Op tongersdei 4 july wie der in feest op pjutteboartersplak ‘De Tûzenpoat’ yn Terkaple. Wethâlder Jan Benedictus (FNP) fan gemeente Skarsterlân hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedster Anna Baukje van der Meer oerlange. It boartersplak wurket sûnt maart 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en hat it sertifikaat yn juny behelle. ‘De Tûzenpoat’ is de earste lokaasje fan organisaasje SKIK én de gemeente Skarsterlân dy’t sertifisearre is. SKIK hat twatalich wurkjen yn it belied fan de organisaasje opnommen. Twataligens is likegoed ek in wichtich ûnderdiel fan it VVE-belied fan SKIK en de gemeente. Op ‘De Tûzenpoat’ wurdt as folget wurke: de liedsters biede beide konsekwint it Frysk oan. It Nederlânsk kriget in plakje troch it sjongen en foarlêzen yn dy taal. Troch sa te wurkjen slút it boartersplak goed oan by de wurkwize fan de trijetalige skoalle yn Terkaple, It Twaspan. Continue reading “Al mear as 130 meartalige berneplakken”