Tresoar hat dizze simmer twa bysûndere skinkingen krigen: dokuminten fan de eardere Frjentsjerter Universiteit en in unyk foto-album mei foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum. Dy autentike dokuminten heakje nije ynformaasje ta oan it ferhaal fan Fryslân en binne dêrom in prachtige oanfolling op de kolleksje fan Tresoar.
Dokuminten fan de Frjentsjerter Universiteit
It echtpear Ferenc Postma en Margriet Gosker hat Tresoar in tal dokuminten skonken dy’t mei de skiednis fan de Frjentsjerter universiteit ferbûn binne. Twa stikken slane op Elias Wigeri (1730 -1791). It earste is syn beneaming yn 1755 ta bûtengewoan heechlearaar yn it Romeinske rjocht oan dizze akademy. It twadde stik, ûndertekene troch steedhâlder prins Willem V fan Oranje, is de beneaming fan Wigeri ta professor honorarius. Dêrmei waard er frijsteld fan it jaan fan kolleezjes. De oarkonde is opbrocht mei in fraai oranje siden lint.
It echtpear skonk ek argivalia dy’t te krijen hawwe mei Paul Ernst Jablenski (1693 -1757). Dy professor út Frankfurt waard beneamd as heechlearaar yn de teology oan de Frjentsjerter universiteit, mar seach úteinlik ôf fan syn beneaming fanwegen bestjoerlike kwestjes.
Postma hat in ymposante kolleksje hânskriften en boeken sammele op it mêd fan teology en tsjerkeskiednis, yn it bysûnder printwurk fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat in grut tal Frjentsjerter printingen, brieven fan Frjentsjerter professoaren en objekten dy’t te krijen hawwe mei Hongaarske studinten dy’t yn Frjentsjer studearren. Koartlyn skonk it echtpear Postma-Gosker noch in oarkonde út 1778 en twa seldsume sulveren tinkpinningen út 1785 oan Museum Martena.
Tresoar hat in grutte kolleksje op it mêd fan de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer. Dy bestiet út de eardere akademybiblioteek, mei hûnderten bannen en it argyf fan de eardere ûnderwiisynstelling.
Fotoalbum fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum
Van Drukkerij Horstman yn Assen hat Tresoar in unyk foto-album krigen. It album befettet prachtige foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum, oprjochte yn 1904. Dat bedriuw anneks gruthannel fan de firma S. Bouma wie fêstige yn it pakhûs mei deselde namme oan it Grootdiep. Bouma liet yn 1933 in filla foar himsels bouwe njonken it fabryk, oan it Suderbolwurk. It album, dat net datearre is, is makke foar de bou fan de filla. De foto’s, makke troch fotograaf Breitschat fan Kollum, jouwe in hierskerp byld fan it bedriuwsproses yn it fabryk.
Skinking oan Tresoar
Mocht ien in skinking dwaan wolle oan Tresoar, dan is it ferstannich om yn it foar kontakt op te nimmen mei de kolleksjefoarmers. Sy kinne beoardielje oft it materiaal oanslút by de besteande kolleksje, dy’t as kearntema Fryslân hat.
Kontaktgegevens: collectievorming@tresoar.nl