De boeken Silke & Miss Dee (útjouwerij Afûk 2020) skreaun troch Baukje Wytsma fan Reduzum en De bruorren Liuwehert (Utjouwerij Regaad 2019) fan Astrid Lindgren, oerset troch Rymke Zijlstra fan Oentsjerk, binne foardroegen foar de IBBY Honour List 2022.
De IBBY hat as doel om bern wrâldwiid tagong te jaan ta boeken fan hege kwalitet en set him yn om brêgen te bouwen tusken minsken en kultueren mei help fan jeudliteratuer. De Honour List fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint publisearre boeken fan hiel hege kwaliteit, ta eare fan skriuwers, yllustratoaren en oersetters út de lannen dy’t by IBBY oansletten binne. De list jout in ynsjoch yn it bêste wat elk lân te bieden hat oan berne- en jeugdliteratuer. IBBY-Nederlân draacht sawol Frysktalige as Nederlânsktalige skriuwers en oersetters foar de Honour List foar.
Yn de kategory ‘tekst’ is auteur Baukje Wytsma foardroegen foar de Honour List 2022 fan IBBY foar har boek Silke & Miss Dee. Bysûnder oan Silke & Miss Dee is dat der trije talen brûkt wurde: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. It boek befettet prachtige, artistike yllustraasjes fan Carla van der Heijde dy’t goed oanslute by de tekst.
Oersetster Rymke Zijlstra is yn de kategory ‘vertalingen’ foardroegen foar de Honour List 2022 foar har oersetting fan Astrid Lindgren’s klassike, Sweedske berneboek De bruorren Liuwehert. De oersetting, mei prachtige yllustraasjes fan Kim Hunnersen, is yn 2019 ferskynd by Utjouwerij Regaad.