Mercator publisearret hânsum oersjoch fan wetten, ôfspraken en ynstellings oangeande it Frysk

Fryslân is in meartalige provinsje: it Nederlânsk en it Frysk binne beide offisjele talen. Dat makket Fryslân, mar ek de rol fan Provinsjale Steaten, bysûnder. Gjin oare provinsje yn Nederlân hat sa’n wiidfiemjend taal- en kultuerbelied mei safolle eigen foech as Fryslân.

Dat betsjut ek dat Provinsjale Steaten in bysûndere ferantwurdlikheid ha om de provinsje te kontrolearjen op de útfiering fan dat belied en it ryk skerp te hâlden as it giet om it neikommen fan ferplichtings foar it Frysk oer dy’t Nederlân oangien is fia ôfspraken, wetten en Europeeske ferdraggen. Mar wat stiet der eins yn dy wetten en wat binne dy Europeeske ferplichtings no krekt, en hoe is it eins regele mei it Frysk yn it ûnderwiis?

Mei dit struibrief wol Mercator in hânsum oersjoch jaan fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen ha, ornearre foar beliedsmakkers, bestjoerders, folksfertsjintwurdigers en oare belangstellenden.

Ried fan de Fryske Beweging wol yn petear mei ING oer meiwurkers dy’t gjin Frysk prate meie

De Ried fan de Fryske Beweging is bot skrokken fan it berjocht dat meiwurkers fan de ING Bank gjin Frysk prate meie soene oan de telefoan tsjin klanten. De Ried hat sels in rekken by ING en wit dat de bank graach maatskiplik belutsen wêze wol. De Ried wol dêrom yn petear mei de bank oer syn hâlding tsjin de Fryske taal oer om opheldering te krijen oer it foarfal en misferstannen de wrâld út te helpen. 

It nijs kaam oan it ljocht nei oanlieding fan in melding fan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra, in klant fan ING. Dijkstra spruts oan de telefoan mei in meiwurker fan ING dy’t wol Frysktalich is, mar dat fan de bank net prate mocht. Neffens de bank hat dat te krijen mei de technology dy’t brûkt wurdt om petearen fan meiwurkers te analysearjen.

“In bank dy’t der foar elkenien is, soe der ek foar de Friezen wêze moatte. It is ûnbesteanber dat twa Friezen ûnderling gjin Frysk prate meie,” lit bestjoerslid Pieter de Zwart út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging witte. Neffens de Ried meie technologyske beheiningen it rjocht om Frysk te praten net yn de wei stean. “Wy tinke graach mei ING mei oer hoe’t sy dat oplosse kinne. Dêrom hawwe wy de bank fia in brief benadere om yn petear te gean.”

De Ried fan de Fryske Beweging giet derfan út dat ING ree is om yn petear te gean. En as dat net sa is? “Dan sille wy ús nochris beriede oer wat wy mei ús rekken by de bank dogge, mar lit ús earst it goede petear mar ris oangean”, sa seit De Zwart.

De tekst is oernommen fan It Nijs

Thuishuis Stap foar Stap op ‘e Jouwer behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

Op woansdei 29 septimber wie it feest by Thuishuis Stap foar Stap op ‘e Jouwer. Sûnt oktober 2018 wurket de lokaasje mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by har eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en sy hawwe it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Om dat te fieren kaam Riemkje Pitstra nei de lokaasje, om in Tomke-foarstelling te fersoargjen. Oanslutend hat sy it sertifikaat oan eigner Elizabeth Quartel-Amsterdam oerlange. Foar de oanwêzige bern en âlden wie der in hapke en in drankje.

Thuishuis Stap foar Stapp en twatalichheid

Thuishuis Stap foar Stap is in partikuliere berne-opfang op ‘e Jouwer. De lokaasje is fêstige yn fersoargingshûs De Flecke. Oant en mei augustus 2021 wiene der twa groepen, ien foar bern fan 0 oant 4 jier en in groep foar bûtenskoalske opfang. Sûnt dit skoaljier wurdt der ek pjutte-opfang bean. By dy groep wurdt ek it twatalich belied trochsetten.

It wurkjen mei in twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje sa út: guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogyske meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Sertifisearringstrajekt

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Thuishuis Stap foar Stap west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. By it sertifisearringstrajekt krijt Thuishuis Stap foar Stap begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Plombrief fan Ried fan de Fryske Beweging foar taalbelied gemeente Achtkarspelen

De Ried fan de Fryske Beweging stjoert geregeld Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t it Frysk brûke. Op 18 maaie krige de gemeente Achtkarspelen in ‘plom’ fan de Ried, om’t de gemeente Achtkarspelen inkele kearen sjen litten hoe’t in gemeente Frysk taalbelied yn ‘e praktyk stal jaan kin. De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it Frysk, stelt dat tige op priis.

Wêrom in plom?
Yn in protte gemeenten bliuwt Frysk taalbelied beheind ta moaie wurden foar de Bühne, sûnder de praktyske ynfolling dy’t derby heart. Mei in ynspirearjend taalbelied en troch it brûken fan it Frysk op ferskate gemeentlike nivo’s te stimulearjen en sichtber te meitsjen, lit Achtkarspelen sjen dat it ek oars kin.

Frysk foar ynboargering
Mei twa resinte aksjes makke de gemeente dúdlik dat it him tinken is mei it yn praktyk bringen fan Frysk taalbelied. Sa waard yn de ried in moasje fan de FNP oannommen om it regear yn De Haach te freegjen ryksjild ta te kennen foar de ynboargering fan statushâlders. “Trochdat ynwenners fan in plattelânsgemeente as Achtkarspelen foar it grutste part Fysktalich binne, merke wy dat it ferstean fan it Frysk in mearwearde hat foar in flotte yntegraasje en partisipaasje fan asylsikers binnen de mienskip”, skreau boargemaster Oebele Brouwer yn in brief oan minister Koolmees fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. It ministearje liet lykwols witte, dat soks net de bedoeling is omdat it learen fan it Frysk bûten de rikwiidte fan de nije Wet Ynboargering leit. De Ried fan de Fryske Beweging fynt it tige te priizgjen dat de gemeente op dizze wize de yntegraasje fan statushâders befoarderje woe en sa ek rjocht dwaan woe oan it wichtige plak fan it Frysk yn de mienskip.

Sichtber Frysk
De oare positive aksje oangeande it Frysk dêr’t Achtkarspelen okkerdeis mei yn it nijs kaam wie it pleatsen fan Frysktalige buorden by it gemeentehûs yn Bûtenpost. Besikers wurde yn it Frysk wolkom hjitten op buorden by de publyks- en personielsyngong. Ek wurdt it Frysk binnen de gemeente foar it grutte publyk sichtber makke mei Fryske gedichten op buorden by fytsrûtes del.

Wetterskip Fryslân sil faker it Frysk brûke

De ynspraak fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen by Wetterskip Fryslân oer it nije beliedsplan Frysk liket fertuten te dwaan. It wetterskip sil no ‘faker’ it Frysk brûke op sosjale media. It EBLT wie posityf oer it omtinken foar it ûnderwerp Frysk by it Wetterskip Fryslân, mar wie ek fan betinken dat der wol in skepke boppe-op kin, dêr’t it giet om it kreatyf en linich brûken fan de Fryske taal – njonken it Nederlânsk – troch de kommunikaasje-ôfdieling fan it wetterskip.

Op it beliedsplan Frysk by Wetterskip Fryslân 2020-2024, En wat dogge we moarn mei wetter? hie it EBLT as iennichste organisaasje reagearre. Op 21 septimber bespruts it Wetterskip Fryslân it nije beliedsplan en EBLT-ferstjintwurdiger Onno Falkena hat fan de gelegenheid gebrûkmakke om de sjenswize fierder ta te ljochtsjen.

Ljouwerter Krante, 22 septimber 2020, oer it Wetterskip Fryslân en de sjenswize fan it EBMT. Sy bedoele dêrmei lykwols it EBLT.

Frysk Deiblêd, 16 septimber 2020, oer it Wetterskip Fryslân en de sjenswize fan it EBMT. Sy bedoele dêrmei lykwols it EBLT.

 

Nij beliedsplan Afûk: Ferbine en diele

omslag-tomke-karton-koese-webNei elk ûndersyk oer it brûken fan it Frysk lôget de diskusje wer op oer de fraach oft it wol goed komt mei de Fryske taal.

De Afûk is yn 1928 oprjochte mei as wichtichste doel om de posysje fan it Frysk te ferbetterjen, benammen troch goed ûnderwiis. Hjoed-de-dei binne de rjochten om it Frysk te brûken ferankere yn it Europeesk Hânfêst, de Taalwet en ûnderwiiswetten. Wetten en regels soargje derfoar dat it Frysk – as twadde rykstaal – oeral brûkt wurde mei, mar it is oan de minsken sels om dat ek te dwaan.

De Afûk wol mei hiel konkrete produkten en aktiviteiten it brûken fan it Frysk stypje. Dy middels binne rynsk en rjochte op in protte doelgroepen, lykas it Taalkado foar nije bern, heit&mem foar âlders fan jonge bern, Tomke foar pjutten.

  • De PraatmarFrysk-kampanje, dêr’t bekende Friezen en bedriuwen mei sjen litte wêrom’t sy it brûken fan de Fryske taal wichtich fine, spilet in grutte rol.
  • Der is de lêste jierren hiel hurd wurke oan nij digitaal lesmateriaal: Spoar 8 foar it primêr en Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis.
  • Der is in nij learlingfolchsysteem Grip, wêrmei’t bern op harren eigen nivo goed ûnderwiis krije kinne.
  • Der binne Fryske apps en games makke en der wurde noch altyd hiele moaie (berne)boeken útjûn.

By de Afûk wurdt alle dagen hurd wurke oan ús missy om it Frysk ticht by de minsken te bringen. Yn ús nij beliedsplan – mei as motto ‘Ferbine en diele’ – wolle wy sjen litte wat wy de kommende jierren noch mear fan doel binne om te dwaan.   Wy dogge dat oan ‘e hân fan trije spearpunten: taalpromoasje, taal- en kultueroerdracht, dy’t alle trije like wichtich binne. It meast yn it each springende projekt is ‘Lân fan Taal’, it grutte temapark oer taal, meartaligens en fansels de Fryske taal yn it sintrum fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018, njoggentich jier nei de oprjochting fan de Afûk.

Wy nûgje elkenien út om mei ús yn petear te gean oer de nije plannen.

Boarne: Afûk

Beliedsmakker: innovatief hulpmiddel voor gemeenten

Het schrijven van een gemeentelijk taalbeleidsplan vergt veel tijd, waardoor voor de realisatie vaak onvoldoende tijd overblijft. Voor taalbeleidsambtenaren in Fryslân heeft de Afûk in samenwerking met een aantal gemeenten daarom de Beliedsmakker ontwikkeld: een digitaal hulpmiddel waarmee gemeenten op eenvoudige wijze bestaand beleid kunnen vastleggen, maar ook kunnen bekijken waar bestaand beleid verbeterd kan worden en waar eventueel nieuw beleid wenselijk is. Ook bij een gemeentelijke herindeling kan het hulpmiddel van dienst zijn om een zogenaamde nulmeting uit te voeren en/of het bestaande beleid van de betreffende gemeenten te vergelijken. De Beliedsmakker is vanaf vandaag beschikbaar via www.gemeentenenfrysk.nl. Continue reading “Beliedsmakker: innovatief hulpmiddel voor gemeenten”

Hollânsk boppe, Frysk derûnder

De gemeente Súdwest-Fryslân wol noch dit jier de plaknammen op de kombuorden yn dy gemeente gelyk lûke. By alle doarpen en stêden komt tenei de Nederlânske plaknamme boppe te stean en de Fryske plaknamme dêrûnder. No is it noch sa dat yn de eardere gemeenten Nijefurd en Wymbritseradiel de Fryske namme boppe stiet.

it beslút is nommen út praktyske oerwagings en moat los sjoen wurde fan it Fryske taalbelied fan de gemeente, sa seit wethâlder Sinnema. It plaknammebelied leit gefoelich yn Súdwest-Fryslân.

Neffens de topografyske wurkgroep fan de Jongfryske Mienskip soe it beslút yn striid wêze mei it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Neffens dat Hânfêst mei in minderheidstaal der by gemeentlike weryndieling net op achterút gean, en as it Frysk ferhuzet fan it boppeste nei it ûnderste plak op in boerd giet de taal der wol op achterút. Wurdfierder Cor Jousma fan de topografyske wurkgroep hâldt dêrom rekken mei juridyske prosedueres tsjin it plaknammebeslút fan Súdwest-Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân