Wiebe Kaspers

Dichter skriuwt Liet

LietOp snein 26 novimber organisearret Liet, yn gearwurking mei Jan Tekstra, in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Dit dogge we yn Grand Café De Friesche Club yn Ljouwert.
It skriuwen fan in goeie sjongtekst is net ienfâldich en faak in iensum proses. Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t dit proses wurket, keppelje we in oantal renommearre Fryske dichters oan in pear goeie muzikanten/songwriters en jouwe harren de opdracht om yn koarte tiid tegearre in lied te meitsjen.

Lês mear…

Optreden Wiebe Kaspers op Europeeske Taledei

Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert en Waskemar jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden tropfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.

Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde tegearre sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat meardere talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk. Lês mear…

Optreden Wiebe Kaspers op busstasjon Arriva te Ljouwert op Europeeske Taledei

Op freed 26 septimber is it Europeeske Taledei. Dan fiert gâns Europa syn rike ferskaat oan talen, lyts en grut. Yn Ljouwert jouwe sjonger en pianist Wiebe Kaspers en basgitarist Florian den Hollander hjir omtinken oan mei in optreden grôtfol Frysk- en Ingelsktalige lieten.

Sawat de helte fan de wrâldbefolking is twa- of meartalich en der wurde mei-inoar sawat 7000 talen sprutsen op ’e wrâld. Guon fan dy talen hawwe hûnderten miljoenen sprekkers, lykas it Ingelsk en it Sineesk. Mar der binne ek lytsere talen mei mar in pear tûzen of in pear hûndert sprekkers. Ek Fryslân hat ferskate talen. Neist it Frysk en it Nederlânsk wurdt yn Fryslân bygelyks ek Biltsk en Stellingwerfsk sprutsen, en yn de stêden ek Turksk, Arabysk en Surinaamsk. Lês mear…

 Scroll to top