Oanmoedigingskampanje foar nije Fryskpraters fan start


Minsken dy’t it Frysk op lettere leeftiid leard ha, saneamde nije Fryskpraters, brûke dy taal mar “hiel sporadysk”, en dat hat foar in part te krijen mei de taalhâlding fan de tradisjonele sprekkers. Dat die ferline jier bliken út ûndersyk dat Ruth Kircher fan it Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen en Mirjam Vellinga fan de Afûk mei-inoar dien hawwe. Dy ûndersyksútkomsten wiene reden foar it opsetten fan in oanmoedigingskampanje dy’t oan de iene kant nije Fryskpraters stimulearret om troch te setten mar dêrnjonken ek de tradisjonele sprekkers opropt om dat folle mear te stypjen. Bewustwurding, begryp en kompliminten binne de haadyngrediïnten fan de online kampanje dy’t hjoed fia de ferskate socialmediakanalen fan Praat mar Frysk fan start giet.

Nije taallearders fiele har faak minder op har gemak by it brûken fan de taal yn petearen mei tradisjonele sprekkers. “Nije sprekkers moatte in drompel oer”, seit Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk. “Dat is altyd sa ast in nije taal sprekst. It is ek wennen om dysels oare klanken útsprekke te litten.”

Mar njonken de taalkundige ûnwissichheid spilet ek de hâlding fan de memmetaalsprekkers, de tradisjonele sprekkers, in rol: “Memmetaalsprekkers ferbrekke har bygelyks gau en geane oer op it Nederlânsk.” Dat helpt nije taallearders net en wurket faak ek nochris hiel demotivearjend. De memmetaalsprekkers dêrfoaroer hawwe krekt it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om de minderheidstaal (it Frysk, yn dit gefal) te sprekken as der minsken by binne dy’t dat net of minder goed fersteane. “As minsken har dêr bewust fan binne, dan kinne se har gedrach feroarje”, seit Vellinga. De kampanje rjochtet him dêrom net allinnich op de nije Fryskpraters, mar benammen ek op de memmetaalsprekkers fan it Frysk.

De kampanje bestiet út in tal koarte fideo’s fan memmetaalsprekkers fan it Frysk en fan nije Fryskpraters: wat betsjut it Frysk foar harren? Wat fine se fan de nije taallearders, en oarsom: wat binne de erfaringen mei de memmetaalsprekkers? Alle fideo’s einigje mei in tip of oanmoediging. Dêrnjonken wurde minsken oproppen om sels ek in oanmoediging op te nimmen of te skriuwen foar alle minsken dy’t no Frysk oan it learen binne of besykje mear Frysk te praten, de nije Fryskpraters. Want: “In lytse oanmoediging, in komplimint en wat geduld wurde hiel bot op priis steld, benammen troch minsken dy’t it Frysk oan it learen binne. Kinst in taal allinnich mar leare ast dy faak om dy hinne hearst en brûke kinst. Dat is by in lytsere taal as it Frysk net altyd fanselssprekkend. Dêr hawwe wy inoar by nedich”, sa seit Ruth Kircher, sels in nije Fryskprater en ûndersiker by Mercator/Fryske Akademy.

Nije Frysklearders binne in belangrike groep as it giet om it behâld fan it Frysk. Op it stuit is in tredde fan de Fryskpraters fan hûs út net Frysktalich. Dat binne 150.000 minsken. In hiel grutte groep dus. It projekt Nije Fryskpraters is in gearwurking tusken Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen/Fryske Akademy en de Afûk

Wat dochsto yn it Frysk op Fryske Freed?

11 novimber is de dei… de earste Fryske Freed!

Op freed 11 novimber lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed.

It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken.

Doch ek mei op #FryskeFreed

Dêrom roppe wy partikulieren, bedriuwen en organisaasjes – jim dus! – op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Tink dêrby oan Fryske berjochten op social media, in byienkomst of aktiviteit dy’t hielendal yn it Frysk plakfynt by in bedriuw, of in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar praat of inoar Fryske wurden leart. Mar kinst ek tinke oan in begroeting yn it Frysk, it jaan fan koarting of in fergees drankje as in klant wat yn it Frysk by dy bestelt óf lear dyn bern in Frysk Sint Marten-ferske dat se op 11 novimber sjonge kinne. Alles kin! Wês kreatyf en diel it mei ús fia #FryskeFreed.

#FryskeFreed

Wy fan Praat mar Frysk litte op Fryske Freed (en op alle oare dagen) ek op allerhanne manieren fia ús social media-kanalen sjen wat der al sichtber is yn it Frysk: moaie Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten lykas nammen op gevels, wurden op ‘e muorre, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch. Dêrneist sette wy alle moannen op Fryske Freed in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en diele wy de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed.

Diel ideeën en foto’s

Hasto of hawwe jim ideeën of wolle jim al wat mei ús diele? Bygelyks Frysk dat no al sichtber is by jim yn de buert. Stjoer ús in berjocht fia praatmarfrysk@gmail.com of lit it ús witte fia ús social media-kanalen:

Fryske Freed-aginda

11 novimber 2022, 9 desimber 2022, 13 jannewaris 2023, 10 febrewaris 2023, 10 mrt 2023, 14 april 2023

Ynternasjonale Social Media Dei set lytse talen yn ‘e skynwerpers

#fryskEDL2017 en #Frysk trending topic!

Tiisdeitenacht om even nei tolven ferskynden de earste Fryske berjochten al op Facebook, Twitter en Instagram. In teken dat de Fryske Social Media Dei by guon net gau genôch begjinne koe. En it waard in grut sukses. De hashtags #Frysk en #EDL2017 (European Day of Languages 2017) wienen binnen de koartste kearen beide ‘trending topic’ op Twitter. Yn Nederlân, mar #EDL2017 ek yn Europa.

De Fryske Social Media Dei is ûnderdiel fan de Ynternasjonale Social Media Dei foar Lytse Talen. Yn tsjinstelling ta de eardere Fryske Twitterdei wie it diskear net allinne in Frysk feestje, mar dienen ek tal fan oare organisaasjes út mear as 16 oare regio’s yn Europa mei. Under oaren Baskelân, Ierlân, Malta, Kataloanië, de Sorben, Friulië, Cornwall, Wales en Galisië dienen mei.

Beide inisjativen waarden organisearre troch de minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje fan de Afûk. Doel fan de aksje is om de drompels om it Frysk te brûken fuort te nimmen en it brûken fan it Frysk op social media lykas Twitter, Facebook en Instagram te stimulearjen.
Continue reading “Ynternasjonale Social Media Dei set lytse talen yn ‘e skynwerpers”

Tongersdei 21 april Fryske Twitterdei! #Frysk

Frysketwitter1

‘This is my language!’ #TIML2016

No tongersdei 21 april is it wer feest op Twitter! Fan moarns betiid oant jûns let meitsje wy der wer in feestje fan op social media! Dochsto ek mei? Tsjek de spesjale Twitterdei-side!

Dit jier dogge ek allegear oare lytsere talen mei oan de Twitterdei! Organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Ierlân, Wales, Skotlân en Cornwall hawwe al tasein dat se mei ús meidwaan sille. En om it ynternasjonale tintsje tidens dizze Twitterdei krêft by te setten, brûke wy allegear de hashtag #TIML2016: ‘This is my language’! Sa litte wy oan de rest fan ‘e wrâld sjen wêr’t in lytse taal grut yn wêze kin!

Meidwaan is hiel simpel: skriuw in Fryske tweet en brûk de hekstek #Frysk en #TIML2016! Net mear, net minder 🙂 En folgje ús fansels op Twitter fia @PraatmarFrysk om op ‘e hichte te bliuwen! Continue reading “Tongersdei 21 april Fryske Twitterdei! #Frysk”

Sikehûs Drachten ynformearret takomstige en jonge âlden oer foardielen meartalich grutbringen

Op 11 juny lansearre de Afûk yn it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe de folslein fernijde website heitenmem.nl. Tagelyk mei de lansearring fan de nije website presintearre de Afûk yn gearwurking mei sikehûs Nij Smellinghe it heit&mem-echofotolistke. Mei dy gearwurking jout it sikehûs yn Drachten oan dat sy takomstige en jonge âlden tenei ynformearje sille oer de foardielen fan meartalich grutbringen. Ommers, bern dy’t op jonge leeftiid mear as ien taal leare, hawwe dêr in soad foardiel fan. Dat docht bliken út ferskate ûndersiken oer de hiele wrâld.

Ek yn de breedte is der omtinken foar taal yn de soarch fan it sikehûs. Hoe noflik is it ommers foar minsken om immen te treffen dy’t syn/har eigen (streek)taal praat: minsken fiele har mear op harren gemak, begripe elkoar better en fiele har mear thús. Sa is it ek foar pasjinten yn it sikehûs. Meiwurkers fan Afûk/Praat mar Frysk diele dêrom buttons en oare materialen út oan meiwurkers fan it sikehûs wêrmei’t sy sjen litte dat de pasjint (ek) Frysk tsjin harren prate kin.

It heit&mem-echofotolistke wurdt nei de presintaasje yn it sikehûs fan Drachten ek oan oare sikehuzen, ferloskundigen en echo-buro’s beskikber steld om kado te dwaan by de earste echo. De folslein nije website fan heit&mem is fan no ôf ûnder de fertroude namme heitenmem.nl foar elkenien te finen.

heit&mem, Praat mar Frysk en it projekt Taal yn ’e soarch binne inisjativen fan de Afûk en wurde stipe troch de provinsje Fryslân.

Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje

In team fan frijwilligers jout freed yn it Ljouwerter kafee Van Buren it lêste triuwke oan it folslein beskikber meitsjen fan Facebook yn it Frysk. Dizze ‘Fryske Facebook Oersetsprint’ fynt tagelyk plak mei in ynternasjonale konferinsje oer meartaligens en sosjale media fan it kennissintrum Mercator fan ’e Fryske Akademy.
Continue reading “Oersetsprint foar Frysk Facebook op Mercator-konferinsje”

Arriva seit: Praat mar Frysk!

Foto: Froukje Sijtsma, Omrop Fryslân
Frysk prate yn de bus, soe de gewoanste saak fan de wrâld wêze moatte seit Arriva-direkteur Anne Hettinga. Dêrom is busmaatskippij Arriva sûnt freed ambassadeur fan ‘Praat mar Frysk’ wurden. Yn gearwurking mei Frysk taalynstitút Afûk is freedtemoarn op it stasjon fan Ljouwert it startskot foar de aksje jûn. It kampanjeteam dielde Praat mar Frysk lippen by de bussen út.

Ek krigen sjauffeurs Praat mar Frysk spjeldsjes op it jaske. Yn it ramt Praat mar Frysk wurdt de Fryske taal ek sichtber yn it iepenbier ferfier.

Sa sil der Praat mar Frysk-reklame te sjen wêze, mar kinne minsken ek Fryske gedichten en Fryske feitsjes lêze op de ynfoskermen yn de bus. Praat mar Frysk is al sân jier dwaande om de Fryske taal te promoatsjen. Ferskate ferneamde Friezen, lykas Doutzen Kroes, Jorrit Bergsma, Epke & Herre Zonderland, Foppe de Haan en Iris Kroes binne ek ambassadeurs fan Praat mar Frysk.

Boarne: Omrop Fryslân

Tredde Fryske Twitterdei grut sukses!

Foto: Praat mar FryskDe tredde Fryske Twitterdei wie in grut sukses. Om 09.30 oere moarns stienen de hashtags #Frysk en #FryskeTwitterdei al tusken de meast besprutsen ûnderwerpen op Twitter!

Tûzenen twitterders ferstjoerden 6.438 unike tweets en noch folle mear retweets de hashtag #Frysk út mear as 25 lannen, fan Japan oant Amearika. Dêrneist is de hashtag #Frysk by mear as seis miljoen minsken ûnder eagen kommen. En dat is mear as ferline jier! Geandewei de dei stie #FryskeTwitterdei it grutste part fan ‘e dei op nûmer ien as ‘trending topic’! Continue reading “Tredde Fryske Twitterdei grut sukses!”

Skriuw mar Frysk mei PraatmarFrysk

Moandei 22 oktober is by PraatmarFrysk ‘Skriuw mar Frysk’ begûn. In leechdrompelige manier om fia de Social Media Frysk te learen en te brûken! Oan de hân fan in filmke wurdt der alle wiken troch ‘professor’ Henk Wolf in belangrike staveringsregel útlein. By elke regel heart fansels ek in diktee. Yn totaal wurde der 14 regels behannele. De lessen binne te folgjen fia de Facebookpagina en it Twitterkanaal fan PraatmarFrysk en op www.praatmarfrysk.nl.