Online taalhelpmiddels om minsken de Fryske taal te learen

Foto: Google Streetview

De Fryske Akademy lansearret op 2 febrewaris op ynternet it nije Taalweb Frysk. Dat is in webside mei in ferskaat oan nij ûntwikkele taalhelpmiddels spesjaal foar minsken dy’t it Frysk goed leare wolle.

De webside is makke yn opdracht fan de provinsje en is begjin febrewaris foar eltsenien fergees tagonlik. De side bestiet út fiif ûnderdielen: de foarkarswurdlist foar it Frysk, de online Staveringshifker, de Oersetter, it Wurdboekportaal en de Paadwizer Fryske stavering.

De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer de regels fan de Fryske stavering. Nei alle gedachten sille de foarstelde oanpassings fan krêft wurde as Deputearre Steaten dizze offisjeel fêststeld hat.

Boarne: Omrop Fryslân

Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering

Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Yn Provinsjale Steaten is in soad stipe foar it plan fan de Fryske Akademy foar Taalweb Frysk: in nije Fryske online wurdlist mei staveringshifker en online wurdboek. Neffens de measte partijen hat it ûnderwiis dêr in soad ferlet fan. Ek binne der yn Fryslân in soad minsken dy’t wol wat stipe brûke kinne by it skriuwen fan it Frysk.

De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standert, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online. Continue reading “Brede stipe foar Taalweb Frysk en oanpaste stavering”