. We hoopje dat dit Fryske artysten ferliede sil om mei te dwaan oan ús eigen Liet 2023 yn oktober.”

Oanmelde foar Liet én it Regio Songfestival

De finale fan Liet sil plakhawwe op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn. Mei dy nije, en dus eardere, datum is mear romte oant de finale fan it Regio Songfestival.

Oanmelde foar Liet kin hjir en is noch mooglik oant 1 augustus. De finale fan Liet wurdt live útstjoerd op telefyzje by Omrop Fryslân. De úteinlike winner wurdt bepaald troch in profesjonele sjuery en it publyk.

Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken

Liet International 2020 sil ien fan de offisjele aktiviteiten wêze fan de fiering fan it 100-jierrich bestean fan de grins tusken Denemarken en Dútslân, en ek fan de 100e jierdei fan de Dútske minderheid yn Nordschleswig/Denemarken.

Liet International 2020 fynt op 3 en 4 april 2020 plak yn Gazzværket, in populêre konsert- en nachtklub (www.gazzvaerket.dk) yn de stêd Apenrade/Aabenraa yn it suden fan Denemarken.
Liet International 2020 wurdt organisearre yn gearwurking mei Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN), de oerkoepeljende organisaasje fan de Dútske minderheid yn Denemarken.

Continue reading “Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken”

Bruno Rummler wint Liet 2014

Foto: Tjallien Kalsbeek
Yn in grôtfolle Prinsetún hat Bruno Rummler Liet 2014 wûn mei syn nûmer Beppe. “In hiel oprjocht Frysk nûmer op in technysk yngewikkelde, mar flekkeleas spile komposysje,” oardiele de sjuery ûnder foarsitterskip fan Sjoerd Bootsma. Rummler fertsjintwurdigt Fryslân by Liet International op 12 desimber yn it Dútske Oldenburg.

De publykspriis gong nei de formaasje Makkumer Blues Brothers. Foar harren nûmer Wyn krigen sy de Ivan Pel-publykspriis út hannen fan Liet-foarsitter Yvonne Bleize. Yn in sinnige Prinsetún harken sa’n 6000 besikers nei de 10 akts op it Liet-poadium. Omrop Fryslân makke fan alle ferskes opnames, dy’t op 1 en 2 july útstjoerd wurde.

Liet International 2014 yn Aldenboarch (Oldenburg)

Op freed 12 desimber 2014 fynt de 10e edysje fan Liet International plak yn de Noard-Dútske stêd Aldenboarch (Oldenburg). Nei dielname fan de Föfftig Penns oan Liet International 2009 is yn Oldenburg úteinset mei Plattsounds, in Platdútske fariant fan Liet. De organisatoaren fan dit sjongfestival en it teater Kulturetage binne der tige wiis mei dat Liet International 2014 yn Oldenburg plakfine sil. De winner fan ús eigen Fryske Liet sil op 12 desimber Fryslân fertsjintwurdigje yn Oldenburg. Continue reading “Liet International 2014 yn Aldenboarch (Oldenburg)”

Claudia Crabuzza en Claudio Gabriel Sanna fan Sardinië

Soad mediabelangstelling foar earste edysje fan Liet International yn Gijón/Xixón yn Spanje

Op sneon 1 desimber is it Europeeske minderheden sjongfestival Liet International foar it earst yn Spanje,  yn it grutte teater Laboral Ciudad de la Cultura (Kultuerstêd) yn de Astueryske havenstêd Gijón/Xixón. Liet International 2012 presintearret lykas wenst alve finalisten yn alve minderheidstalen. Dit jier binne dat de talen Astuerysk, Baskysk, Bretonsk, it Katalaansk fan Sardinië, Korsikaansk, Friûlysk, Frysk, Skots Gaelic, Platdútsk, Sámi en Oedmoertysk út de Russyske Federaasje. Sjonge yn it Ingelsk, Frânsk of Spaansk is op Liet International net tastien. Liet International is yn 2002 ûntstien yn Fryslân mei as doel om muzyk yn minderheidstalen, en ek dy talen sels, te promoatsjen.

Continue reading “”

10 jier Liet International op it Saailân

De froulju fan SomBy út Finsk Laplân

Songfestival presintearret ‘best of’ mei bands út Astûrië (Spanje), Eastenryk, Finsk Laplân, Fryslân, Ierlân en Udmûrtië (Ruslân) 

Yn 2002 hie Ljouwert de wrâldprimeur fan in bysûnder sjongfestival. By wize fan eksperimint organisearre Stichting Liet ’91 de earste edysje fan Liet International, it sjongfestival foar it bêste nije liet yn in Europeeske minderheidstaal. Op Liet International wurdt net songen yn it Ingelsk, mar yn it Astûrysk, Baskysk, Bretonsk, Friûlysk, Gaelic, Iersk, Katalaansk, Frysk, Meankieli, Sámi (‘Laps’), Sorbysk of Udmûrtysk. De earste edysje luts fuortendaliks de oandacht fan de grutte media. BBC World en CNN makken reportaazjes dy’t oer de hiele wrâld útstjoerd waarden en The Scotsman en de Frankfurter Algemeine Zeitung skreaunen hele pagina’s fol oer Liet International: in nije Europeeske tradysje wie berne.

Tsien jier letter is Liet International útgroeid ta ien fan de grutste en belangrykste eveneminten ta promoasje fan Europeeske minderheidstalen. Der kaam ek offisjele erkenning; sûnt 2008 wurdt it festival organisearre mei de Ried fan Europa as beskermhear en stiper. Nei trije edysjes yn Ljouwert gie it festival op reis nei Sweedsk Laplân, Bretanje en Udine yn Italië. Dit jier is de finale fan Liet International foar it earst yn Spanje yn de havenstêd Gijón yn de streek Astûrië. Yn dy tsien jier binne nije ferskes presintearre yn tsientallen minderheidstalen. Dêr sitte ek hiel lytse talen by lykas it Manks (fan it eilân Man), it Kornysk, it Fepsysk (út Karelië yn Ruslân) en it Fotysk, dat op de grins fan Estlân en Ruslân noch troch sa’n 50 minsken praat wurdt. Yn dy tsien jier binne mei-inoar wol mear as tûzen ferskes yn minderheidstalen nei de organisaasje tastjoerd.

De gemeente Ljouwert woe it jubileum fan it sjongfestival net samar foarby gean litte en hat Liet International útnoege om in kar fan de meast nijsgjirrige artysten fan de ôfrûne tsien jier nei Ljouwert te heljen op it iepeningsfestival fan it Saailân. Liet International hat dy útdaging graach oannommen en presintearret op freed 28 septimber grutsk de folgjende bands: Silent Woo Goore (út Udmûrtië yn Ruslân), Coffeeshock Company (Kroätyske minderheid út Eastenryk), Fiach (Ierlân), SomBy (Sámi út Finlân), Xera (Astûrië yn Spanje), en Janna Eijer (Fryslân).

It festival wurdt om 17.00 oere middeis iepene troch de Ljouwerter muzikant en âld-Lietdielnimmer Sake Hylkema mei in koar fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum. De jûn wurdt om 23.00 oere ôfsletten troch de meartalige formaasje Mala Vita, dy’t earder al in soad yndruk makke op it Befrijdingsfestival en oare grutte festivals yn hiel Europa. De presintaasje fan it festival leit yn hannen fan in ynternasjonaal duo: de Friûlyske DJ Mojra B en de Fryske DJ en radiomakker Willem de Vries.

Continue reading “10 jier Liet International op it Saailân”

Walk in Event oer meartaligens en kultuer

‘Fryslân Connected. Music, People and Multilingualism’.
In ynternasjonaal Walk in Event op freedtemoarn 28 septimber by it Saailân.

Op freed 28 septimber fan 10.00 oant 13.00 oere fynt it ynternasjonaal evenemint ‘Fryslân Connected’ oer meartaligens en kultueroerdracht plak op it fernijde Saailân yn Ljouwert. Dit is fergees tagonklik en is opset nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan Liet International en it 25-jierich bestean fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It programma wurdt yn gearwurking mei it Europeesk Buro foar de Lytse Talen (EBLT) gearstald en is drinze fan ynterviews en muzyk. Dit evenemint is in ûnderdiel fan festiviteiten dy’t yn itselde wykein plak fine, yn ferbân mei de feestlike iepening fan it Saailân.

De tematyk fan it event giet oer meartaligens en de ynfloed hjirfan op kultueruterings, benammen yn muzyk. Foaral ek it perspektyf op de globalisearring en de lokale kultuer komt oan bar. Wethâlder Kultuer Isabelle Diks fan gemeente Ljouwert sil de konferinsje iepenje, dêrnei ynterviews mei gasten út Fryslân likegoed as út oare dielen fan Europa, mei harren eigen ynfalshoeken. Under oare direktrise fan Taalbelied fan Asturias Ana María Fueyo LLaneza en ynternasjonaal kultureel adviseur fan de Kulturele Haadstêd 2018 Rudi Wester sille prate. Sake Hylkema hat it oer Frysktalich muzykteäter dat hy bringt op ferskate skoallen. Elts dy’t hjiroer meiprate wol, of gewoan harkje, is wolkom!
By dit evenemint wurdt ek muzyk brocht en it slút oan by de festiviteiten dy’t letter op ‘e dei plak fine mei âld-winners fan Liet International.

Continue reading “Walk in Event oer meartaligens en kultuer”

Foar it earst East-Fryske band selektearre foar Liet International

Liet International selektearret ferskes yn it Baskysk, Bretonsk, Gaelic, Platdútsk and Udmûrtysk foar finale yn Gijón/Xixón, Astûrië

De seleksjekommisje fan Stichting Liet International en har partners hat fiif ferskes selektearre foar de njoggende edysje fan it sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen, letter dit jier yn Gijón/Xixón, Astûrie. Ut 35 ynstjoerings yn 18 ûnderskate minderheidstalen út alle hoeken fan Europa hat de seleksjekommisje de folgjende fiif bands en solisten selektearre:

Brian Ó hEadhra, Fathainn, Skots Gaelic (Feriene Keninkryk)
Enkore, Muxurik muxu, Baskysk (Spanje)
IB&4SP (Ivan Belosludtsev & 4 Cheber Pios), Tau Tynyd Udmûrtysk (Ruslân)
Lleuwen, Ar Gouloù Bev, Bretonsk (Frankryk)
The Voodoolectric, Slickermuul, East-Frysk (Dutslân)

Continue reading “Foar it earst East-Fryske band selektearre foar Liet International”

Reina Rodina yn Ruslân

Reina Rodina van der Meer foar Liet International nei konferinsje oer kulturele gearwurking yn Ruslân

Op útnoeging fan de Russyske kulturele stichting Russiane is de jonge Fryske sjongeres en muzikante Reina Rodina van der Meer (24) op Twadde Pinksterdei op it fleantúch stapt nei Ruslân om út namme fan Liet International mei te dwaan oan de 6de ynternasjonale konferinsje oer ‘Russysk-Slavyske kultueren en ynterkulturele ynteraksje’. De konferinsje wurdt hâlden yn de stêden Moskou en Bryansk en duorret oant 4 juny. De konferinsje is ornearre foar jong ôfstudearre talint (oant 30 jier) út de wrâld fan de keunsten út Ruslân, de buorlannen fan Ruslân en befreone lannen yn Europa om mei-inoar te praten oer saken as ‘Cultural Identity and Cross-Cultural Communication’, ‘Dialogue of cultures under Globalisation’ and ‘Creative Development of a Person through Art’.

Continue reading “Reina Rodina yn Ruslân”