EBLT en Mercator organisearje ekskurzje nei Saterland, Dútslân

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorganisaasje dy’t har ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. Mar wat bart der eins oer de grinzen hinne en wat kinne wy dêrfan leare?

It EBLT en Mercator Europeesk kennissintrum nûgje de EBLT-lidorganisaasjes fan herte út om op 29 novimber mei te gean op in ekskurzje nei gemeente Saterland yn Dútslân, om mear te learen oer it Sealterfrysk, it Seelterfräisk. It doel fan de ekskurzje is om mear te learen oer de taal, de erkenning en de taalbefoardering.

Seelterfräisk

It Frysk sa‘t wy dy kenne is part fan in gruttere Fryske taalfamylje, mei it Eastfrysk en Noardfrysk yn Dútslân. It Sealterfrysk is noch de iennichste fariant fan it Eastfrysk. De taal wurdt troch sa‘n 1000-2000 minsken praat, benammen yn de gemeente Saterland.

It Sealterfrysk is erkend troch Dútslân fia it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Sûnt 2020 is Henk Wolf foar de befoardering fan de taal oansteld as wissenschaftlicher Beauftragter für Saterfriesisch, by it Seeltersk Kontoor.

Sealterfrysk kultuerhûs. Foto fan Wikicommons.

Dai fon do Seelter/ Dei fan it Sealtersk

Op sneon 24 juny organisearret de Fryske Akademy en it Seeltersk-Kontoor in sympoasium oer it Sealterfrysk, de ‘Tag der Saterfriesen/ Dai fon do Seelter’. It hat plak yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh) yn Sealterlân en is ornearre foar in breed publyk. It kongres is fergees tagonklik.

Oer it Sealterfrysk

It Sealterfrysk is it iennichste Frysk dat noch oer is fan it East-Frysk, dat eartiids praat waard tusken de Lauwers en de Wezer. It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn Sealterlân, in streek dy’t tusken Oldenburch en Papenburch te finen is. It Sealterfrysk is in taal dy’t swier bedrige is. Der binne noch in foech 1000 – 1500 sprekkers.

Programma

It programma wikselet publykslêzingen ôf mei aktiviteiten fan de Seelter Buund, lykas in kwis, in sketch, folksdûnsjen en sjongerij fan skoalbern. Út Mercator wei sil Katharina Thomas in lêzing jaan, en Bouke Slofstra (Lingua Slofstra) en Eric Hoekstra (Fryske Akademy) steane lyksa op it program. De dei, dy’t fergees tagonklik is, wurdt ôfsletten mei in lêzing yn de Johanniterkapel. It programma kinne jo hjir besjen (pdf).

Sealterfryske grammatika

Op dit stuit is de Fryske Akademy dwaande mei de produksje fan in Ingelske grammatika fan it Sealterfrysk. It projekt wurdt foar in part betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur, de Bundesbeauftragte für Kultur und Medien en de gemeente Saterland (Sealterlân). It giet hjir om in jiersubsydzje, dêr’t de Fryske Akademy yn 2021 en 2022 ek al de hân op lei, yn gearwurking mei Henk Wolf (Oldenburgische Landschaft). It projekt wurdt útfierd troch Bouke Slofstra fan taalburo Lingua Slofstra en Eric Hoekstra út ‘e Fryske Akademy wei. Earder al wurken hja oan de Dútsktalige grammatika fan it Sealtersk, de Sprachlehre des Saterfriesischen 2022

Oanmelde

Oanmelde foar it fergese publykskongres op 24 juny 2023 yn Ramsloh (DE) kin fia frou T. Kalsbeek, kalsbeek@saterland.de. Mear ynformaasje kinne jo fine op de website fan it Seeltersk-Kontoor fan de Oldenburgische Landschaft.