It Noardfrysk en Liwwadders klinke mei in film en bier op Ynternasjonale Memmetaaldei

Sawol it Noardfrysk as it Liwwadders klinke op 21 febrewaris – de Ynternasjonale Memmetaaldei – yn Slieker Film, Ljouwert. Dy deis is de fertoaning fan de Noardfryske film Amrum mei in yntroduksje fan frisist Henk Wolfenoanslutend klinkt it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan Brouwerij Grutte Pier, dyโ€™t ynspirearre binne op it boek Ik rรบk al aardech naar de skep fan Ezra Efdรฉ.

Mei Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris stean taaldiversiteit, memmetalen en meartaligens jierliks yn it sintsje. It is de tolfde kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film – dit jier fersterke mei it Noordelijk Film Festival – op dy bysรปndere dei films oer en mei taalminderheden presintearje.

Amrum

Op it รดfhandige Dรบtske waadeilรขn Amrum is yn de lรชste wiken fan de oarloch yn april 1945 oan alles gebrek. De tolfjierrige Nanning moat as โ€˜man fan it hรปsโ€™ alles op alles sette om syn mem dyโ€™t hast befalle sil, broerke, suske en syn muoike fan iten te foarsjen. Nettsjinsteande it lijen fielt it libben op it prachtige, winige eilรขn hast as in paradys. Mar as de frede lang om let oanbrekt, wrakselet Nanning mei de nazi-oertsjรปgingen fan syn รขlden, en de tsjinstanners op it eilรขn.

Amrum (reg. Fatih Akin) is in coming-of-age ferhaal dat bot yndruk makket. Aktrise Diane Kruger spilet yn de film dyโ€™t ynspirearre is op de autobiografyske roman Amrum fan Hark Bohm.

It Noardfrysk is ien fan de Fryske talen en wurdt praat yn it noarden fan Dรบtslรขn, sawol op it fรชstelรขn as op waadeilannen lykas Amrum. De film wurdt yntrodusearre troch Henk Wolf, taalkundige, frisist en hjoed-de-dei warber as wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by de Oldenburgische Landschaft.

Liwwadder spesjaalbier en startpunt taal- en keunstprojekt

De lansearing fan dry ferskillende Liwwadder spesjaalbieren, brouwd in samenwerking met bierbrouwerij Grutte Pier, is ut startpunt fan un taal- en keunstprojekt foar de promoasy fan ut Liwwadders. Cambuur-trainer Henk de Jong, wethouwer Hein Kuiken en direkteur fan ut Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) Meindert Seffinga, sille de earste eksemplaren in ontfangst nimme fan inisiatyfnimmer Ezra Efdรฉ. De Liwwadder band Trio Ossekop, met Johan Juckers fan ut fรฒrmaleche Irish Stew, fersรฒrgt de mรบzyk, met Liwwadder klassikers (o.a. โ€œOudste stapper fan โ€™e stadโ€).

De namen fan โ€˜e spesjaalbieren binne baseard op spreekwoarden รบt ut yllustrearde spreekwoardeboek Ik rรบk al aardech naar de skep (2024), fan un skrifke รบt 1998 waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdรฉ-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlรชgde. Remco Efdรฉ, yllustrator fan disse รบtgave, het nou oek de etiketten fan โ€˜e bieren ontworpen. Disse etiketten hewwe un QR-koade, dyโ€™t by scannen een grรดte gele knop opent waar mรชnsen hun eigen spreekwoarden in kenne senden op de website Liwwadder-spreekwoorden.nl. Disse website is in samenwerking met ut HCL en Cinnamon Interactive tot stand kommen.

De insendingen wurde metnomen in un projekt met Graffiti Platform Leeuwarden, waarbij ferskillende keunstenaars รบtnoadegd wurde om un spreekwoard te kieze en un eigen interpretaasy derfan te ferbeelde in muurskilderingen in โ€™e stad. Met dit projekt toane we de kreatife pรฒtรชnsy fan lokale taal, fertaald in un eigentidse fรฒrm.

Oer de organisaasjes

  • EBLT

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorganisaasje dyโ€™t har sรปnt 1984 ynset foar de promoasje en beskerming fan autochtoane minderheidstalen yn Nederlรขn. It EBLT hat mear as tweintich lidorganisaasjes, dyโ€™t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.

  • Ik rรบk al aardech naar de skep

Ik rรบk al aardech naar de skep het syn oarsprong in un handgeskreven skrifke รบt 1998, waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdรฉ-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlรชgde. Na her overlijden het kleinseun Ezra Efdรฉ, met hulp fan de provรฎnsy Fryslรขn en andere lokale รฒrganisasys, der un boekje fan maakt, met as doรซl haar werk en het Liwwadders te beware en te dele. Op 25 november 2024 is disse bundel fan Liwwadder spreekwoarden pรบbliseard en is sinsdyn beskikber by bekende boekhandels in Liwwarden.

  • Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is รปnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mรชd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thรบs en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.

  • Noordelijk Filmfestival

Het Noordelijk Film Festival is een vijfdaags filmfestival in Leeuwarden dat elk jaar plaatsvindt in november. Op het Noordelijk Filmfestival wordt in 2026 voor het vierde jaar op rij een selectie films gepresenteerd uit kleine taalgebieden van over de hele wereld, als onderdeel van de programmalijn Memmetaal.

  • Slieker Film

Slieker Film is hรฉt filmhuis van Fryslรขn, gevestigd aan het Wilhelminaplein in het Fries Museum te Leeuwarden. We doen meer dan enkel films vertonen, we brengen met onze liefde voor film en cultuur ook mensen samen.

Wรชs wolkom

Op sneon 21 febrewaris begjint om 15:00 oere it filmprogramma yn Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert. Filmkaarten binne by Slieker te krijen. Oanslutend is der yn de foyer om 17:00 de iepenbier tagonklike presintaasje fan de Liwwadder spesjaalbierkes.

Fryske en Katalaanske films op Ynternasjonale Memmetaaldei

EBLT organisearret filmmiddei op 21 febrewaris

Op freed 21 febrewaris is der yn Ljouwert in filmmiddei mei oandacht foar minderheidstalen. De koarte Fryske film Baarch en de Katalaanske spylfilm Alcarrร s wurde fertoand op it wite doek. Boppedat binne filmmakkers Joris Hoebe (รป.o. CineNord en New Noardic Wave) en Rutger Veenstra (Baarch) derby om te fertellen oer it belang fan film en minderheidstalen en de plannen foar in Frysk filmfรปns. De filmmiddei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei.

Baarch en Alcarrร s

De Fryske film Baarch en de Katalaanske film Alcarrร s fertelle beide in ferhaal oer famylje en it plattelรขn, mar hawwe in folslein oar tema.

Baarch (2024) is in koarte film fan de hรขn fan Rutger Veenstra. Nei in finzenisstraf foar in sededelikt, komt de soan fan Nanne werom nei it รขlderlik hรปs op it Fryske plattelรขn. De omjouwing is net wiis mei dy weromkomst. Kiest Nanne foar syn soan of de mienskip?

Alcarrร s (2022) is in film fan Carla Simรณn en hat ferskate prizen wรปn. Sa is it de earste Katalaanske film mei in Gouden Bear. De film toant it ferhaal fan famylje Solรฉ, dyโ€™t al generaasjes lang op in pjiskehรดf yn Kataloaniรซ wurket. Dรชr komt feroaring yn as de nije lรขneigener oare plannen hat mei it stik grรปn: de famylje en pjiskebeammen sille plak meitsje moatte foar sinnepanielen.

Minderheidstalen en film

It EBLT freget al jierrenlang oandacht foar de stipe fan filmproduksjes yn minderheidstalen. Op de middei is der dรชrom ek tiid om te sjen nei de รปntwikkelings yn Fryslรขn. Sa sil Joris Hoebe op โ€™e middei fertelle oer de plannen foar in Frysk filmfรปns en kin Rutger Veenstra it produksjeproses fan Baarch taljochtsje.

Ynternasjonale Memmetaaldei 

It is alwer de alfde kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film films oer en mei taalminderheden presintearje op โ€™e Ynternasjonale Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlรขn neistribbet. Der binne mear as tweintich EBLT-lidorganisaasjes, dyโ€™t harren ynsette foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Wรชs wolkom

De filmmiddei is op freed 21 febrewaris en begjint om 14:00 oere yn Slieker Film, Ljouwert. Ynrin is nei 13:30 oere. Kaarten binne by Slieker te krijen.

Suksesfolle premjรชre Mittagsstunde op Ynternasjonale Memmetaaldei

Juster wie de Nederlรขnske premjรชre fan de suksesfolle Dรบtske film Mittagsstunde. De film waard tige goed besocht: de seal wie รบtferkocht!

De foto’s binne makke troch Geart Tigchelaar.

Mittagstunde is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dรถrte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdรบtsk, en ien mei dialogen yn it Heechdรบtsk. Op Memmetaaldei wie de Platdรบtske ferzje te sjen, mei รปndertitels yn it Frysk.

De premjรชre waard yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film.

Sneontemiddei, om 13:30 oere is de film noch in kear te sjen by Slieker Film.

EBLT hellet Dรบtske filmtopper โ€˜Mittagsstundeโ€™ nei Ljouwert op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dรชrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlรขnske premjรชre fan de suksesfolle Dรบtske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen.De film is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dรถrte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdรบtsk, en ien mei dialogen yn it Heechdรบtsk. It EBLT presintearret de Platdรบtske ferzje, mei รปndertitels yn it Frysk.

Mittagsstunde

Mittagsstunde (โ€œmiddeisoereโ€) folget universitรชr dosint Ingwer (47) รบt Kiel, dyโ€™t in sabbatical nimt omdat syn รขldelju Sรถnke en Ella op it Noard-Fryske plattelรขn harren sels net mear rรชde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket achter de rollator stรขn te hรขlden as kroechbaas en mem is it paad hieltiid mear bjuster. Ingwer komt der al gau achter dat net allinnich syn aldelju feroare binne, mar ek it doarp Brinkebรผll. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtautoโ€™s en lรขnboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oerโ€ฆ

De wat mankelike film Mittagsstunde giet oer de bysรปndere famyljeskiednis fan Ingwer en de โ€“ ek foar รบs Fryslรขn โ€“ tige werkenbere feroarings op it plattelรขn en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelรขnsbewenners noch as alles ferdwynt?

Nederlรขnske premjรชre

Boek รฉn film hawwe yn heech tempo it Dรบtske taalgebiet ferovere. De film wie de bรชst besochte filmhรปsfilm fan Dรบtslรขn yn de winter fan 2022/2023. De Dรบtske media wiene loovjend en neamden de film โ€˜in Noarddรบtske pearelโ€™ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich.

Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlรขnske bioskoop of filmhรปs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dรชr feroaring yn en presintearje de film รปnder de Fryske titel Middeisoere. De premjรชre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dรบtsk benammen in soad Platdรบtsk sprutsen, in taal dyโ€™t besibbe is oan it Nedersaksysk. De film wurdt troch Geertrui Visser foarsjoen fan รปndertitels yn it Frysk.

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintรชres of films oer en mei taalminderheden presintearje op โ€™e Ynternasjonale Memmetaaldei.

EBLT

It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlรขn neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dyโ€™t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Wรชs wolkom

De film is te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, by Slieker Film, yn Ljouwert om 19:30 oere. De film wurdt nochris werhelle op sneon 24 febrewaris om 13:30 oere. Kaarten binne te ferkrijen foar 11,50,-

Franeker Diktee, Trinus Riemersma-dei en Franeker Woordeboek nominearre foar Taalpriis Waadhoeke

It Franeker Diktee, de Trinus Riemersma-dei en it Franeker Woordeboek binne nominearre foar de Taalpriis Waadhoeke. Dat hat de sjuery fan de priis bekend makke. De earste Taalpriis fan de fjouwertalige gemeente wurdt op 21 febrewaris, de UNESCO Dei fan de Memmetaal, รบtrikt op de Waadhoekster Taledei yn de biblioteek fan Frjentsjer.

Dy dei is der yn de biblioteek fan Frjentsjer fan 20.00 oant 22.00 oere in feestlik programma om de meartaligens fan de gemeente โ€“ mei neist it Nederlรขnsk ek ryk oan it Frysk, Bildts en Franekers โ€“ te fieren. De priis bestiet รบt in keunstwurk fan keramist Paulien Ploeger, spesjaal foar dizze priis makke.

De sjuery bestiet รบt trije minsken dyโ€™t in protte mei taal en meartaligens dwaande binne: Jitske de Hoop (beliedsadviseur Fryske taal en kultuer en meartaligens by Omrop Fryslรขn), Sannah Debreczeni (trainee Frysk en meartaligens by Provinsje Fryslรขn) en Gerard de Jong (meartalichheidskoรถrdinator by gemeente Waadhoeke).

โ€œโ€™t Idee achter de jaarlikse taalpriis en taaldรขg is โ€™t ferskiet an รดns talen te fieren en sien late hoefeul at dโ€™r gebeurt an taalpromoasy en -inisjativen,โ€ seit De Jong. โ€œEn dat is best slaagd. Wij hewwe soafeul mooie, inspirerende en orizjinele nominasys kregen; โ€™t waar โ€™n hele haister om dโ€™r drie รบt te pikken.โ€

Nominaasjes

Ut alle ynstjoerings binne trije nominaasjes keazen dyโ€™t kรขns meitsje op de taalpriis:

  • It Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers, foar it yn novimber 2022 hรขlden Franeker Diktee;
  • de Academie van Franeker, foar โ€œIn dei mei Trinus Riemersmaโ€ (oktober 2022);
  • Wim Aalbers foar it skriuwen fan it Franeker Woordeboek, dat ein 2021 presintearre waard.

Feestlike jรปn

De nominaasjes wurde taljochte en yn it sintsje set op tiisdei 21 febrewaris, yn de biblioteek fan Frjentsjer. Fan 20.00 oant 22.00 oere (ynrin fan 19.30 oere รดf) is der in feestlik programma mei รป.o. in meartalige pubkwis troch Douwe Gerlof Heeringa, en fansels de รบtrikking fan de taalpriis oan de winner, troch taalwethรขlder Jan Dijkstra.

Elkenien is wolkom, de tagong is fergees.

Ynternasjonale Memmetaaldei: filmfertoaning An Cailรญn Ciรบin

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op tiisdeidejรปn 21 febrewaris fertoane it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film de Iersktalige film An Cailรญn Ciรบin.

An Cailรญn Ciรบin.

Caรญt (9) is in wat stil famke yn in grutte hรบshรขlding, dรชr’t se net folle oandacht kriget. As har mem wer in lytse kriget, wurdt Caรญt รปnderbrocht by fiere famylje. Sรฉan en Eibhlin Cinnsealach binne hiel aardich foar Caรญt en it famke bloeit op, mar dochs is der ek in gefoel fan driging

trailer An Cailรญn Ciรบin

Iersktalich sรบkses

It is in hertferwaarmjende film, mei in  moai ferhaal en treflike aktearprestaasjes fan de haadrolspilers. ‘An Cailรญn Ciรบin’ (it stille famke) is de earste spylfilm fan de regisseur Colm Bairead. Net allinne hat de film hiele goede kritiken krigen en folle sealen lutsen yn Ierlรขn, de film hat it ynternasjonaal ek goed dien. Sa wie it de earste Iersktalige film op de Berlinale en gie it fuortendaliks mei ien fan de bearen nei hรปs. Boppedat is ‘An Cailรญn Ciรบin’  ek de alderearste Iersktalige film dy’t nominearre is foar in Oscar.

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de njoggende kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (รปnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintรชres of films oer en mei taalminderheden presintearje. Dat bart mei de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes dat taalferskaat en meartaligens yn it sintsje set.

It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlรขn. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamintsk.

Wรชs wolkom

De filmfertoaning is op tiisdei 21 febrewaris, om 20:00 oere yn Slieker Film, oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Kaarten binne te bestellen by Slieker foar โ‚ฌ11,-.

Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de รบtnรปging of by it sekretariaat.

Nominasys socht foor de eerste Taalpriis Waadhoeke

Op 21 febrewaris 2023 wurdt de UNESCO Dei fan de Memmetaal hรขlden. Dizze jierlikse dei is yn it libben roppen om it ferskaat oan talen oer de hiele wrรขld te fieren. En waโ€™t ferskaat oan talen seit, seit fansels Waadhoeke: mei neist it Nederlรขnsk ek it Frysk, Bildts en Franekers is der yn dit lรขn gjin gemeente dyโ€™t kwa taal sa ryk is as Waadhoeke. Dat wol de gemeente graach fiere mei de earste edysje fan de Taalpriis Waadhoeke.

Om de aigen talen en taalrykdom in โ€™t sontsy te setten, hout de gemeente die dรขg de eerste Taaldรขg. Die fynt plak in de bibletheek fan Franeker. Der sil ok de eerste Taalpriis รบtraikt worre, foor โ€™t mooiste taalinisjatyf in de gemeente. En derfoor kin elkeneen โ€™n nominasy insture. Hewwe jou as ondernimmer โ€™n aksy had dieโ€™t met een fan de talen รบt Waddenhoek te krijen had? As beweuner op โ€™n besondere menier andacht froegen foor de aigen taal? Of as taalorganisasy wat spesjaals deen om โ€™t brรบkken fan de taal te stimuleren?

Nominear dan ut projekt, inisjatyf รฒf de aksy en maak kรขns op de earste Taalpriis fan gemeente Waadhoeke! โ€œWij soeke om projekten รฒf aksys dyโ€™t sichtbaar weest binne, dyโ€™t plakfonnen hewwe in de gemeente en dyโ€™t om ut Franekers, Bildts รฒf Frys gongen. Wij wille benadrukke dat un indifiduele bewoaner รฒf ondernimmer evensugoรซd kรขns maakt as un groatere (taal)รฒrganisasy. De sjuery sil de nominasys foaral beoardele op orizjinaliteit, krรฉativiteit en de reaksys fan mรฎnsen op de aksy รฒf ut inisjatyf,โ€ seit de gemeente.

Nominearje kin troch meartalichheidskoรถrdinator Gerard de Jong in mail te stjoeren op: g.dejong @ waadhoeke.nl รป.f.f. โ€˜taalpriisโ€™, en skriuw รบs wรชrom oft jo taalaksje โ€“ of dy fan in oar โ€“ de priis fertsjinnet. Ynstjoere kin oant en mei 23 jannewaris 2023. Omโ€™t dit de earste edysje is, meie taalinisjativen fan 2018 oant no ynstjoerd wurde. Stjoer foaral ek wat mei om de nominaasje te stypjen, sa as fotoโ€™s, social media of berjochten รบt de parse. En wa wit, winne jo yn febrewaris de earste Taalpriis Waadhoeke.

De talen fan dit berjocht binne op folchoarder: it Frysk, โ€™t Bildts, ut Franekers, it Frysk

Win twa kaartsjes foar de film op Memmetaaldei!

De earste twa minsken dy’t harren oanmelden hawwe elk twa kaartsjes wรปn! Fan herte lokwinske.

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op op 21 febrewaris organisearje it EBLT en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Sliker Film de premjรชre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/ร† kro ve รฆ Virรฅ/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidรฅen. De film draait moandei twa kear; om 14:30 oere en om 20:00 oere.

Mochten jo net ien fan de winners wรชze, by Slieker Film kinne jo in kaartsje keapje.

ยฉ Bund Deutscher Nordschleswiger

De kaarten kinne net ynwiksele wurde foar jild of oare produkten. Oer de รบtslach kin net korrespondearre wurde.

EBLT, Mercator en Slieker hawwe premjรชre fiiftalige film op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjtatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dรชrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlรขnske premjรชre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/ร† kro ve รฆ Virรฅ/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidรฅen.

Yn de humoristyske krimy wurdt op it stek tusken Denemarken en Dรบtslรขn in lyk fรปn, de holle yn it iene lรขn en de fuotten yn it oare. Fanwegen it deadlik grinsgefal moatte sawol in Dรบtske en in Deenske resjersjeur op paad om de saak op te lossen. Oft de stamgasten fan de lokale kroech harren dรชrby helpe sille is mar de fraach.

Screenshot fan de film, mei it lyk op it stek foar wylde swinen. ยฉ Bund Deutscher Nordschleswiger

De film is tige bysรปnder, want yn dy kroech klinkt der folle mear as allinne mar bierglรชzen. Dรชr wurde nammentlik op natuerlike en lykweardige wize de fiif talen praat fan de streek yn Sleeswyk. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Sรบd-Jutlรขnsk), Platdรบtsk, Deensk en Dรบtsk. Dy meartalige situaasje is troch de jierren hinne รปntstien en elk is wend om de eigen taal te praten en de oare talen yn alle gefallen te ferstean.

De film is regissearre troch Noardfries Gary Funck. It is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dรบtsktalige minderheid yn Denemarken. Op 21 febrewaris wurdt de film noch meartaliger, meiโ€™t de film yn it Frysk รปndertitele wurdt, mei tank oan Geertrui Visser.

It is alwer de achtste kear dat it EBLT en Mercator yn gearwurking mei Slieker Film films en dokumintรชres oer en mei taalminderheden presintearje mei de Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dyโ€™t him ynset foar de promoasje en beskerming minderheidstalen yn Nederlรขn. By it EBLT sitte mear as tweintich organisaasjes dyโ€™t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Trailer

De film is allinnich te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, moandei 21 febrewaris, yn Slieker Film, Ljouwert. Der binne twa foarstellings mei de feestlike premjรชre om 14:30 oere en in twadde fertoaning om 20:00 oere.

Fanwege de beheinde kapasiteit yn de bioskoop is it ferstannich om ynโ€™t foar kaartsjes te keapjen by Slieker Film.

Lidorganisaasjes en gasten fan it EBLT kinne harren oanmelde fia de รบtnรปging of by it sekretariaat.

Ferskate organisaasjes fiere Ynternasjonale Memmetaledei

Op snein 21 febrewaris hawwe ferskate organisaasjes omtinken jรปn oan de Ynternasjonale Memmetaledei.

Nije direkteur fan de Stichting Stellingwarver Schrieversronte Abel Darwinkel wie te gast by Buro de Vries, by Omrop Fryslรขn.

Harkje it fraachpetear hjir werom


Henk Wolf stie de NDR yn Hallo Niedersachsen te wurd oer it Seelterfrysk.

Sjoch de fideo hjir werom.


De Afรปk sammele foto’s fan Frysk op ‘e dyk mei de #Frysksichtber

Sjoch hjir de ynstjoerings foar #Frysksichtber