Op sneon 14 oktober krijt Jetske Bilker foar har roman Spegel en sonde de Gysbert Japicxpriis 2023 útrikt troch Eke Folkerts, deputearre fan provinsje Fryslân. Jo wurde fan herten útnûge om de útrikking by te wenjen.
Oer de skriuwster
Jetske Bilker (1960) mocht as bern al graach skriuwe. Se studearre Algemiene Literatuerwittenskippen en wurke ûnder oare yn it ûnderwiis. Yn 1988 debutearre se mei Imitaasjelear. Dêrnei ferskynde yn 2012 It libben fan in oar en yn 2021 kaam Spegel en sonde út. Neist dizze romans hat se in grut ferskaat oan publikaasjes op har namme stean. Fan oersettingen fan De Kameleon oant Harry Potter en fan Ilja Leonard Pfeijffer oant in ‘hertaling’ fan Trinus Riemersma. Ek makke se ferhalebondels, blomlêzingen en skreau se it Fryske boekewikegeskink fan 2004. De lêste jierren is se ek aktyf as dosint kreatyf skriuwen.
Lytse Gysbert
As ûnderdiel fan it programma sil op sneon 14 oktober ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt wurde, de priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. De priiswinner, Sytze de Haas út Jorwert, kriget in oarkonde en de fûl begearde ‘Gouden Fear’ en sil de hantekening sette op in spesjaal boerd yn it Gysbert Japicxhûs, it bertehûs fan skriuwer en dichter Gysbert Japicx.
Gysbert Japicxpriis
Nammejouwer fan de priis is de dichter Gysbert Japicx (1603-1666) út Boalsert. De priis waard yn 1947 foar it earst útrikt. Eardere resinte winners fan de Gysbert Japicxpriis binne Eeltsje Hettinga (2021), Aggie van der Meer (2019), Eppie Dam (2017), Koos Tiemersma (2015) en Jacobus Q. Smink (2013). Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Fryske literatuer en de Gysbert Japicxpriis.
Utrikking
De útrikking fan de Gysbert Japicxpriis is sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro en 5.000 euro foar it oersetten fan it wurk fan de winner. Yn de foarôfgeande wike binne ferskate literêre aktiviteiten yn de Gysbert Japicxpriiswike. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten.