Nije kursus Skriuwtechniken

Op woansdei 5 oktober start in nije kursus Skriuwtechniken, wêrby’t begjinnende skriuwers yn it Frysk harren technyk ferbetterje kinne. De 12-dielige kursus wurdt jûn troch Arjan Hut út namme fan de Skriuwersfakskoalle, in inisjatyf fan Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 7 septimber is der in fergeze yntroduksjeles.

Yn de kursus Skriuwtechniken leare dielnimmers har eigen skriuwstyl kennen en te eksperimintearjen mei it Frysk as skriuwtaal. Op de Skriuwersfakskoalle krije kursisten les fan saakkundige auteurs en leare se ek fan elkoar. In jier lyn sette in earste groep útein, dy’t fan ’t maitiid in ferfolchkursus folge en dit neijier trochgiet mei it folgjende lesjier fan de oplieding. De kursus foar nije dielnimmers begjint op 5 oktober 2022 en rint oant en mei 8 maart 2023. De tolve lessen binne op woansdeitejûn fan 18.45 oant 21.45 oere by Tresoar.

Foar minsken dy’t belangstelling ha, is der op woansdei 7 septimber in fergeze proefles. Pauline Durlacher, direkteur fan Schrijversvakschool Groningen: “Je krijgt twee opdrachten en gaat daarmee ter plekke aan de slag. Je krijgt commentaar op je tekst en merkt al snel wat zo’n schrijftraining je oplevert.”

Wa’t him/har foar 15 septimber ynskriuwt foar de folsleine kursus krijt 25% koarting op it lesjild fan € 480,-. Oanmelde foar de proefles en de kursus kin op www.skriuwersfakskoalle.frl.

Presintaasje bondel mei blomlêzing LHBTY+-literatuer op Rôze Sneon

‘Do draachst de leafde oan’

Op Rôze Sneon, 16 oktober, presintearje Tresoar, Afûk en Ljouwert City of Literature de bondel ‘Do draachst de leafde oan. Literatuer fan Fryslân troch yn rôze bril’. De bondel befettet poëzy- en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk.

De titel fan de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’, is ûntliend oan in fers fan Tsjits Peanstra.

De rom hûndert opnommen fragminten binne sammele troch in redaksjeteam dat bestie út Jelle Krol, Jantsje Post, Doeke Sijens, Janneke Spoelstra en Tsjerk Veenstra. De âldste tekst is út ’e santjinde iuw, Aan Elisene fan Titia Brongersma. De jongste opnommen skriuwer is Joël Hut, dy’t ferline jier debutearre mei de dichtbondel Börtersgrut. Gedichten en proaza yn it Frysk of in Fryske streektaal binnen oerset nei it Nederlânsk. De fragminten dy’t oarspronklik Nederlânsktalich wiene, binne oerset nei it Frysk.

Fanwegen koroana is de Rôze Sneon, en dêrmei ek de blomlêzing, oan twa kear ta ferskood. Dat hat ek wat goeds opsmiten, want in lettere deadline hat noch aardich wat nije gedichten en proazafragminten oplevere. Wa’t no siket nei LHBTY+-literatuer út Fryslân hat mei dizze blomlêzing hoe dan ek in moai begjin yn hannen.

De bondel wurdt op sneon 16 oktober om 14.00 oere by Tresoar yn Ljouwert presintearre.
By de presintaasje wurdt Janneke Spoelstra ynterviewd oer it tastânkommen fan de bondel en drage Roel Slofstra en Joël Hut foar út de bondel. Jelle Krol, dy’t it inisjatyf foar de bondel naam, sil it earste eksimplaar oan Sipke Jan Bousema oerlangje. Muzyk is der fan Minke Soolsma; de presintaasje is yn hannen fan Doeke Sijens.

Wa’t op sneon 16 oktober oanwêzich wêze wol, kin him/har opjaan by Tresoar (info@tresoar.nl). De bondel is by de presintaasje te keap (€ 35,00) en dêrnei te keap by de Afûkwinkel en -webshop.

Open call: workshop foardrachtskeunst foar skriuwers en dichters

Wolst tips en trúks om sa foar te dragen dat it publyk dy de wurden wol út ‘e mûle helje wol? It geheim achter it goed brûken fan stiltes yn dyn foardracht? Ljouwert City of Literature en Tryater jouwe fan tongersdei 23 septimber ôf in workshoprige fan fiif jûnen foardrachtskeunst foar profesjonele skriuwers en dichters. De oanmelding is no iepen.

Yn dizze workshoprige ûndersikest op boartlike wize de mooglikheden om in tekst oer te bringen. Silst mei akteur en teaterdosint Karel Hermans oan ‘e gong mei dyn eigen teksten, poëzy of proaza, yn hokker taal ast mar wolst. Yn fjouwer gearkomsten fynst út wêr’t dyn kwaliteiten lizze en wêr’tst oan wurkje kinst. It giet benammen om wille en ferbyldingskrêft. Yn de workshops is oandacht foar hâlding, it brûken fan stim, ynterpretaasje en teatertechnyk. Dit is it ark foar in goeie foardrachtskeunstner. Op 14 oktober jouwe de dielnimmers in optreden foar publyk.

Ljouwert UNESCO City of Literature ynvestearret yn in profesjoneel literêr klimaat yn Ljouwert en Fryslân en organisearret dizze workshop yn it creative writing programme. Profesjonele skriuwers en dichters kinne harren foar 18 juny fergees oanmelde op www.leeuwardencityofliterature.nl. Meidwaan is fergees. De organisaasje makket in seleksje út de oanmeldingen en lit yn de wike fan 21 juny witte oftst meidwaan kinst. Bist selektearre, dan wurdst by alle gearkomsten ferwachte: de workshopjûnen op 23 septimber, 30 septimber, 7 oktober en 13 oktober fan 19:30 oant 22:00 oere en de presintaasje op 14 oktober fan 19:00 oant 20:00 oere. Lokaasje: Tryater, Oostersingel 70, Ljouwert.

Foto: Ruben van Vliet