Winterserylezing Ons Bildt over Waterskapssaken

In de sery winterlezings fan Stichting Ons Bildt gaat ’t op maandeg 20 jannewary in Ons Huis in St.-Anne over ‘t funksjoneren fan ’t waterskap. Tjerk Bosje, oud-metwerker fan ‘t Waterskap fertelt over ’t beheer fan de seedyk, de Ouwe- en Nije-dyk as slaperdiken, dykbewaking bij storms, ’t oprúmmen fan ’t anspoelsel en nag andere nijskierige saken. Klaas Kuiken, oud-beheerder fan ’t gemaal Roptasyl, sil ‘t hewwe over de fishevel dêre der’t de glasaal en ’t stekelbeersy fan de Waddensee út naar ’t binnenwater met brocht wort. En hij ok hij sil ôns metnimme in wat binnen- en búttendyks onder syn eerdere funksy bij ’t Waterskap fiel. ‘t Belooft weer ’n intressante aven te worren. Anfang 20.00 uur, toegang € 4,50 inkl. koffy/thee.

‘Jou mear oandacht oan Biltsk’

De gemeente It Bilt soe mear oandacht hawwe moatte foar de Biltske taal en kultuer en ek besykje moatte om dy taal sels mear te brûken. Dat fersyk krige wethâlder Boukje Tol fan It Bilt tiisdei by in wurkbesite fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) oan de gemeente It Bilt.

Biltske organisaasjes meitsje har soargen oer de takomst fanwege it plan om de gemeente It Bilt opgean te litten yn in grutte gemeente Noardwest-Fryslân. Boppedat is de gemeente oan it besunigjen op taal en kultuer.

Stichting Ons Bildt bepleitet krekt mear mooglikheden en mear middels foar it Biltsk. De posysje fan en de stipe foar it Biltsk soe goed regele wurde moatte foar in mooglike gemeentlike weryndieling, sadat ek in nije gemeente Noardwest-Fryslân der net omhinne kin. Der wurdt rûsd dat op it Bilt sa’n 6.000 minsken Biltsk prate. Wethâlder Tol joech ta dat de gemeente It Bilt de taal wol mear brûke kin as op dit stuit bart. Ek stiet se ‘sympatyk’ tsjinoar it fersyk foar in dieltiid-beropskrêft foar de Biltske organisaasjes.

Boarne: Omrop Fryslân 

Foto’s en mear oer de wurkbesite

Lezing Sytse Keizer over seumerdiken en de betekenis fan de monniken foor ‘t Bildt

In de wintersery fan Stichting Ons Bildt hout Sytse Keizer ‘n lezing op woensdeg 27 maart om 20.00 uur in de Aerden Plaats/Julianakerk op Ouwe-Syl.

De folgende metnander samenhangende onderwerpen komme an de order: ‘t Bildt op ouwe kaarten, de prekadastrale kaart fan 1737, de oorspronklike seumerdiken om Ouwe-Syl hine, de seumerdyk en latere Ouwe-Dyk, de betekenis fan de monniken foor ‘t Bildt en ‘t Monnikelând bij Ouwe-Syl. Frije toegang.

Boarne: Stichting Ons Bildt