28e Ynterfrysk Kongres: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne

Fan 15-17 septimber hat it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Ljouwert en Dokkum. It tema fan it kongres is: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezenkongres kinne harren oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

Sprekkers

De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra program mei in rûnlieding troch de Bonefatiuskapel en oekumenyske meartalige tsjerketsjinst en de jûns sil der ôfsluten wurde mei muzyk.

De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) is hjir te finen.

Lokaasje en opjefte

It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De Ijsherberg oan de Harddraversdijk 1.

Kosten dielnimmers Deiprogram 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It opjefteformulier is te finen yn de flyer.

Ynterfrysk Kongres: Selsstannich Omrop Fryslân wichtich foar alle Friezen

Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe. In selsstannich en Frysktalige Omrop Fryslân, dat arbeidet en programma’s ûntwikkelet fanút Frysk perspektyf, is wichtich foar alle Friezen, wêr’t se ek wenje. De Ynterfryske Rie, byinoar op it 26ste kongres op it Noard-Fryske eilân Söl/Sylt, docht dêrom in driuwend berop op de Provinsje Fryslân, de Mediakommisje yn de Nederlânske Twadde Keamer en steatssekretaris Dekker om derfoar te soargjen dat Omrop Fryslân folslein selsstannich en ûnôfhinklik fierder wurkje kin.

In selsstannige en frij operearjende Omrop Fryslân, bestjoerd troch Friezen, is fan grut belang foar Friezen en Friezen-om-utens út Fryslân, East-Fryslân, Seelterlân en Noard-Fryslân. De Fryske kultuer, de Fryske muzyk, mar ek it Fryske ûnderwiis hat in soad te tankjen oan it rike programma-oanbod fan Omrop Fryslân op radio, televyzje en on-line. Wy wize hjirby ek op de ferskate programma’s dy’t Omrop Fryslân, fanút Frysk perspektyf, troch de jierren hinne makke hat oer de Fryske minderheden yn Dútslân.

De Ynterfryske Rie hat mei niget en waarme belangstelling sjoen dat Omrop Fryslân him begûn te ûntjaan doe’t it, yn 1988, in selsstannige stichting waard. Der wiene eksperiminten mei skoaltelevyzje, dokumintêres en deistige regionale televyzje en de radio waard yn stappen útwreide fan in pear oerkes oant 24 oeren deis, mei dêr boppe-op ek noch ferskate temakanalen on-line. It binne stik foar stik fêste ûnderdielen wurden fan it Fryske medialânskip.

Continue reading “Ynterfrysk Kongres: Selsstannich Omrop Fryslân wichtich foar alle Friezen”