Libbene besite Committee of Experts Ried fan Europa oan Nederlân

SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts
SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts

De Committee of Experts fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen fan de Ried fan Europa brocht dizze wike in bysûnder libbene besite oan lidsteat Nederlân. De kommisje besteande út Vera Klopčič út Slovenië, Päivi Majaniemi út Finlân en âld-Europarlemintariër Marieke Sanders-Ten Holte wie yn Nederlân om te hifkjen yn hoefiere lidsteat Nederlân him hâldt oan it Europeesk Hânfêst. Dat barde ûnder mear yn de foarm fan harksittings yn Grins (oer it Nedersaksysk), Ljouwert (oer it Frysk en Biltsk) en Den Haach (oer it Papiamentu en Romanes). Fansels wie der yn Den Haach ek oerlis mei fertsjintwurdigers fan de Ryksoerheid.

Opmerklik wie it wiidweidich omtinken fan de kommisje foar twa talen dy’t oant no ta noch net beskerme wurde troch it Hânfêst. Yn Ljouwert waard de statusoanfraach foar it Bilts taljochte troch de gemeente It Bilt en ek troch foarsitter Froukje de Jong-Krap fan it EBLT. De kommisje toande hjirby in soad begrip foar de oanlieding om in offisjele status foar it Bilts oan te freegjen. Neffens it Hânfêst mei de posysje fan in taal noait ferswakt wurde troch weryndieling of de feroaring fan administrative grinzen. En dochs is krekt dit ien fan de grutste problemen yn lidsteat Nederlân. Fanwege de fúzje mei oare rjochtbanken kin it Frysk geregeld net brûkt wurde op de Ljouwerter rjochtbank, op Bonêre stiet it Papiamentu ûnder druk sûnt it eilân streekrjocht troch Den Haach wurdt bestjoerd en op it Bilt meitsje ynwenners har soargen oer de posysje fan it Bilts yn de grutte nije gemeente Waadhoeke.
Continue reading “Libbene besite Committee of Experts Ried fan Europa oan Nederlân”

Marieke Sanders: Evaluatie is de kern van het Handvest

Marieke Sanders yn Tresoar (foto Fryske Akademy, Richard de Boer)

De waarde van het Handvest voor Regionale en Minderheidstalen wordt eigenlijk bepaald door de driejaarlijkse evaluatie. Dat zei Marieke Sanders van de Committee of Experts van de Raad van Europa vrijdag in Leeuwarden. Oud-Europarlementariër Sanders (VVD) ontving hier een position paper van het EBLT naar aanleiding van het feit dat Nederland maar liefst één jaar te laat is met het inleveren van het driejaarlijkse rapport bij de Raad van Europa. “Nederland was ooit één van de eerste vijf landen die het Handvest ratificeerde. Dan is het eigenlijk wel schandalig dat Nederland al voor de tweede keer al meer dan één jaar te laat is”, zei Sanders bij Tresoar.

Volgens de ervaring van Sanders is regelmatige en tijdige evaluatie van het Handvest essentiëel om een goede dialoog tot stand te brengen tussen overheid en minderheden. In de praktijk worden juist vlak voor, tijdens en na de driejaarlijkse evaluatie afspraken gemaakt om problemen aan te pakken. In Nederland zijn er momenteel voldoende issues die volgens Sanders om aandacht vragen. De oud-politica noemde onder meer de positie van het Fries bij de rechtbank, de onzekere toekomst van Omrop Fryslân en de positie van het Nedersaksisch.

Continue reading “Marieke Sanders: Evaluatie is de kern van het Handvest”

EBLT “bot yn noed” oer Nederlânske minderheidstalen

De keamerleden Lutz Jacobi en Magda Berndsen mei Onno Falkena en Tryntsje van der Veer fan it EBLT (Foto: Fryske Akademy, Richard de Boer)

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) sit bot yn noed oer de hâlding fan it Nederlânske regear oangeande de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ECRML) en it Ramtferdrach fan ’e Rie fan Europa foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (FCNM) yn Nederlân.

Nederlân hat sa goed as neat dien mei de oanbefellingen dy’t de Rie fan Europa op it mêd fan minderheidstalen opsteld hat yn oktober 2012. Sa is der noch hieltyd gjin sprake fan in strukturele dialooch tusken Den Haach en organisaasjes fan sprekkers fan minderheidstalen. Dêrneist hat it regear gjin dúdlik belied ûntwikkele oangeande it beskermjen en befoarderjen fan ’e Nedersaksyske taal. De takomst fan ’e regionale stjoerder Omrop Fryslân stiet ûndertusken faai, wylst de posysje fan radio en telefyzje yn it Frysk as twadde rykstaal nearne fêstlein is yn ’e aktuele Mediawet. Continue reading “EBLT “bot yn noed” oer Nederlânske minderheidstalen”