Fan tongersdei 25 maaie ôf biedt de Friisk Foriining in wyklikse begjinnerskursus yn it fêstelân Noardfrysk (Bökingharder Frasch – Mooring) oan. Elke tongersdei fan 16.00 oant 17.30 oere kin elkenien mei in kompjûter en fluch ynternet meidwaan oan de lessen by de Noardfryske toaniel- en filmmakker Gary Funck, mits motivearre en ree om te wurkjen.
doelgroep
De doelgroep binne minsken yn en bûten Noard-Fryslân dy’t graach út eigen hûs wei Frysk leare wolle, mar dat net sûnder echte dosinten en klassegenoaten dwaan wolle. De kursus is rjochte op sawol begjinners sûnder foarkennis fan it Frysk as op sprekkers fan oare Noardfryske dialekten lykas Fering of Sölring dy’t it fêstelânsk Noardfrysk leare wolle.
kursus en frijbliuwende ynlieding
De online kursus rint oant de simmerfakânsje (net op feestdagen) en is in fergees oanbod fan de Friisk Foriining, de Noard-Fryske susterorganisaasje fan de Fryske Rie. Ynstallaasje en basiskennis fan ‘e Zoom-sesjesoftware binne ferplichte om mei te dwaan. Alle nedige dokuminten wurde levere as tekstbestannen. Foar dyjingen dy’t der noch net rjocht út binne oft sy meidwaan wolle, is der op 11 maaie om 16.00 oere in frijbliuwende ynlieding.
Registraasjes en fragen oan: info@friiske.de
lês mear