Yn it argyf fan Tresoar wurde ynskriuw- en kontrôleregisters fan finzenissen yn Fryslân bewarre. Dizze registers befetsje de ynskriuwingen fan fertochten/feroardielden en mear ynformaasje oer de finzenen, lykas it sinjalemint. Dy Fryske finzenisregisters binne al digitalisearre, mar noch net online beskikber. It is nammetlik bêst in put: mei elkoar binne sa’n 42.000 scans dy’t ynfierd wurde moatte.
Traliewerk
Om dizze registers foar elkenien tagonklik te meitsjen hat Tresoar op 13 april in nij projekt lansearre op it lanlike crowdsourcingsplatfoarm VeleHanden ûnder de namme ‘Traliewerk’. Frijwilligers kinne har oanmelde op de webside en dan oan de slach mei it ynfieren fan gegevens út de registers. It giet om sa’n 400 registers fan 25 ferskillende ynstellingen yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Harns út de perioade 1797 – 1921.
Foar minsken dy’t net langer wachtsje kinne en benijd binne oft se kriminele foarâlden hiene: it is al mooglik om te ûntdekken oft in (fier) famyljelid fêstsitten hat. Yn de tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak‘ yn Obe by Tresoar fertelle we hoe’t it kriminele ferline fan famyljes útsocht wurde kin.