Nij struibrief oer de ‘Opstalsbeam’, in Fryske myte en in symboal fan de Fryske frijheid

Jierlikse betinking by de Opstalsbeam, mei âld-Fryske muzyk - Foto: Fryske Rie
Yn Rahe, by Auwerk/Auerk (Aurich) yn East-Fryslân, leit al sûnt iuwen de Opstalsbeam, oarspronklik in grêfhichte fan in foarname famylje út de lette 8ste iuw. Dy Opstalsbeam hat in grutte histoaryske en symboalyske betsjutting foar alle Friezen. Yn 1833 is it monumint fan hjoed-de-dei yn de foarm fan in piramide opmitsele mei balstiennen. Feitliken moat dit plak sjoen wurde as symboal fan de Fryske frijheid. Mei it wurd ‘Opstalsbeam’ wurdt fan âlds in peal of slachboom fan in ôffrede stik lân bedoeld. Yn ingere sin giet it om in mienskiplik brûkt stik greidlân.

De Fryske frijheid wurdt noch altiten sjoen as in wol hiel bysûnder skaaimerk fan (benammen) East-Fryslân. Yn de Midsiuwen hat him dêr in maatskippijfoarm ûntwikkele dy’t ôfwiek fan it doe feodale Europa. Der wie sprake fan in bûn fan frije lânsgemeenten út de Fryske kuststreek. Fertsjintwurdigers fan de lânsgemeenten, dy’t frij keazen waarden, kamen yn de regel op ’e tiisdei nei Pinkster (letter waard dat ‘Âlde Maaie’) by de Opstalsbeam gear om op te kommen foar frijheid en rjocht foar alle Friezen. Continue reading “Nij struibrief oer de ‘Opstalsbeam’, in Fryske myte en in symboal fan de Fryske frijheid”