Soad stipe foar jierlikse ‘demokrasy-APK’ yn Europeesk Parlemint

De plenêre gearkomste fan it Europeesk Parlemint yn oktober 2016
De plenêre gearkomste fan it Europeesk Parlemint yn oktober 2016

In romme mearderheid yn it Europeesk Parlemint stimde ein oktober yn mei it foarstel fan D66-Europarlemintariër Sophie in’t Veld foar in jierlikse Europeeske ‘Demokrasy APK’. It doel is om tenei alle jierren in rapport út te bringen oer hoe’t it der yn alle 28 lidsteaten foarstiet mei de demokrasy, de rjochtsteat en de grûnrjochten. Hjirby wurdt sjoen nei saken as minskerjochten, parsefrijheid en rjochten fan minderheden en minderheidstalen yn alle 28 lidsteaten. Yn it ramt fan de jierlikse ‘Demokrasy-APK’ sil ek sjoen wurde nei it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen en it Ramtferdrach Nasjonale Minderheden, beide fan de Ried fan Europa. Dy ferdragen wurde op dit stuit noch ien kear yn de trije jier of sels ien kear yn de fiif jier hifke, mar frou In’t Veld fynt it wichtich dat soks faker bart. “Als je elk jaar rapporteert kun je de ontwikkelingen op de voet volgen en kun je ook beter zien of problemen wel of niet worden opgelost.” Sy sjocht it nije EU-meganisme as in fersterking fan it wurk fan de Ried fan Europa.
Continue reading “Soad stipe foar jierlikse ‘demokrasy-APK’ yn Europeesk Parlemint”

Rie fan Europa publisearret twadde rapport oer Ramtferdrach Nasjonale Minderheden

 

It gebou fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

Der binne yn Fryslân te min ûnderwizers mei in foech foar it fak Frysk. De Nederlânske oerheid moat no echt maatregels nimme om dat probleem oan te pakken. Dat skriuwt in advyskommisje fan de Ried fan Europa yn Straatsburch yn har twadde rapport oer it neilibjen fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. In advyskommisje fan de Ried fan Europa die it ôfrûne jier ûndersyk nei de situaasje fan it Frysk. De kommisje brocht doe ek in wurkbesite oan Fryslân en prate doe mei tal fan Fryske organisaasjes, lykas it EBLT.

De kommisje publisearre ek ferskate oare oanbefellings:
Oer media: – Foar radio en televyzje yn it Frysk moat yn de takomst likefolle jild en likefolle stjoertiid beskikber bliuwe as no it gefal is. It Nederlânske regear soe der dêrom goed oan dwaan om de advizen fan de kommisje Hoekstra oer radio en televyzje yn it Frysk op te folgjen. Ek fynt de Ried fan Europa dat de provinsje in rol hâlde moat as it giet om radio en televyzje yn it Frysk.
Oer plaknammen: – Der soene yn Fryslân folle mear twatalige opskriften komme kinne. It is de Ried fan Europa opfallen dat der yn Fryslân hast gjin twatalige ferkearsboerden binne. De Ried jout Nederlân en Fryslân it advys om hjir wurk fan te meitsjen. Twatalige rjochtingoanwizers binne op oare plakken yn Europa hiel gewoan en binne boppedat goed foar de sichtberens fan de taal.
Continue reading “Rie fan Europa publisearret twadde rapport oer Ramtferdrach Nasjonale Minderheden”