Nijntje

Europeeske Taledei 2020

Op 26 septimber fierden wy de Europeeske Taledei, in dei dat sûnt 2001 de meartaligens en it taalferskaat yn Europa fierd.

Yn de riedseal fan gemeente Waadhoeke, dy’t deselde deis kampanje fierde om “mooi dyn aigen taal” te praten, hearden wy it ferskaat oan taal yn Nederlân mei optredens fan Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, muzyk fan Bilkert Jan de Vries en ‘Nijntje in it Franekers.’

Sjoch hjirûnder it evenemint wer werom!

Foarsitter Froukje de Jong iepenet de moarns

Jan de Vries sjongt

Tsead Bruinja mei Onno Falkena

It publyk lit harren talen sjen

Roelina Tuinstra fertelt út Nijntje in ut Franekers

 

It evenemint foar Europeeske Taledei waard organisearre troch in gearwurkingsferbân fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.

Ljouwerter Krante, 28 septimber 2020

Omrop Fryslân, 26 septimber 2020. Klik op de foto om nei it oarspronklik berjocht op Omrop Fryslân te gean.

 

Wês der by, digitaal of yn Frjentsjer, op de Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, dy’t fertelle sil oer ‘Nijntje in it Franekers’

Foto’s makke troch: Tessa Posthuma-de Boer, David Vroom, Baukje Venema.

Fanwegen de feiligens is der beheind plak foar publyk. Dêrom freegje wy om de ferplichte opjefte troch te jaan by t EBLT

Digitaal is it gehiel ek live te sjen! Dat kin op de webside fan gemeente Waadhoeke

Graach oant sneon, 11:00 oere, yn Frjentsjer of digitaal!

 

Organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum/Fryske Akademy, yn gearwurking mei gemeente Waadhoeke en City of Literature Ljouwert.

 

Nijntje spreekt nu ook Papiaments!

Bij uitgeverij Bornmeer verschijnt een nieuwe vertaling van nijntje: nijntje na laman na Papiamentu. Het boekje is de Papiamentse vertaling van de klassieker nijntje aan zee in de wereldberoemde reeks van Dick Bruna. 2015 is het Dick Bruna-jaar, het is dit jaar namelijk 60 jaar geleden dat er voor het eerst een nijntje-boek verscheen. Dit jaar zullen er verschillende activiteiten worden georganiseerd rond dit jubileum.

In nijntje na laman na Papiamentu gaat nijn met vader Pluis naar het strand: ‘Riba un dia tata pluis di, ken di boso ke ban, ban keiru den dùin i na playa, ban keiru na laman.’ Het boek zal worden aangeboden aan de Gevolmachtigde Minister van Curaçao, mevr. M. Wiels en aan de Gevolmachtigde Minister van Aruba, dhr. J.A. Boekhoudt. De presentatie vindt plaats in het Arubahuis in Den Haag. Ook vertegenwoordigers van de stichting SPLIKA zullen aanwezig zijn bij de presentatie. SPLIKA staat voor Stimulá (het stimuleren van) Papiamentu (het Papiaments), Literatura (van de literatuur) i Informashon (en de informatie) riba Kultura (over de cultuur) di Antianan abou (van de Antilliaanse Benedenwinden). SPLIKA stimuleert het gebruik van het Papiaments en zet zich in voor de Antilliaanse cultuur. Lês mear…

Nijntje ek yn it Stellingwerfsk

Foto: Bornmeer

Ien fan de Nijntje-boekjes ferskynt yn it Stellingwerfsk. It giet om pake en beppe Pluus. Dêryn giet Nijntje op ‘bezuuk’ by pake en beppe Pluus. Skriuwer Johan Veenstra hat it oersetten fanút it Nederlânsk. It boekje leit fan tongersdei 28 augustus ôf yn de boekwinkels. It ferskynt by de Fryske útjouwerij Bornmeer. Dêr ferskynde Nijntje earder al yn oare streektalen, lykas it Twintsk, it Sieusk en it Brabânsk. Dat wie in grut sukses.

Boarne: Omrop Fryslân

 Scroll to top