De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standert, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online. Continue reading “Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering”
Frysk hâldt foar 99,93% itselde wurdbyld
De foarstelde staveringsoanpassing sil it wurdbyld fan it Frysk foar 99,93% yntakt litte. Dy yndikaasje jout de Fryske Akademy op basis fan berekkeningen fan de wurdfrekwinsje.
De Fryske Akademy krige yn 2011 de opdracht fan de Provinsje Fryslân foar it ûntwikkeljen fan in wurdlist dêr’t de foarkarsfoarmen foar it skreaune Frysk yn fêstlein binne, in nije staveringshifker, in wurdboekportaal en in automatyske oersethelp. As Provinsjale Steaten (PS) ein 2014 in posityf beslút oer it pakket nimme, sil it begjin 2015 op it webportaal Taalweb Frysk beskikber komme. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Continue reading “Frysk hâldt foar 99,93% itselde wurdbyld”
Iepenbiere diskusjejûn oer stavering en standertwurdlist
Op freed 28 juny organisearret de provinsje Fryslân yn ‘e mande mei de Fryske Akademy in iepenbiere jûn oer stavering en de standertwurdlist Frysk. De oanlieding hjirfoar is it beslút fan Provinsjale Steaten op 24 april l.l. oer it advys fan de Fryske Akademy en de diskusje dy’t dit beslút dêrnei oproppen hat.
Continue reading “Iepenbiere diskusjejûn oer stavering en standertwurdlist”
‘Oerlis oer stavering nedich’
It Skriuwersboun ropt de Provinsje Fryslân op ta in werberied oer it beslút oangeande de staveringsferoaring, de standertwurdlist en de staveringshifker. It boun wol graach mei skriuwers en oare saakkundigen mei de provinsje om tafel om oer de stavering te oerlizzen. It Skriuwersboun hat hjiroer in brief skreaun oan de provinsje en de Fryske Akademy.
No freed hâldt de Provinsje in algemiene gearkomste oer de staveringskwestje yn it gebou fan de Fryske Akademy.
It Skriuwersboun docht ek in suggestje foar in tuskenoplossing. De organisaasje stelt út om de nije staveringshifker earst te foljen mei de âlde wurdlist, of dy fan it hânwurdboek, sadat de staveringshifker daliks brûkt wurde kin.
Boarne: Omrop Fryslân
Diskusjejûn staveringsferoaring
It Skriuwersboun organisearret in diskusjejûn oer de staveringsferoaring.
De jûn sil wêze op freed 7 juny 2013 om 20.00 oere yn Kafee Wouters, Sophialeane 5 Ljouwert. De Provinsje Fryslân en de Fryske Akademy ha plannen foar in staveringsferoaring, in standertwurdlist en in staveringshifker. Foar- en tsjinstanners kinne deroer redendiele. De ûndertekeners fan de oprop oan de Steaten binne ek útnoege. Hja binne fan betinken dat de plannen net trochset wurde moatte.
Nei de diskusjejûn sil It Skriuwersboun ta in stânpunt komme.
Sjoch foar ynformaasje www.skriuwersboun.nl
Boarne: It Nijs