Mercator’s Meartaligens Lêzing: Hoe’t taallearders ‘flow’ ûnderfine yn frjemdetaallessen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen organisearret op tiisdeitemiddei 22 novimber de online Mercator Meartaligens Lêzing 2022 mei sprekker Professor Jean-Marc Dewaele (Birkbeck): ‘Hoe’t taallearders ‘flow’ ûnderfine yn frjemdetaallessen.’

Hoe’t taallearders ‘flow’ ûnderfine yn frjemdetaallessen

It konsept flow waard yntrodusearre troch psycholooch Csíkszentmihályi (1990) en ferwiist nei in harmonieus oardere bewustwêzen wêrby’t tinzen, hannelings en emoasjes opinoar ôfstimd reitsje by it útfieren fan in útdaagjende taak. Nettsjinsteande tanimmende belangstelling foar de emoasjes fan frjemdetaallearders, begjinnend mei Dewaele en MacIntyre (2014), is it ûnderwerp flow navenant noch altyd net bot ûndersocht yn tapast taalkundich ûndersyk. Flow is wichtich, want it wurket ferslaavjend en hat sterk motivearjende kwaliteiten (Piniel & Albert, 2019; Dewaele, Saito & Halimi, 2022).

Yn syn presintaasje jout Dewaele in oersjoch fan it nijste ûndersyk nei de ûnderfinings fan flow by frjemdetaallearders. Hy lit fierder sjen hoe’t dy ûnderfinings troch de tiid hinne tanimme yn frekwinsje en yntinsiteit en hoe’t sy beynfloede wurde troch positive en negative emoasjes en troch de learkrêft (Dewaele & MacIntyre, 2022a; Dewaele & MacIntyre, 2022b). Flow is benammen fan belang yn frjemdetaallessen, want it helpt taallearders om oer har selsbewustwêzen en skrutelens hinne te kommen.

Sprekker

Jean-Marc Dewaele is professor Tapaste Taalkunde en Meartaligens oan Birkbeck, Universiteit fan Londen. Hy is de haadredakteur fan it Journal of Multilingual and Multicultural Development, foarsitter fan de International Association for the Psychology of Language Learning, en hy ûntfong ûnder mear de Distinguished Scholar Award (2022) fan de European Second Language Association.

online lêzing

Tiisdei 22 novimber, fan 16:00-17:00 oere op Zoom. Tagong is fergees, mar registrearje is ferplichte. Registrearje kin fia dizze link.

De taal fan de lêzing is Ingelsk.

Fiering Europeeske Dei fan de Talen

Wy sjogge werom op in moaie middei om de Europeeske Dei fan de Talen, European Day of the Languages, te fieren op 26 septimber.

Taalynklusyf ûnderwiis stie yn de skynwerpers mei sprekkers Hilda Heyde en Janke Singelsma fan de Rutu Foundation en Lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid (NHL Stenden Hegeskoalle ).

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma skreau in gedicht spesjaal foar dizze dei en muzyk klonk der fan Grunneger Troebadoer Jan Henk de Groot.

Fiering Europeeske Dei fan de Talen

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum fiere op 26 septimber it taalferskaat yn Nederlân en Europa

Op moandeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen mei spesjale oandacht foar in meartalige learomjouwing. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma en trûbadoer Jan Henk de Groot sille harren talen klinke litte mei poëzy en muzyk.

Meartalige learomjouwing

Sprekkers Hilda Heyde fan de RUTU-foundation en Janke Singelsma fan NHL-Stenden Hegeskoalle sille sprekke oer de ynklúzje fan talich ferskaat op ’e (basis)skoalle. Heyde sil it projekt ‘Language Friendly Schools’ fan de RUTU-foundation taljochtsje en Singelsma sil it koartby ferskynde boek ‘Talenbewust lesgeven: Aan de slag met talige diversiteit in het basisonderwijs’ presinstearje.

Dichter fan Fryslân en Grinzer muzyk

It talige ferskaat is de middeis ek werom te hearren yn poëzy en muzyk. Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslân hat spesjaal foar de Europeeske Dei fan de Talen in gedicht skreaun, dy’t sy  fansels foardrage sil. Grinzer trûbadoer Jan Henk de Groot sil de muzyk fersoargje.

Europeeske Dei fan de Talen

Europeeske Dei fan de Talen, in inisjatyf fan de Ried fan Europa, wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd en stiet yn it teken fan meartaligens en taallearen. Der binne mear as 200 Europeeske talen en dêrfan binne njonken de offisjele talen likernôch 79 talen erkend fan mei-inoar 204 minderheidsgroepen, lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

Wolkom

It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. De ynrin begjint om 15:00 oere en om 15:30 oere set it programma útein. De middei wurdt ôfsletten mei in hapke en in drankje.

Lokaasje: Gysbert Japicxseal, Tresoar. Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Graach sjogge wy jo opjefte temjitte by it sekretariaat fan it EBLT fia dit formulier

Kongres “Vormgeven aan duurzaam en inclusief onderwijs – waar onderwijs en onderzoek elkaar ontmoeten”

Op freed 30 septimber organiseaje de lektoaraten fan de ûndersyksgroep Edukaasje fan NHL Stenden Hogeschool it kongres “Vormgeven aan duurzaam en inclusief onderwijs – waar onderwijs en onderzoek elkaar ontmoeten” yn de Kanselarij yn Ljouwert.

Er liggen grote uitdagingen op het gebied van duurzaam en inclusief onderwijs. Professionals binnen onderwijs en onderzoek ervaren allemaal deze uitdagingen, zowel binnen als buiten het klaslokaal. De toenemende ongelijkheid geeft reden tot actie: initiatieven voor gelijke onderwijskansen. In de zoektocht naar de oplossing voor deze situatie groeit de aandacht voor inclusief onderwijs en de onderzoeksgroep Educatie wil hier samen met jou aan bijdragen. Daarom de vraag: Hoe kunnen wij vormgeven aan duurzaam en inclusief onderwijs?

De kosten foar dielname oan it kongres binne €50. Dielname foar studinten is fergees.

It folsleine programma is hjir te finen.

Moi Meertmoand!: n moand vol Grunnegs in Stad en pervinzie

Laifhebbers van de Grunneger toal en cultuur kinnen in maart heur haart ophoalen. Centrum Groninger Taal & Cultuur (CGTC) komt tiedens de Meertmoand Streektoalmoand mit n moand vol activiteiten rondom de Grunneger toal en cultuur: Moi Meertmoand!. Mit verschillende prizzentoatsies rondom t Grunnegs, Grunneger verhoalenvertellers, de Wiesneus veur basisschoulen, n online open podium, n kenniscafé over meertoaleghaid én n Grunneger Oavend.

Dialect Digitaal: oratie Martijn Wieling

Op vrijdagmiddag 4 maart trapt Martijn Wieling, biezunder hoogleroar Nedersaksische/Groningse toal en cultuur, af mit zien oratie in t Academiegebaauw van de Rijksuniversiteit Grunnen. In zijn lezen Dialect digitaal: nieuwe kansen voor streektaalgebruik en -onderzoek beproat Wieling digitoale technieken doarmit hai en zien team waitenschoppers de varioatsie en verandern in t Nedersaksisch onderzuiken. De oratie is live en online bie te wonen. Aanmelden kin tot 25 feberwoarie. Meer informoatsie

Wiesneus en verhoalenvertellers in de klas

Ook dit joar konden basisschoulen zich aanmelden veur t Grunneger kindertiedschrift Wiesneus. Roem 60 basisschoulen in Grunnen hebben t magazine aanvroagd. Van 7 t/m 11 maart presenteert CGTC meer Grunnegs in de klas mit Verhoalenvertellers in de klas. Collectief Kom op Verhoal, Frank den Hollander, Peter de Haan, de Giezelbaargbloazers, Bert Hadders, mulder Jan Kugel en vertelster Ina de Raad goan mit verhoalen op pad laans basisschoulen in Stad en ommelaand.

Grunneger Oavend

In t Forum in Stad vindt zotterdagoavond 19 maart de Grunneger Oavend ploats: n oavond in t Grunnegs, over t Grunnegs en over aal wat mit t Grunnegs van doun het. In n twij uren durend quizpergram mit schaarpe vroagen aan t publiek over de Grunneger taal en cultuur, mit live muziek, poëzie, theater en nog veul meer. Mit host Marieke Klooster (o.a. Vrouw Holland) en studiogasten Alex Vissering, Esmé van den Boom, Herman Sandman, Myron Hamming en theatergroep WAARK. Meer informoatsie en tickets.

Marieke Klooster. foto: Robin Plomp

Live streaming: Platform F.

Kenniscafé Op dunderdag 24 meert organiseert Studium Generale mit CGTC t Kenniscafé Meer dan één taal. In t Forum gaait Alex van den Berg aan de proat mit Grunneger experts over meertoaleghaid. Hoogleroar Engelse Toalkunde Merel Keijzer dut onderzuik noar t effect van meertoaleghaid op de hazzens. Kunstenoar Ahilan Ratnamohan onderzuikt in zien project Pidgin X de sozioal-culturele en emotionele aigenschoppen van n taal. Streektoalconsulent Olaf Vos dut ter alles aan om t Grunnegs in leven te loaten deur streektoalonderwies en Grunneger zangeres Josien Bakker treedt op. Meer informoatsie en tickets

Open Podium

In de Meertmoand Streektoalmoand gebeurt ter nog meer rondom t Grunnegs, onder meer n online broescursus Grunnegs geven deur Piet Reitsema, de Stoatenvergoadn in t Grunnegs en elke dinsdag in maart is der Loat die zain, loat die heuren!: t online open podium van CGTC. Bist muzikant of schriever en is dien Grunnegs laid, verhoal of gedicht kloar veur t grode pebliek? Stuur n filmpke van dien optreden noar info@cgtc.nl en wel wait komt dien inzenden veurbie op onze socials. Veur meer informoatsie over de Meertmoand activiteiten van CGTC kiek op www.cgtc.nl.

Win twa kaartsjes foar de film op Memmetaaldei!

De earste twa minsken dy’t harren oanmelden hawwe elk twa kaartsjes wûn! Fan herte lokwinske.

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op op 21 febrewaris organisearje it EBLT en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Sliker Film de premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen. De film draait moandei twa kear; om 14:30 oere en om 20:00 oere.

Mochten jo net ien fan de winners wêze, by Slieker Film kinne jo in kaartsje keapje.

© Bund Deutscher Nordschleswiger

De kaarten kinne net ynwiksele wurde foar jild of oare produkten. Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Game fan Mercator/ Fryske Akademy wint Belgyske designpriis

De meartalige augmented reality game ‘BabelAR’, ûntwurpen troch in kollektyf fan kennisynstituten út Fryslân, België, Baskenlân en Ierlân, hat de earste priis wûn yn de kategory Digital Product fan de prestizjeuze Belgyske designpriis Henry van de Velde Awards. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, wie de koördinator fan VirtuLapp, it projektkollektyf dat de game ‘BabelAR’ betocht en ûntwikkele hat. NHL Stenden Hegeskoalle wie teffens nau belutsen by it projekt as associate partner.

Henry van de Velde Awards

De Henry van de Velde Awards binne de meast prestizjeuze designprizen yn België. De Awards, ferneamd nei de belangrike ûntwerper, foarmjouwer en arsjitekt Henry van de Velde, toane en lauwerje sawol nasjonaal as ynternasjonaal Flaamske ûntwerpers, bedriuwen, produkten, projekten, tsjinsten en systemen dy ‘t in positive ympakt hawwe op de maatskippij, it miljeu en de ekonomy.

De útrikking wie tiisdei 8 febrewaris yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel. De Flaamske game-ûntwikkeler fan it VirtuLApp-projekt hat de priis yn ûntfangst nommen. De organisaasje wie yn hannen fan Flanders District of Creativity (Flanders DC) en it Vlaams Agentschap Innoveren & Ondernemen (VLAIO).

De priis is in trofee en de bysûndere mooglikheid om it winners-logo fan de Henry van de Velde Awards te brûken yn alle kommunikaasje-uteringen. Oant 10 april 2022 is BabelAR ek noch te sjen op in spesjale design-eksposysje yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel.

BabelAR

De game ‘BabelAR’ is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld. Yn dizze augmented reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. De game is makke yn 14 talen, wêrûnder it Frysk en it Nederlânsk, en fergees del te laden op iOS en Android.

It spultsje is ûntwikkele binnen VirtuLApp, in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma. De projektkoördinaasje wie yn hannen fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens. De projektpartners binne, neist Mercator, ATiT (Audiovisual Technologies, Informatics and Telecommunications) út België, Luca School of Arts út België, Trinity College Dublin út Ierlân en de Universiteit fan it Baskenlân/ Euskal Herriko Unibertsitatea út Spanje. Prof. Joana Duarte, lektor Meartaligens en Skriftlike Taalfeardigens op de NHL Stenden Hegeskoalle wie nau belutsen by it projekt en de game.

Oer it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen  

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje. As ûndersyksynstitút makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy’t de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartalichheid. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en nijsgjirrige ûntjouwings út minderheidstaleregio’s tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân.  

Mercator harkkolleezje meartaligens 2021

Wy prate, sy harkje – Oer de rol fan taalbleatstelling yn betide meartalige ûntwikkeling. Dr. Krista Byers-Heinlein sil sprekke op it Mercator harkkolleezje meartaligens 2021, dat holden wurdt op 26 novimber.

Oer de hiele wrâld binne der in protte bern dy’t twa- of meartalich opgroeie en dy’t harren fan jongs ôf oan twa of mear talen eigen meitsje. De omstannichheden fan meartalige taalomjouwingen ferskille foar elk bern. It is belangryk om te begripen hoe’t dy ferskillen yn taalomjouwing ynfloed ha op de wize hoe’t de bern harren talen oanleare.

It harkkolleezje

Sprekker Dr. Krista Byers-Heinlein: Yn dizze presintaasje sil ik de rol beljochtsje fan taalkwantiteit en taalkwaliteit by it learen fan in taal en dan benammen troch bern fan 0 oant 5 jier âld. Om de rol fan kwantiteit te begripen lit ik sjen dat pjutten en beukers harren meartalige taalakwisysje ôfstimme op hoefolle sy fan elke taal hearre (taalinput). Dat doch ik mei resultaten fan ûndersiken nei spraakpersepsje, online wurdbegryp en wurdskatûntwikkeling fan sawol twataligen as trijetaligen. Om de rol fan kwaliteit te begripen sil ik my konsintrearje op de ynfloed fan code-switching, oftewol it skeakeljen tusken twa as mear talen, op it taallearen. Dat doch ik ûnder oaren troch nei de soarten fan code-switching yn uteringen fan âlden te sjen. Ek presintearje ik de resultaten fan ûndersiken oer de ferwurking fan uteringen mei code-switching troch twatalige beukers. De presintaasje wurdt ôfsletten mei in diskusje oer wat dy ynsjoggen betsjutte foar it taalbelied en de professionals dy’t mei jonge meartalige bern wurkje.

Oer de sprekker

Dr. Krista Byers-Heinlein is heechlearaar by de ôfdieling psychology op ’e Concordia University yn Montreal, Kanada. Sy beset de learstoel Concordia University Research Chair in Bilingualism and Open Science. Se jout dêr ek lieding oan de Concordia Infant Research Lab.

Mercator harkkolleezje meartaligens 2021

Datum: Freed 26 novimber 2021
Tiid: 16.15-17.30 oere
Lokaasje: Zoom (it bywenjen fan it harkkolleezje is fergees, mar registraasje is nedich)
Taal fan it kolleezje: Ingelsk

Mear ynformaasje

Kongres oer meartaligens, taalferskaat en digitale middels 2 en 3 novimber

Elk wurdt fan herte útnûge foar it lêste evenemint fan it VirtuLApp-projekt op 2 en 3 novimber yn Ljouwert, dat organisearre wurdt troch Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy).

Virtual Language App, koartwei VirtuLApp, is in ynternasjonaal projekt mei Europeeske stipe en ûntwikkelet in ynnovative meartalige en multydidaktyske oanpak dy’t learkrêften brûke kinne yn ’e klasse om de learlingen harren talen wolkom te hjitten.

De projektútkomsten wurde presintearre om learkrêften te stypjen mei sawol de kennis en middels. Dat binne bygelyks de digital toolkit foar learkrêften en BabelAR, de meartalige Augmented Reality game foar taalbewustwêzen.

De haadtema’s binne ûnderwiis en meartaligens as ek taalferskaat en technology yn de klasse. Sprekkers binne ûnder oaren prof. Durk Gorter (Universiteit fan it Baskelân), prof. dr. Joana da Silveira Duarte (NHL-Stenden Hegeskoalle) en dr. Mirjam Günther-van der Meij (NHL-Stenden Hegeskoalle).


2 novimber 13:30-17:30oere
3 novimber 10:00-16:00 oere

Oranje Hotel, Ljouwert
Tagong fergees, opjefte ferplichte.

Opjefteformulier, it programma en mear ynformaasje is hjir te finen.

Webinar: Welcome back to the Multilingual Classroom!

Op 15 septimber is der in ynteraktive webinar fan it projekt VirtuLApp. De webinar is der foar elk dy’t nijsgjirrich is nei lesjaan en de meartalige klasse.

  • Learkrêften sille harren ûnderfining mei de meartalige klasse diele,;
  • middels om learkrêften te stypjen sil taljochten wurde;
  • de meartalige game BabelAR sil demonstrearre en taljochten wurde

De webinar hat online plak op woansdei 15 septimber, fan 15:00 oant 17:00 oere. De fiertaal is Ingelsk en opjefte is fergees.

VirtuLApp is in projekt om dosinten de kennis en middels te jaan om meartaligens wolkom te hjitten op de basisskoalle. It wurdt koördinearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum, dat ûnderbrocht is by de Fryske Akademy.

Sjoch op de webside fan VirtuLApp foar mear ynformaasje oer it projekt en om dy op te jaan foar de webinar.