Wat dochsto yn it Frysk op Fryske Freed?

11 novimber is de dei… de earste Fryske Freed!

Op freed 11 novimber lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed.

It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken.

Doch ek mei op #FryskeFreed

Dêrom roppe wy partikulieren, bedriuwen en organisaasjes – jim dus! – op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Tink dêrby oan Fryske berjochten op social media, in byienkomst of aktiviteit dy’t hielendal yn it Frysk plakfynt by in bedriuw, of in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar praat of inoar Fryske wurden leart. Mar kinst ek tinke oan in begroeting yn it Frysk, it jaan fan koarting of in fergees drankje as in klant wat yn it Frysk by dy bestelt óf lear dyn bern in Frysk Sint Marten-ferske dat se op 11 novimber sjonge kinne. Alles kin! Wês kreatyf en diel it mei ús fia #FryskeFreed.

#FryskeFreed

Wy fan Praat mar Frysk litte op Fryske Freed (en op alle oare dagen) ek op allerhanne manieren fia ús social media-kanalen sjen wat der al sichtber is yn it Frysk: moaie Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten lykas nammen op gevels, wurden op ‘e muorre, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch. Dêrneist sette wy alle moannen op Fryske Freed in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en diele wy de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed.

Diel ideeën en foto’s

Hasto of hawwe jim ideeën of wolle jim al wat mei ús diele? Bygelyks Frysk dat no al sichtber is by jim yn de buert. Stjoer ús in berjocht fia praatmarfrysk@gmail.com of lit it ús witte fia ús social media-kanalen:

Fryske Freed-aginda

11 novimber 2022, 9 desimber 2022, 13 jannewaris 2023, 10 febrewaris 2023, 10 mrt 2023, 14 april 2023

Afûk siket foto’s foar #FryskSichtber

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat de Afûk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elk kin fansels meidwaan.

De Afûk/Praat Mar Frysk wol safolle mooglik foto’s hawwe fan besteande én nije plakken dêr’t it Frysk sichtber is yn de iepenbiere romte. Tink dêrby oan buordsjes yn de tún, nammen op gevels, wurden op in muorre, teksten op buskes, reklamebuorden, strjitnammen en gean sa mar troch. De Afûk dielt dy foto’s graach mei de rêst fan ‘e wrâld om mei ús allen it #Frysk sichtber te meitsjen!

Fan 21 o/m mei 28 febrewaris dielt de Afûk de ynstjoeringen op harren sosjale mediakanalen. Sa meitsje sy it Frysk ek online mear sichtber. De eigen foto’s kinne ek direkt dield wurde mei de hashtag #FryskSichtber. Under de moaiste ynstjoeringen ferlottet de Afûk in PraatmarFrysk-pakket.

Sjoer dyn foto’s nei: Fryskopedyk@gmail.com, jou dêrby dyn namme en lokaasje fan de foto troch.  #FryskSichtber

Seminar Multilingualism & Social Media

Op freed 28 en sneon 29 novimber fynt it ynternasjonale ekspert seminar ‘Multilingualism & Social Media’ plak yn Ljouwert. Sûnt 2008 organisearret it Mercator Kennissintrum en it SOAS geregeld kongressen en seminars yn Londen en Ljouwert.

It seminar biedt in ynternasjonaal foarum foar it bediskusearjen fan de ynfloed dy’t sosjale media en de bybehearende technologiën hat op taal, de taalmienskippen, taalhâlding, taalgedrach en –identiteit. De diskusje sil benammen har fokus ha op it mêd fan taallearen, meartaligens, minderheids-, regionale- en bedrige talen. Continue reading “Seminar Multilingualism & Social Media”

Warnsbetinking 2014: “Nije generaasjes kinne in omkear bringe foar it Frysk”

Foto: Stifting Slach by Warns 1345
Skoallen yn Fryslân hawwe in wichtige rol foar de takomst fan it Frysk, sawol oangeande de hâlding foar it Frysk oer as wat de skriuwfeardigens oanbelanget. Dat sei Lysbeth Jongbloed op de jierlikse betinking fan ’e Slach by Warns (1345) op it Reaklif.

Jongbloed, dy’t ferbûn is oan it kennissintrum foar meartaligens Mercator fan ’e Fryske Akademy, docht ûndersyk nei it online brûken fan ’e Fryske taal. Op ’e Warnsbetinking sprekt sy oer hoe’t it Frysk minsken mei elkoar ferbynt op sosjale media. “Jongeren dy’t meartalich fuortset ûnderwiis folgje, brûke mear Frysk op sosjale media, binne positiver oer it Frysk en harren kompetinsjes op it mêd fan Frysk skriuwen lizze ek heger”, seit Jongbloed. “It binne krekt dy faktoaren, dy’t fan grut belang binne foar in taal om ’e 21ste ieu te oerlibjen. It útwreidzjen fan it tal meartalige skoallen yn Fryslân liket dêrom in hiel ferantwurde doel om op yn te setten foar de kommende jierren.” Continue reading “Warnsbetinking 2014: “Nije generaasjes kinne in omkear bringe foar it Frysk””

Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media

Frysk wurdt troch jongerein yn ‘e Fryske Wâlden mear brûkt op sosjale media as troch jongerein yn oare parten fan Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder Fryske jongerein dat ûndersiker Lysbeth Jongbloed-Faber fan Mercator Research Centre fan ‘e Fryske Akademy mei stipe fan de Provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert de ôfrûne moannen útfierde.

Kommunikaasjewittenskipper Jongbloed hat op 20 Fryske skoallen yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis ûndersyk dien nei it taalgebrûk fan jongerein tusken de 14 en 18 jier op sosjale media. Yn totaal hawwe mear as 2000 jongeren in fragelist ynfolle.

Hast alle Fryske jongeren brûke sosjale media: 98% is hjir aktyf op. WhatsApp wurdt troch 95% fan dy jongeren brûkt, 86% sit op Facebook en 76% op Twitter. WhatsApp wurdt fan dy trije it measte brûkt: 47% hat keazen foar it antwurd “allinnich as ik sliep, sjoch ik net op WhatsApp”.

Folgje de oanbieding fan it rapport oan Jannewietske de Vries en Sjoerd Feitsma op 16 april fan 10.00 oere ôf op Twitter fia de hekstek #Frysk. Continue reading “Wâldpykjes brûke it measte Frysk op sosjale media”