Meartaligens yn Fryslân

In enkête oer meartaligens yn Fryslân dy’t troch Partoer ôfnommen is by it Frysk boargerpanel hat útwiisd dat meartaligens in wichtich ûnderwerp is dat in soad minsken oangiet. De wichtichste útkomsten binne:
– De helte fan de panelleden praat alle dagen twa, trije of mear talen. It giet meastentiids om Frysk en Nederlânsk.
– Ien op de fjouwer panelleden behearsket it Frysk hiel goed of goed op papier.
– Trijekwart fan de panelleden kin hiel goed of goed Ingelsk ferstean. Continue reading “Meartaligens yn Fryslân”

Ynternetkonsultaasje 15% Ingelsk, Dútsk of Frânsk op de basisskoalle

Foto: Mercator Research Centre
De Ryksoerheid freget fia de saneamde “Internetconsultatie” om reaksjes op it wetsfoarstel om njonken it Nederlânsk ek oare Europeeske talen ta te stean as ‘dielfoertaal’ yn it basisûnderwiis. It giet om in wetswiziging fan artikel 9, tsiende lid, fan de “Wet op het primair onderwijs” en artikel 18 fan de “Wet op de expertisecentra” om skoallen de mooglikheid te jaan ta 15% fan de ûnderwiistiid yn it Ingelsk, Dútsk of Frânsk oan te bieden.

Mocht dit ûnderwerp jo tige oansprekke, dan kinne jo fan de ynternetkonsultaasje gebrûk meitsje fia dizze link. Jo kinne reagearje oant ‘e mei 13 maaie.

Nederlân taalt net nei taal

Yn ’e perioade fan tanimmende taalfariaasje leit de Nederlânske oerheid de klam op it Nederlânsk; benammen foar ymmigrantetalen is mar in bytsje romte. Dat is ien fan ’e befiningen út it Language Rich Europe-ûndersyk nei meartaligens, dêr’t hjoed de resultaten fan presintearre wurde.

As ûnderdiel fan in grut ynternasjonaal projekt, Language Rich Europe, dat it taalbelied en de praktyk yn 20 Europeeske lannen ûndersocht, binne Nederlân en dêryn de provinsje Fryslân ûnder de loep nommen. Hoefolle foarsjenningen binne der foar it Nederlânsk en foar oare talen? Hokker rol spilet taal yn it bedriuwslibben? Hoe is it taalûnderwiis regele? Yn Nederlân wurdt in protte omtinken jûn oan it Nederlânsk en dêrneist oan it Ingelsk; oare frjemde talen komme minder oan bar en foar ymmigrantetalen is mar in bytsje romte. It Frysk dêrfoaroer makket yn Fryslân as offisjele taal ûnderdiel út fan it ûnderwiis en ek yn oare domeinen is belied spesifyk op ’e Fryske taal rjochte.

Continue reading “Nederlân taalt net nei taal”