Literêr Sirkwy

5e Sirkwy sympoasium – 28 maart 2015

Fryslân en de wrâld 2.0
Jonge Friezen mei kulturele ambysje

It biedwurd ‘Fryslân en de Wrâld’ is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy’t de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinaavje en net op Hollân – en mear.

Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip op om har idealen stal te jaan. De bloeitiid fan de Mienskip as organisearre klub duorre net sa lang, mar it losmakke élan late ta wat algemien de ‘Jongfryske beweging’ neamd wurdt. Lês mear…

12 april Sirkwy Sympoasium ‘Alde meuk?’

Foar de fjirde kear is der in literêr sympoasium oer in gearhingjend tema. Yn 2011 en 2012 waarden de lêzingen op mear jûnen hâlden. Ferline jier die bliken dat it foar de measte minsken oantrekliker is om de rige yn ien kear te hâlden op in nijsgjirrch plak.

Dêrom ek yn 2014 in middei mei trije nijsgjirrige lêzingen, ôfwiksele mei muzyk en royaal de gelegenheid om elkoar te treffen en by te praten.

Lêzingen
De 3 lêzingen geane oer it tema ‘klassikers’ –
* wêrom komt it âlde hieltyd werom?
* wa betinkt de literêre proazakanon?
* de Frankfurt-seleksje út ‘10 Books from Friesland’ : in miste kâns? Lês mear…

Pot-ite by poëten

In aksje fan it Literêr Sirkwy mei as tema: sport en iten tidens de âlvestêderintocht.

In rinner – of kuierder – moat goed sportyf wêze, want der sille tidens de âlvestêderintocht hiel wat kilometers fretten wurde moatte. Underweis is it saak om op ‘e tiid wat te iten en foaral te drinken, en jûns hawwe de kuierders ferlet fan in streksum miel en in goed bêd. Mar hoe sit it mei de geastlike stipe?

It Literêr Sirkwy (ûnderdiel fan It Skriuwersboun) heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de âlvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige gelegenheid foar. Dy kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt Ljouwert-Sleat (49,84 km.). Woansdei 8 maaie  wurdt der rûn fan Sleat nei Warkum (44,91 ), Himelfeartsdei fan Warkum nei Frentsjer (42,37 km.), freed 10 maaie fan Frentsjer nei Dokkum (43,33 km.), en de tocht einicht op sneon 11 maaie mei it lêste stikje fan Dokkum nei Ljouwert (28,57 km.)
Lês mear…

 Scroll to top