Yn aksje foar in selstannich Omrop Fryslân

25/9 waard der al in petysje foar in selstanniche omrop oanbean by de Provinsje
Oankommende tongersdei (8/10) is in plenêre keamerdebat oer de oansteande wiziging fan de mediawet. Underdiel fan it debat is it foarstel fan steatssekretaris Sander Dekker om sa gau mooglik de RPO (Regionale Publieke Omroep) op te rjochtsjen.
As de Twadde Keamer op 8 oktober it foarstel fan Dekker yn syn hiele oernimt, is de striid foar in selsstannich Omrop Fryslân no tongersdei al beslikke.

Dêrom hawwe it EBLT, de Rie fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân de folgjende brief skreaun nei alle Twadde Keamerfraksjes:
Continue reading “Yn aksje foar in selstannich Omrop Fryslân”

Dekker: “Regionale omroppen bliuwe sels baas oer programmearring”

De redaksjes fan de regionale omroppen hâlde sizzenskip oer de programma’s dy’t se útstjoere op radio en tillevyzje. Dat is de útkomst fan oerlis tusken steatssikretaris Sander Dekker en ROOS, de oerkoepeljende organisaasje foar de 13 regionale omroppen. De ôfspraken binne moandei nei de Twadde Keamer stjoerd.

Wol wurdt der in Regionale Publieke Omroep (RPO) oprjochte. Dy wurdt ferantwurdlik foar de administraasje fan de omroppen. Ek saken as finansjen, technyk en personiel wurde hjiryn ûnderbrocht. De besparring op dizze kosten is nedich om de besunigings fan 17 miljoen euro op te fangen by de regionale omroppen. De feroarings jilde fan 2017 ôf.

Yn syn keamerbrief skriuwt Dekker ek dat hy de eigen stjoerder foar Omrop Fryslân en it Frysktalich media-oanbod opnimme wol yn de mediawet. Oer de bestjoerlike oanstjoeren wol de steatssiktaris yn petear mei de provinsje Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Foarstel Sander Dekker betsjut de ein selsstannigens Omrop

Foto: ANP
Steatssiktaris Sander Dekker fan media wol noch dit jier in Stichting RPO (Regionale Publieke Omroep) oprjochtsje. De nije organisaasje krijt de opdracht om alle regionale omroppen nau gearwurkje te litten en om de ynboekte besuniging fan 17 miljoen euro mei yngong fan 2017 te realisearjen. Dekker skriuwt dit yn it wetsfoarstel dat hy tiisdei nei de Twadde Keamer stjoerde.

De steatssiktaris leaut net dat de al langer besteande Stichting ROOS fan de trettjin regionale omroppen by steat is om de winske reorganisaasje troch te fieren.

De RPO giet yn 2016 oan de slach as kwartiermakker foar de regionale omroppen. De rol fan de trettjin regionale omroppen feroaret takom jier noch net. De RPO krijt in deistich bestjoer fan op syn meast trije leden. De RPO wurdt yn it foarstel fan Dekker it iennichste oansprekpunt oer de regionale omrop foar it ministearje fan OC en W. Ek wurdt RPO de iennichste konsesjehâlder foar de regionale omroppen. Continue reading “Foarstel Sander Dekker betsjut de ein selsstannigens Omrop”