Taal yn ‘e soarch

Sikehûs Drachten ynformearret takomstige en jonge âlden oer foardielen meartalich grutbringen

Op 11 juny lansearre de Afûk yn it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe de folslein fernijde website heitenmem.nl. Tagelyk mei de lansearring fan de nije website presintearre de Afûk yn gearwurking mei sikehûs Nij Smellinghe it heit&mem-echofotolistke. Mei dy gearwurking jout it sikehûs yn Drachten oan dat sy takomstige en jonge âlden tenei ynformearje sille oer de foardielen fan meartalich grutbringen. Ommers, bern dy’t op jonge leeftiid mear as ien taal leare, hawwe dêr in soad foardiel fan. Dat docht bliken út ferskate ûndersiken oer de hiele wrâld.

Ek yn de breedte is der omtinken foar taal yn de soarch fan it sikehûs. Hoe noflik is it ommers foar minsken om immen te treffen dy’t syn/har eigen (streek)taal praat: minsken fiele har mear op harren gemak, begripe elkoar better en fiele har mear thús. Sa is it ek foar pasjinten yn it sikehûs. Meiwurkers fan Afûk/Praat mar Frysk diele dêrom buttons en oare materialen út oan meiwurkers fan it sikehûs wêrmei’t sy sjen litte dat de pasjint (ek) Frysk tsjin harren prate kin.

It heit&mem-echofotolistke wurdt nei de presintaasje yn it sikehûs fan Drachten ek oan oare sikehuzen, ferloskundigen en echo-buro’s beskikber steld om kado te dwaan by de earste echo. De folslein nije website fan heit&mem is fan no ôf ûnder de fertroude namme heitenmem.nl foar elkenien te finen.

heit&mem, Praat mar Frysk en it projekt Taal yn ’e soarch binne inisjativen fan de Afûk en wurde stipe troch de provinsje Fryslân.

 Scroll to top