Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân sil faker it Frysk brûke

De ynspraak fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen by Wetterskip Fryslân oer it nije beliedsplan Frysk liket fertuten te dwaan. It wetterskip sil no ‘faker’ it Frysk brûke op sosjale media. It EBLT wie posityf oer it omtinken foar it ûnderwerp Frysk by it Wetterskip Fryslân, mar wie ek fan betinken dat der wol in skepke boppe-op kin, dêr’t it giet om it kreatyf en linich brûken fan de Fryske taal – njonken it Nederlânsk – troch de kommunikaasje-ôfdieling fan it wetterskip.

Op it beliedsplan Frysk by Wetterskip Fryslân 2020-2024, En wat dogge we moarn mei wetter? hie it EBLT as iennichste organisaasje reagearre. Op 21 septimber bespruts it Wetterskip Fryslân it nije beliedsplan en EBLT-ferstjintwurdiger Onno Falkena hat fan de gelegenheid gebrûkmakke om de sjenswize fierder ta te ljochtsjen.

Ljouwerter Krante, 22 septimber 2020, oer it Wetterskip Fryslân en de sjenswize fan it EBMT. Sy bedoele dêrmei lykwols it EBLT.

Frysk Deiblêd, 16 septimber 2020, oer it Wetterskip Fryslân en de sjenswize fan it EBMT. Sy bedoele dêrmei lykwols it EBLT.

 

 Scroll to top