Meslânzers

De Folkshegeskoalle op Skylge organisearret in arranzjemint oer eilântalen yn it ramt fan LF2018

Mei fertellingen, film en de foarstelling ‘Pineboek’, in bewurking fan ‘De ynbylde sike’ fan Molière yn Aester dialekt.

Yn it wykein fan 17 novimber steane de libbene Skylger dialekten sintraal op de Folkshegeskoalle. Skylge hat mar leafst trije ûnderskate dialekten: it Meslânzers, it Aasters en it Westers. It Meslânzers is it dialekt fan Skylge mei it Nederlânsk as basis, de oare Skylger dialekten hawwe it Frysk as basis. Taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy geat yn op de ûntjouwing fan dy lytse talen.
It programma fan twa dagen bestiet dêrneist út film, in kulturele kuier nei in einekoai en fansels it komyske toanielstik ‘Pineboek’ troch de Aaster Joonpraters.
It binne twa dagen fol taal en kultuer foar minsken mei taalgefoel en gefoel foar humor. Folslein fersoarge, yn de ûntspannen omjouwing yn de bosk by it strân. Lês mear…

 Scroll to top