Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie yn syn tiid mei syn muzyk bekend yn Nederlân en Europa. Wy meie him mei rjocht de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk. De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 de komyske opera yn de nije bewurking Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituur en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzende, eigentiidse foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuur en drama wollen der fansels by wêze. Continue reading “Opera Keapmanskeunsten”
Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil
29 en 30 augustus en 2, 4 en 5 septimber 2014
Iepenloftteater De Pleats Burgum
www.keapmanskeunsten.nl
Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie bekend mei de Europeeske en Nederlânske muzyk fan syn tiid. En syn komposysjes waarden útfierd yn Nederlân en Europa. Wy kinne him de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk.
De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 dizze komyske opera yn in nije bewurking ûnder de titel Keapmanskeunsten op’e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituer en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst. Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzjende, eigentiidske foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuer en drama moatte der fansels by wêze. Continue reading “Keapmanskeunsten, in komyske opera fan Martinus Schuil”