De Ried fan de Fryske Beweging wol dat de meldkeamers, dy’t tillefoantsjes krije fan minsken út Fryslân dy’t help nedich binne, yn de praktyk folslein meartalich (Frysk én Nederlânsk) wurkje kinne. De Ried (RFFB) hat dêrta, op fersyk fan boargemaster Crone sels, op in rychje setten wat dêrfoar nedich is. It brief mei de oanbefellings komt nei de reboelje dy’t der al in stikmannich kear west hat, dat nei oanlieding fan klachten oer it minne taalbelied fan de meldkeamer. It bestjoer fan de Ried hat in petear mei Crone, foarsitter fan de feilichheidsregio, hân en op in rychje setten hoe’t yn de takomst nije ynsidinten foarkommen wurde kinne.