Roma

Omrop Fryslân op syk nei de grinzen fan Europa yn in trijelûk oer de Roma, de Sámi en de Val d’Aran

De slogen fan kulturele haadstêd Plovdiv 2019

De ferhâlding tusken de Europeeske minderheden en de EU soe wol in goeie relaasjeterapy brûke kinne. Dy konklúzje is te lûken út de trijelûk FryslânDok dokumintêres dy’t Omrop Fryslân makke mei it each op de Europeeske parlemintsferkiezings fan 23 maaie. Yn de searje ‘De grinzen fan Europa’ wurdt pynlik dúdlik dat minderheden teloarsteld binne yn de Europeeske Uny. De dokumintêres wurde op 5, 12 en 19 maaie útstjoerd troch Omrop Fryslân op NPO2 en op it eigen tv-kanaal.

Yn de jierren ’90 waard noch folop praat oer ‘it Europa fan de regio’s’, mar hjoeddedei lykje de steaten wer foar master op te slaan yn de Europeeske Uny. Nettsjinsteande de offisjele slogan ‘Unity in diversity’ blykt it belang fan de lidsteat foar de EU hieltyd wer sterker te wêzen as dat fan de minsken yn de regio. Dat alteast is it gefoel dat libbet by de trije minderheden dy’t FryslânDok opsocht: de Roma yn Bulgarije, de Sámi yn Sweden en de Aranezen yn Spanje.

Yn it trijelûk ‘De grinzen fan Europa’ siket FryslânDok it antwurd op de fraach wat de minderheidsgebieten oan de EU te freegjen, mar foaral ek te bieden hawwe. By de oprjochting fan de EU wie de ferwachting dat Europa der ek foar de minderheden en de regio’s wêze soe. Dêrby moat de EU faak lavearje tusken it belang fan de minsken yn de regio’s en dat fan de naasjesteaten. It docht bliken dat de Brusselske bestjoerders faak kieze foar it lêste.

De Fryske sjoernalist Onno Falkena gie dwerstroch Europa op syk nei de leafde dy’t minderheden hawwe foar de Europeeske Uny. Fanút Ljouwert wie syn earste logyske halte: de Bulgaarske stêd Plovdiv, Kulturele Haadstêd fan 2019.

Plovdiv is ien fan de âldste stêden fan Europa, in stêd dy’t optilt fan kulturele rykdom, mei tank oan Turkse, Grykske en Russyske ynfloeden. Mar ek de stêd mei it grutste Roma-getto fan Europa. Yn de wyk Stolipinovo wenje 50.000 sigeuners yn earbarmlike omstannichheden. It Europeeske belied fan de lêste 9 jier hat dêr amper wat yn feroare, wylst ûnder ynfloed fan Bulgaarsk nasjonalisme de diskriminaasje earder ta as ôf liket te nimmen. Op it iepeningsfeest fan de Kulturele Haadstêd trof Onno net ien Roma. En yn it getto hearde hy tragyske ferhalen. It biedwurd fan Plovdiv 2019 is ‘zajedno’, Bulgaarsk foar mei-ïnoar. Mar in soad Roma yn it earmoedige getto kinne dat ‘together’-gefoel net diele.

Lês mear…

It EBLT presintearret de films ‘Cigán’ en ‘Rein sûnder ein’

CIGAN_06-660x380Nei oan lieding fan de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film dit jier op snein 25 febrewaris de priiswinnende Roma-film Cigán! út Slowakije. Foar de film Cigán! wurken regisseur Martin Sulik en produsint Rudolf Biermann moannenlang yntinsyf gear mei amateur-akteurs út in Roma-mienskip yn it easten fan Slowakije. De film is, en dat is útsûnderlik, foar in grut part sprutsen yn de Romataal. It resultaat is in tige libbene film, dy’t ynsjoch jout yn it hurde libben yn in earme Roma-mienskip op it plattelân.

Der binne twa saken dy’t fleur jouwe oan it libben fan de jonge haadpersoan Adam: de bokssport en syn freondinne Julka. Mar as Julka úthoulike wurdt oan in rike Tsjech en syn heit ûnder mysterieuze omstannichheden stjert krijt Adam it dreech. Syn mem trout mei syn kriminele omke Zigo. En wylst Adam sels graach nei skoalle wol en sporte hat syn omke hiele oare plannen mei him….. In konfrontaasje kin dan ek net útbliuwe. De film Cigán! makke rûnom yn Europa in soad yndruk en skopte it ek ta offisjele Slowaakse ynstjoering foar de Oscar-kategoary bêste film yn in frjemde taal.
Lês mear…

 Scroll to top