Steaten: koartsje Omrop minder

Foto: Omrop Fryslân
De 17 miljoen euro dy’t it Ryk mei yngong fan 2017 besunigje wol op alle regionale omroppen yn Nederlân, moat net ‘evenredig’ tapast wurde op Omrop Fryslân. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten woansdei. Omrop Fryslân is de iennichste regionale omrop dy’t yn it Frysk útstjoert en moat dêrtroch in bredere programmearring ha. Dêr heart ek Frysktalich ‘entertainment’ by en net allinne ynformaasje- en kultuerprogramma’s, sa’t steatssekretaris Sander Dekker wol. Continue reading “Steaten: koartsje Omrop minder”

Koster tefreden oer Mediawet

Foto: Omrop Fryslân
Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is “rûchwei tefreden” oer de nije Mediawet dy’t steatssekretaris Sander Dekker moandei presintearre. Dêryn stiet ûnder oare dat de yntegraasje fan de regionale stjoerders mei de NPO fan de baan is. Ek soenen der mear regionale items op lanlike stjoerders te sjen wêze moatte.

Dekker fynt dat de posysje fan de regionale sjoernalistyk hieltyd wichtiger wurdt, om’t provinsjes en gemeenten mear taken krije fan it Ryk. Wol moatte de regionale omroppen efter de skermen mear gearwurkje om kosten te besparjen. Continue reading “Koster tefreden oer Mediawet”

Froskepôle op Drinte en Noard

Foto: Omrop Fryslân
De muzikale streektaalprogramma’s fan de trije noardlike regionale omroppen sille takom wike tongersdei mei-inoar in radioprogramma meitsje. De útstjoering wurdt dien út de studio’s fan Omrop Fryslân yn Ljouwert wei. Presintator Gurbe Douwstra sil mei kollega Bert Kamping fan RTV Drenthe en Henk Scholte fan RTV Noord twa oeren lang muzyk yn it Frysk, Grinslânsk en Drintsk draaie.

Der is ek live-muzyk yn de trije talen. Oanlieding fan it spesjale programma is de 1500e útstjoering fan Radio Froskepôle.

De útstjoering is tongersdei 19 juny te beharkjen tusken 18:00 en 20:00 oere op Omrop Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

CU yn aksje foar omrop yn EP

Foto: Omrop Fryslân
De Europeeske fraksje fan de ChristenUnie makket him sterk foar in ûnôfhinklike posysje fan Omrop Fryslân. Dat seit CU-listlûker Peter van Daalen. Yn de nije Mediawet steane plannen om de regionale stjoerders ûnder te bringen by de Nederlânske Publike Omrop NPO. Dy kin dan bepale wannear’t wat útstjoerd wurdt. Dêrmei komt neffens de ChristenUnie de ûnôfhinklike posysje fan de Omrop yn gefaar.

Van Daalen ûnderskriuwt de belangryke posysje fan de Omrop as it giet om de Fryske taal en kultuer. Dêrfoar is in ûnôfhinklike posysje nedich.

Boarne: Omrop Fryslân

It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân

Wa’t ris besykje wol hoe goed hy of sy it Frysk skriuwe kin, krijt no de kâns. Minsken kinne dit jier thús meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. It diktee is op woansdei 16 april foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en ynternet. It Grut Frysk Diktee wurdt om ‘e twa jier holden, dit jier foar de tolfte kear. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 32 dielnimmers harren oer it diktee.

Presintatrise Karen Bies fan Omrop Fryslân hat de tekst foar it Grut Frysk Diktee fan dit jier skreaun en sil it ek foarlêze. It diktee is stavere neffens de jildende regels foar de Fryske stavering. Yn 2010 en 2012 waard it diktee wûn troch André Looijenga. Hy docht ek dit jier wer mei om syn titel te ferdigenjen. 51 minsken hawwe oan ‘e foarronde meidien, 32 dêrfan hawwe har pleatst foar de finale. Oan it diktee dogge tradysjegetrou ek bekende Friezen mei, ûnder oaren aktrise en sjongeres Tet Rozendal, LC-sjoernalist Asing Walthaus, FNP-Steatelid Annigje Toering en Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018. Continue reading “It Grut Frysk Diktee live by Omrop Fryslân”

Bern fan 27 skoallen litte harren sjongtalint hearre

Foto: Cedin Taalsintrum Frysk
Bern fan 27 basisskoallen litte fan hjoed ôf harren sjongtalint hearre yn de trije foarrondes fan it Sjongfestival foar Bern. Oan dat sjongfestival kinne bern út groep 6, 7 en 8 fan basisskoallen út Fryslân meidwaan. De njoggen bêste optredens fertsjinje in plak yn de grutte finale op 11 april yn de Lawei yn Drachten.

De foarrondes fine plak op 20 maart yn It Dielshûs yn Wommels, 25 maart yn Glinstra State yn Burgum en 27 maart yn It Haske op ‘e Jouwer. Alle foarrondes begjinne om 13.30 oere. De learlingen sjonge lieten dy’t skreaun binne troch profesjonele tekstdichters en komponisten. By it Sjongfestival giet it der fansels om wa’t it moaist sjonge kin, mar de sjuery sjocht ek nei hoe’t it liet op de planken setten wurdt: dûns, beweging, oanklaaiïng, it hiele plaatsje krijt in beoardieling. De sjuery fan de foarrondes bestiet dit jier út Trevor Mooijman, Jelle Bangma en Carin Seegers. Yn de finale op 11 april stride de skoallen om de wikselbokaal: De Karin de Jong-priis. Continue reading “Bern fan 27 skoallen litte harren sjongtalint hearre”

Fryslân hat rjocht op in eigen selsstannige radio- en tillevyzje-omrop

It gebou fan de Fryske omrop

It binne ûnwisse tiden foar Omrop Fryslân, de iennichste regionale omrop fan Nederlân dy’t net yn it Nederlânsk útstjoerd mar yn de twadde rykstaal, it Frysk. Nei de swiere besunigings fan de ôfrûne jierren, sil de reguliere finansiering fan en de ferantwurdlikheid foar de omrop dy’t no noch bestiet, per 1 jannewaris 2014 oerhevele wurde fan de Provinsje Fryslân nei it Ministearje fan OC en W. Dêrtroch soe Omrop Fryslân mei yngong fan 2017 nochris 1,7 miljoen euro besunigje moatte. Der binne twa scenario’s om te reorganisearjen: opgean yn ’e nasjonale omrop NPO of fusearje mei de noardlike omroppen RTV Noord en RTV Drenthe. Continue reading “Fryslân hat rjocht op in eigen selsstannige radio- en tillevyzje-omrop”

Üüs driimerai – Ziele der friesischen Arbeit diskutiert

De dielnimmers oan de konferinsje Uüs driimerai op Oomram/Amrum

Die Friesen sollen und können mit Selbstbewusstsein Schutz und Förderung für die friesische Sprache einfordern. Dazu riefen die Sprecher der zweitägigen, vom Bundesministerium des Innern geförderten Konferenz “Üüs driimerai” des Bredstedter Nordfriisk Instituut auf. Die Vorsitzende des Instituts-Vereins Inken Völpel-Krohn und Institutsdirektor Professor Dr. Thomas Steensen konnten dazu im Hotel Hüttmann in Norddorf auf Amrum mehr als 60 Diskutanten begrüßen. Moderiert wurde die Zusammenkunft von den Institutslektorinnen Antje Arfsten und Wendy Vanselow. Vier Arbeitsgruppen betrachteten Präsenz und Perspektiven des Nordfriesischen. Diskussionsgrundlage war die vom Frasche Rädj (Interfriesischer Rat Sektion Nord) herausgegebene Schrift “Modell Nordfriesland”. Sie geht auf eine Initiative des Landespolitikers Kurt Hamer zurück. Gemeinsam mit den Friesen müssen Politik und Gesellschaft in Schleswig-Holstein dafür sorgen, so formulierte er, dass “Friesen tatsächlich in ihrer Heimat Nordfriesland Friesen sein und bleiben können”.

Continue reading “Üüs driimerai – Ziele der friesischen Arbeit diskutiert”

‘Spesjale posysje Omrop’

Steatssiktaris Dekker fan OCW kin it bêste yn de mediawet regelje dat der yn de takomst in folweardich oanbod fan Fryske radio en tv bliuwt. Dat stiet yn it rapport fan de kommisje Hoekstra, dat tiisdeitemiddei oanbean is oan de steatssiktaris.

Neffens de kommisje Hoekstra freget de bysûndere posysje fan de Fryske taal ek om bysûnder belied. Utgongspunten fan dat belied binne, neffens Hoekstra syn advys, in folweardich en breed programma-oanbod yn de Fryske taal. En in eigen regiodekkende stjoerder foar de Frysktalige programmearring.
Continue reading “‘Spesjale posysje Omrop’”

De lêste fytser wint goud

Goudene NL-Award foar Hea! mei de reportaazje oer ‘De lêste fytser’

Omrop Fryslân hat woansdei 13 maart de Goudene NL-Award wûn. Dat is de erkenning foar de bêste radio-, televyzje- en ynternetproduksje fan de regionale omroppen. It giet om de reportaazje fan Hea!, wêryn’t de lêste dielnimmer fan de Fryske fytsalvestêde-tocht folge wurdt oant de bittere ein. De reportaazje wûn yn de kategory ‘TV Varia’ en waard dêrnei ek útroppen ta de overall winner. Omrop Fryslân wûn in twadde NL-Award yn de kategory ‘Evenementen’ mei de ferslachjouwing fan it Skûtsjesilen 2012.
Continue reading “De lêste fytser wint goud”