Tresoar

TresoarTresoar is in skatkeamer fol argiven, boeken, byld- en lûdsmateriaal en dokumintaasje. It measte hat betrekking op Fryslân: syn skiednis, befolking, taal, literatuer, kultuer. De totale skaplingte is wol 25 km.

 

Foarbylden?
• 25.000 ansichten en tsientûzenen foto’s
• it argyf fan de Alvestêdeferiening
• alle jiergongen fan provinsjale en lokale blêden yn Fryslân
• it register fan famyljenammen fan 1811
• alle Frysktalige CD’s
• sawat alle Fryske boeken en boekeresinsjes
• it folsleine kentekenregister fan alle auto’s yn Fryslân oant 1950
• hûnderten steds- en doarpsplattegrûnen en oar kaartmateriaal
• en noch folle en folle mear, dat allegearre hieltyd mear yntegraal ûntsluten fia www.tresoar.nl.

Tresoar is ek in sintrum fan allerhanne aktiviteiten op kultureel mêd: sympoasia, festivals, lêzingen, boekepresintaasjes, moadeshows en priisútrikkingen. Yn de hjerst fan 2009 is de ferbouwing fan de ûntfangstromte, stúdzjeseal en de eksposysjesealen klear, dan is Tresoar noch iepener, tagonkliker en brûzjender as it al wie.

TRESOAR
Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum
Postbus 2637
8901 AC Ljouwert
T 058 789 0 789
F 058 789 0 777
E info @ tresoar.nl
W http://www.tresoar.nl

Besikersadres:
Boterhoek 1
8911 DH Ljouwert