Skoallen yn Fryslân hawwe in wichtige rol foar de takomst fan it Frysk, sawol oangeande de hâlding foar it Frysk oer as wat de skriuwfeardigens oanbelanget. Dat sei Lysbeth Jongbloed op de jierlikse betinking fan ’e Slach by Warns (1345) op it Reaklif.
Jongbloed, dy’t ferbûn is oan it kennissintrum foar meartaligens Mercator fan ’e Fryske Akademy, docht ûndersyk nei it online brûken fan ’e Fryske taal. Op ’e Warnsbetinking sprekt sy oer hoe’t it Frysk minsken mei elkoar ferbynt op sosjale media. “Jongeren dy’t meartalich fuortset ûnderwiis folgje, brûke mear Frysk op sosjale media, binne positiver oer it Frysk en harren kompetinsjes op it mêd fan Frysk skriuwen lizze ek heger”, seit Jongbloed. “It binne krekt dy faktoaren, dy’t fan grut belang binne foar in taal om ’e 21ste ieu te oerlibjen. It útwreidzjen fan it tal meartalige skoallen yn Fryslân liket dêrom in hiel ferantwurde doel om op yn te setten foar de kommende jierren.”
It Frysk wurdt skriftlik net in soad brûkt. Ut ’e Fryske taalatlas fan 2011 docht bliken dat sa’n 12% fan de Fryske befolking fan 18 jier en âlder oanjout it Frysk goed skriuwe te kinnen. It is ek sa, dat wat âlder immen is, wat better er it Frysk yn ’e macht hat.
Neffens Akademy-ûndersiker Jongbloed soene de nije generaasjes dy tendins wolris ombûge kinne, om’t der yn it ûnderwiis hieltyd mear omtinken foar it Frysk is. “Yn myn ûndersyk jout 15% fan ’e jongeren tusken de 14 en 18 jier oan it Frysk goed skriuwe te kinnen”, seit Jongbloed fan ’e middei op ’e Warnsbetinking. “Dat oandiel leit dus krekt wat heger as it oandiel folwoeksenen dat goed Frysk skriuwe kin en dat soe dus yndied in omkear betsjutte.”
Lykwols tekenet sy oan: “Wy kinne ús ôffreegje yn hoefier’t ûnder nije generaasjes in ferminderjen fan taalfeardigens plakfynt, want de measte jongeren skriuwe it Frysk fonologysk, dus sa’t se it ‘hearre’. Se staverje net goed of fine it net nedich om goed staverje te kinnen. Harren beheinde wurdskat en it brûken fan Hollânske farianten fan wurden dy’t ek yn it Frysk bestean, soargje allyksa foar in ferienfâldiging fan ’e taal.”
Jongbloed spruts sneon 27 septimber op útnoeging fan ’e Stifting Slach by Warns, dy’t alle jierren de Warnsbetinking organisearret. De oare sprekker wie Hâns Dyk, foarsitter fan it Frysk Boun om Utens.