Op 15 septimber is der in ynteraktive webinar fan it projekt VirtuLApp. De webinar is der foar elk dy’t nijsgjirrich is nei lesjaan en de meartalige klasse.
- Learkrêften sille harren ûnderfining mei de meartalige klasse diele,;
- middels om learkrêften te stypjen sil taljochten wurde;
- de meartalige game BabelAR sil demonstrearre en taljochten wurde
De webinar hat online plak op woansdei 15 septimber, fan 15:00 oant 17:00 oere. De fiertaal is Ingelsk en opjefte is fergees.
VirtuLApp is in projekt om dosinten de kennis en middels te jaan om meartaligens wolkom te hjitten op de basisskoalle. It wurdt koördinearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum, dat ûnderbrocht is by de Fryske Akademy.
Sjoch op de webside fan VirtuLApp foar mear ynformaasje oer it projekt en om dy op te jaan foar de webinar.