Tresoar nimt seldsume snydselbank op yn kolleksje

Op 2 july 1947 stapten de 27-jierrige Cornelis (Cees) Joustra en 27-jierrige Bouk de Boer yn it houliksboatsje. Dat fierden se mei famylje en freonen yn kafee Bergsma yn Easterein. Spesjaal foar dit bysûndere barren makken freonen fan Cees in saneamde ‘schnitzelbank’. It dokumint is 76 jier letter noch yn goede steat en is dit jier skonken oan Tresoar. As ien fan de mar pear argiven fan Nederlân is Tresoar no yn it besit fan in schnitzelbank! 

schnitzelbank

In schnitzelbank – ek wol ‘sniselbank’ of ‘snydselbank’ – is in foardracht yn de foarm fan in steapelliet, wêrby’t gebrûk makke wurdt fan tapaslike tekeningen op in grutte rol papier. Dy foardrachten wienen eartiids hiel populêr op feesten, lykas in brulloft, om’t it in manier is om in ûnderwerp of ferhaal op in ferrassende wize mei it publyk te dielen. De rymjende teksten by de tekeningen befetsje faak de nedige humor en binne meastentiids skreaun op muzyk. De tekeningen wurde op in prominint plak ophongen en dêrnei draacht ien de teksten foar. 

Cees en Bouk

Foar de brulloft fan Cees en Bouk yn 1947 makken de freonen fan de brêgeman gebrûk fan in behangrol om Cees syn libbensferhaal op te ferbyldzjen. By it útrôljen fan it stik behang yn it restauraasje-atelier fan Tresoar ferskynt de iene nei de oare prachtige tekening, dy’t mei elkoar in dúdlik byld jouwe fan wat yn syn libben barde: fan syn berte oant de troudei mei ‘syn Bouk’. By elke tekening heart ek in gedicht, dat op losse fellen skreaun is.

Wat fuort opfalt, is de goede kondysje fan de seis meter lange schnitzelbank. “It behang komt út in tiid dat it papier fan minne kwaliteit wie. Trochdat dit eksimplaar al dy jierren oprôle op souder lein hat, is it papier inkeld oan de sydkanten en úteinen wat beskeadige,” seit Klaas Roorda, konservearringsspesjalist by Tresoar. “We knappe dit yn ús eigen atelier op troch gebrûk te meitsjen fan tin Japansk papier, wêrmei’t we de achterkant fan it behang op de beskeadige plakken ferstevigje. Sa giet de schnitzelbank wer jierren mei!”

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar


bysûnder en unyk

Jan Cornelis en Marijke Joustra, de bern fan it breidspear, binne bliid dat de schnitzelbank opnommen is yn de kolleksje fan Tresoar, sadat it foar de kommende generaasjes bewarre bliuwt. “In diel fan dizze schnitzelbank giet oer de tiid dy’t ús heit en syn freon Rients as twangarbeiders trochbrochten yn Dútslân yn de Twadde Wrâldoarloch,” fertelt Jan. “Us heit is oppakt fanwegen syn wurk yn in distribúsjekantoar yn Wommels en dat is ek op de tekeningen te sjen.” Marijke follet oan: “Wat ik bysûnder fyn, is dat ús heit op de tekeningen hiel werkenber is, oan de krollen op syn holle. Ek binne ús âlden altyd befreone bleaun mei Rients en syn frou.”

Unyk oan de schnitzelbank fan Cees en Bouk is dat it in kombinaasje fan spoken word mei muzyk is. Yn it lêste gedicht wurdt nammentlik in lokwinsk oan it breidspear útsprutsen, dy’t skreaun is op de melody fan ‘It Heitelân: dêr’t de dyk it lân omklammet’. Mei dat liet yn gedachten kinst dy goed yntinke hoe’t dit klonken hawwe moat op it brulloftsfeest dêr yn kafee Bergsma!  

besjen
De schnitzelbank mei eigen eagen besjen? Dat kin! Fan moandei 3 july o/m freed 7 july is de seis meter lange schnitzelbank te sjen by Tresoar. Op de stúdzjeseal kinst de tekeningen op de behangrol bewûnderje én binne de gedichten te lêzen. 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *