Papiamentu

Tige kritysk rapport Ried fan Europa oer neilibjen Hânfêst Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It fyfde rapport fan de Ried fan Europa oer it neilibjen fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân is tige kritysk fan toan. De Council of Europe yn Straatsburch is, om te begjinnen, tige ûntefreden oer de ynformaasje dy’t Nederlân oanlevere. Dy wie fierstente let – mear as in jier nei de deadline – en boppedat ek nochris ‘tige beheind’ as it giet om de oanlevere ynformaasje. Yn it troch Nederlân oanlevere steatsrapport stie nammentlik allinnich de fyzje fan de Ryksoerheid. Organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei minderheidstalen en sels in offisjeel advysorgaan as Dingtiid hiene gjin inkelde ynbring yn it rapport dat Nederlân ein ferline jier ynlevere by de Ried fan Europa.

It doel fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen – yn Nederlân fan krêft sûnt maart 1998 – is om Ryksoerheid en de erkende minderheden te stimulearjen om mei-inoar de erkende minderheidstalen sa effektyf mooglik te beskermjen en te promoatsjen. Dêrfoar is, om te begjinnen, soksawat nedich as in strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en minderheden as Friezen, Nedersaksen en Limburgers. De Ried fan Europa frege Nederlân yn har foarige rapport yn 2012 al om wurk te meitsjen fan sa’n dialooch, mar kin no oars net as konklúdearje dat dêr neat fan op de hispel kaam is.

It komitee fan ministers fan de Ried fan Europa formulearre op woansdei 14 desimber de folgjende oanrikkemendaasjes oan lidsteat Nederlân:
1.) Meitsje in gearhingjend belied foar de ymplemintaasje fan it Hânfêst yn gearwurking mei de sprekkers fan de minderheidstalen.
2.) Soargje der foar dat de feroaringen yn de media net liede ta minder oanbod yn regionale en minderheidstalen
3.) Fersterkje it ûnderwiis yn it Frysk op alle ûnderwiistypes, sadat de Friezen har eigen taal goed lêze en skriuwe kinne
4.) Jou it Limburchsk en it Nedersaksysk de status fan in gewoan skoalfak en soargje foar in grutter ûnderwiisoanbod yn dy talen.
5.) Nim ek maatregelen foar de beskerming en de promoasje fan it Romanes en Yiddysk.
Lês mear…

Libbene besite Committee of Experts Ried fan Europa oan Nederlân

SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts

SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts

De Committee of Experts fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen fan de Ried fan Europa brocht dizze wike in bysûnder libbene besite oan lidsteat Nederlân. De kommisje besteande út Vera Klopčič út Slovenië, Päivi Majaniemi út Finlân en âld-Europarlemintariër Marieke Sanders-Ten Holte wie yn Nederlân om te hifkjen yn hoefiere lidsteat Nederlân him hâldt oan it Europeesk Hânfêst. Dat barde ûnder mear yn de foarm fan harksittings yn Grins (oer it Nedersaksysk), Ljouwert (oer it Frysk en Biltsk) en Den Haach (oer it Papiamentu en Romanes). Fansels wie der yn Den Haach ek oerlis mei fertsjintwurdigers fan de Ryksoerheid.

Opmerklik wie it wiidweidich omtinken fan de kommisje foar twa talen dy’t oant no ta noch net beskerme wurde troch it Hânfêst. Yn Ljouwert waard de statusoanfraach foar it Bilts taljochte troch de gemeente It Bilt en ek troch foarsitter Froukje de Jong-Krap fan it EBLT. De kommisje toande hjirby in soad begrip foar de oanlieding om in offisjele status foar it Bilts oan te freegjen. Neffens it Hânfêst mei de posysje fan in taal noait ferswakt wurde troch weryndieling of de feroaring fan administrative grinzen. En dochs is krekt dit ien fan de grutste problemen yn lidsteat Nederlân. Fanwege de fúzje mei oare rjochtbanken kin it Frysk geregeld net brûkt wurde op de Ljouwerter rjochtbank, op Bonêre stiet it Papiamentu ûnder druk sûnt it eilân streekrjocht troch Den Haach wurdt bestjoerd en op it Bilt meitsje ynwenners har soargen oer de posysje fan it Bilts yn de grutte nije gemeente Waadhoeke.
Lês mear…

Papiaments in het Europees Parlement

“Bon dia, danki pa ta aki”. Zo begon Ruben Severina afgelopen donderdag 26 november zijn voordracht in het Europees Parlement in Straatsburg. Voor een publiek van Europarlementariërs van de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages vertelde hij over het Papiaments, legde hij uit welke bedreigingen er op Bonaire zijn voor het Papiaments en onderstreepte hij wat hij verwachtte van de Intergroup. Severina sprak de Europarlementariërs toe als voorzitter van SPLIKA, maar ook namens de op Bonaire gevestigde Akademia Papiamentu. Deze twee organisaties vormen samen met Dushi Papiamentu van Bonaire, Fundacion Lanta Papiamento van Aruba en Instituto Alsa Papiamentu van Curaçao het Platform Papiamentse Unie. Lês mear…

Bonêre stribbet nei bettere beskerming Papiamentu

Op 18 desimber hâldt Bonêre in referindum oer de relaasje mei Nederlân

Neffens it nije boekje Trends in the Caribbean Netherlands fan it CBS is it eilân Bonêre fjouwertalich. Hast 90 % fan de 18.905 Bonairianen praat Papiamentu. Foar 64 % is it de earste taal en de taal dy’t se it faakst prate. Mear as 70 % kin Ingelsk prate, mar dat is mear in taal foar der by, benammen in taal om saken te dwaan mei de Amerikanen dy’t fanôf in grut cruiseskip op it eilân omstappe en in taal om mei de rest fan de wrâld te kommunisearjen. Tusken 70 en 80 % kin Nederlânsk prate. Dy taal wurdt krekt wat mear brûkt as it Ingelsk, mar wer folle minder as it Papiamentu. It Spaansk is, as je nei de persintaazjes sjogge, sawat like belangryk as it Nederlânsk. Dy posysje hat alles te krijen mei ymmigranten út lannen as Venezuela en Kolombia en saaklike kontakten mei dy lannen. Bonairianen geane bygelyks geregeld yn Kolombia nei it sikehûs. Lês mear…

De Harkema lit trijetalich ûnderwiis sjen oan Bonêre

Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld

Fryske meartalige skoallen binne in foarbyld foar it eilân Bonêre. It eilân is sûnt 2010 in Nederlânske gemeente. Trijetalige basisskoalle ‘T Holdersnêst fan De Harkema krige moandei besite fan in delegaasje fan de Akademia Papiamentu en de organisaasje SPLIKA.

De organisaasjes sette harren yn foar de taal Papiamentû op de eilannen. Dêr wurdt no in soad Nederlânsk ûnderwiisd en de Bonêrianen wolle net dat harren taal Papiamentû fergetten wurdt. Lykas yn Fryslân hoopje sy in meartalige skoalle op te setten. Lês mear…

Delegaasje fan Bonêre en Splika bringe wurkbesite oan trijetalich Fryslân

Is it trijetalich ûnderwiis op De Harkema in foarbyld foar Bonêre?

In delegaasje fan de Akademia Papiamentu (koart A’PAPIA) fan it eilân Bonêre en de Antilliaanske organisaasje SPLIKA bringe fan 13 oant 15 septimber op útnoeging fan it EBLT in wurkbesite oan Fryslân om harren te ferdjipjen yn it trijetalich basisûnderwiis en de ferskate learmiddels dy’t hjirfoar brûkt wurde. De delegaasje leit de besite ôf op fersyk fan it eilânbestjoer fan Bonêre om te ûndersykjen oft it trijetalige model ek tapast wurde kinne soe op it eilân en hjirta de nedige kontakten te lizzen. It is foar it earst dat in offisjele delegaasje út Karibysk Nederlân mei dit doel in wurkbesite oan Fryslân ôfleit.

Op moandei 14 septimber sil de delegaasje it hiele moarnsskoft meidraaie op trijetalige basisskoalle ‘t Holdersnêst op De Harkema. It giet hjirby om in ynteraktive besite. De delegaasje komt net allinnich om te sjen en te harkjen, mar sil ek in gastles oer it eilân Bonêre fersoargje en fragen fan jonge Harkiten beantwurdzje. De delegaasje wurdt oanslutend op it Provinsjehûs ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes fan taal, kultuer en ûnderwiis en sil fierder ek kontakten lizze mei ferskate Fryske organisaasjes lykas de AFUK, it Taalsintrum Frysk fan Cedin, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân.

Lês mear…

Folgje in spoedkursus Frysk of Papiaments op it Drongo Festival

Ek ús lidorganisaasjes seksje Frysk fan Vereniging Levende Talen (VLT) en sectie Papiaments (VLT)/SPLIKA steane op sneon 27 septimber op it Drongo Festival. Beide organisaasjes fersoargje dêr in spoedkursus. Altyd al Frysk of Papiaments leare wollen? Dan gau nei it Drongo Festival foar in spoedkursus Frysk en/of Papiaments folgje. Sjoch foar mear ynformaasje op www.drongofestival.nl

 Scroll to top