Plombrief fan Ried fan de Fryske Beweging foar taalbelied gemeente Achtkarspelen

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke. Op 18 maaie krige de gemeente Achtkarspelen in ‘plom’ fan de Ried, om’t de gemeente Achtkarspelen inkele kearen sjen litten hoe’t in gemeente Frysk taalbelied yn ‘e praktyk stal jaan kin. De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it Frysk, stelt dat tige op priis.

Wêrom in plom?
Yn in protte gemeenten bliuwt Frysk taalbelied beheind ta moaie wurden foar de Bühne, sûnder de praktyske ynfolling dy’t derby heart. Mei in ynspirearjend taalbelied en troch it brûken fan it Frysk op ferskate gemeentlike nivo’s te stimulearjen en sichtber te meitsjen, lit Achtkarspelen sjen dat it ek oars kin.

Frysk foar ynboargering
Mei twa resinte aksjes makke de gemeente dúdlik dat it him tinken is mei it yn praktyk bringen fan Frysk taalbelied. Sa waard yn de ried in moasje fan de FNP oannommen om it regear yn De Haach te freegjen ryksjild ta te kennen foar de ynboargering fan statushâlders. “Trochdat ynwenners fan in plattelânsgemeente as Achtkarspelen foar it grutste part Fysktalich binne, merke wy dat it ferstean fan it Frysk in mearwearde hat foar in flotte yntegraasje en partisipaasje fan asylsikers binnen de mienskip”, skreau boargemaster Oebele Brouwer yn in brief oan minister Koolmees fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. It ministearje liet lykwols witte, dat soks net de bedoeling is omdat it learen fan it Frysk bûten de rikwiidte fan de nije Wet Ynboargering leit. De Ried fan de Fryske Beweging fynt it tige te priizgjen dat de gemeente op dizze wize de yntegraasje fan statushâders befoarderje woe en sa ek rjocht dwaan woe oan it wichtige plak fan it Frysk yn de mienskip.

Sichtber Frysk
De oare positive aksje oangeande it Frysk dêr’t Achtkarspelen okkerdeis mei yn it nijs kaam wie it pleatsen fan Frysktalige buorden by it gemeentehûs yn Bûtenpost. Besikers wurde yn it Frysk wolkom hjitten op buorden by de publyks- en personielsyngong. Ek wurdt it Frysk binnen de gemeente foar it grutte publyk sichtber makke mei Fryske gedichten op buorden by fytsrûtes del.

Afûk siket foto’s foar #FryskSichtber

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat de Afûk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elk kin fansels meidwaan.

De Afûk/Praat Mar Frysk wol safolle mooglik foto’s hawwe fan besteande én nije plakken dêr’t it Frysk sichtber is yn de iepenbiere romte. Tink dêrby oan buordsjes yn de tún, nammen op gevels, wurden op in muorre, teksten op buskes, reklamebuorden, strjitnammen en gean sa mar troch. De Afûk dielt dy foto’s graach mei de rêst fan ‘e wrâld om mei ús allen it #Frysk sichtber te meitsjen!

Fan 21 o/m mei 28 febrewaris dielt de Afûk de ynstjoeringen op harren sosjale mediakanalen. Sa meitsje sy it Frysk ek online mear sichtber. De eigen foto’s kinne ek direkt dield wurde mei de hashtag #FryskSichtber. Under de moaiste ynstjoeringen ferlottet de Afûk in PraatmarFrysk-pakket.

Sjoer dyn foto’s nei: Fryskopedyk@gmail.com, jou dêrby dyn namme en lokaasje fan de foto troch.  #FryskSichtber

Frysk better sichtber meitsje

Foto: Omrop Fryslân
De Fryske taal moat better sichtber wurde yn de provinsje. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries tongersdei op it kongres fan de NLPD (Network for the Promotion of Linguistic Diversity). De leden fan dizze Europeeske koepelferiening, dy’t de belangen fan streek- en minderheidstalen yn Europa behertiget, binne trije dagen lang yn Fryslân.

Neffens De Vries is it Frysk no benammen in sprutsen taal, mar se wol dat it Frysk ek better op strjitte te sjen is. Projektdirekteur Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 ûnderskriuwt dy winsk.

It bestjoer fan de Fryske organisaasje EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hat de deputearre dêrom tongersdei in boerd oanbean dêr’t sawol it Nederlânsk as it Frysk op brûkt wurde.

Boarne: Omrop Fryslân

EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk

EBLT-foarstel foar ferkearsboerden yn Fryslân (ôfbylding Dirk Jan Haarsma)

Op de jiergearkomste fan de Europeeske organisaasje Network for the Promotion of Linguistic Diversity NPLD hat it EBLT deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries frege om de kommende jierren omtinken te jaan oan de sichtberens fan it Frysk yn Fryslân. It EBLT die dat troch frou De Vries, dy’t ek foarsitter fan it NPLD is, in foarbyld oan te bieden fan in twatalich ANWB-ferkearsboerd.

It EBLT hat okkerdeis besletten om fan de sichtberens fan it Frysk ien fan de prioriteiten foar de kommende jierren te meitsjen en is dwaande om hjir neiere plannen en foarstellen foar te ûntwikkeljen. Utgongspunt fan dy foarstellen is twataligens: brûk njonken it Nederlânsk ek it Frysk op bygelyks de ANWB-ferkearsboerden en op alle treinstasjons. De twataligens en it Frysk binne dan beide sichtber. Nederlânsktaligen en minsken fan bûten Fryslân, dy’t faak krekt aardichheid oan de twataligens hawwe, wurde dan net útsletten en beide talen komme sa better as no ta syn rjocht.

Yn it ferline is der yn Fryslân gauris striid fierd omdat der in kar makke wurde moast tusken of Nederlânsk of Frysk, wêrtroch der altiten in groep is dy’t him achtersteld fielt. It EBLT wol dizze patstelling graach trochbrekke troch te pleitsjen foar in twatalige benadering.
Continue reading “EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk”