Wrâldboekedei en de Katalaanske ‘Dei fan Sant Jordi’ op 23 april by de Afûk

Sneon 23 april is it yn Kataloanië ‘De dei fan Sant Jordi (Sint Joris)’, in dei dat de minsken dêr elkoar neffens tradysje boeken en roazen kado dogge. Boppedat falt dy dei gear mei de jierlikse ‘Wrâldboekedei’, yn 1995 fêststeld troch de UNESCO om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De kombinaasje fan dy twa fieringen wie foar Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana Nederland (ANC) reden om de tradysje dit jier troch te jaan oan Nederlân en kontakt te sykjen mei de Afûk. Beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. Mei-inoar organisearje sy no de ‘Boeke- en Roazedei’ op 23 april yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.


Boeke- en roazedei

Op inisjatyf fan Ignasi Ripoll fiere wy dit jier op sneon 23 april foar it earst de Boeke- en Roazedei by de Afûk. Om 12.00 oere set it evenemint yn de winkel útein, dêr’t ferteld wurdt oer de dei fan Sant Jordi en Wrâldboekedei. Ek wurde der Katalaanske gedichten foardroegen, foar in part oersetten nei it Frysk troch Syds Wiersma, en der is omtinken foar Fryske wiisheden. Boppedat krije alle klanten op sneon 23 april yn de Afûk-winkel in moaie roas kado. (op=op)

Gearwurking ANC en Afûk

It Katalaansk heart, lykas it Frysk, ta de Europeeske minderheidstalen. “Wy wurdearje en beskermje ús talen”, seit it ANC-Nederland. It ANC-Nederland is ien fan de bûtenlânske takken fan it Assemblea Nacional Catalana, in Katalaanske sivile maatskiplike organisaasje dy’t him ûnder oaren ynset foar de promoasje fan kultuer en minderheidstalen. Dat doel slút hiel moai oan by de missy en it wurk fan de Afûk as it giet om de Fryske taal. Dêrnjonken is de Afûk net allinne útjouwer fan boeken yn it Frysk en oer Fryslân, mar hat dy ek noch in spesjalisearre boekwinkel. Alle reden om yn te gean op dat Katalaanske inisjatyf en mei te wurkjen oan de organisaasje fan it evenemint.

foto Assemblea Nacional Catalana Nederland

Tradysje

De ‘Diada de Sant Jordi’ (dei fan Sint Joris), op 23 april, is in bysûndere feestdei yn Kataloanië. Net allinnich is it de dei fan de beskermhillige, mar it is ek de dei fan de roas as symboal fan de leafde en de dei fan it boek as symboal fan de kultuer. It is in tradysje mei in lange skiednis. De ferearing fan Sant Jordi yn Kataloanië waard troch de Generalitat, it regear fan Kataloanië, yn 1456 útroppen ta in offisjeel feest. In wichtich ûnderdiel fan de hjoeddeistige festiviteiten is it tradisjonele útwikseljen fan kado’s: de man jout de frou in roas en hy kriget fan har in boek. Tsjintwurdich kriget elkenien fansels in boek: frou, man én bern. “Wy tinke dat it ien fan de moaiste tradysjes is dy’t wy Katalanen hawwe en dat it oeral fierd wurde kinne soe”, seit Ignasi Ripoll.

De Dei fan it Boek is yn 1926 ynsteld omdat op 23 april de dea fan Cervantes betocht wurdt. It fieren fan de Dei fan it Boek waard al gau oernommen yn Kataloanië, en wylst de tradysje op oare plakken ferwettere, is er yn Kataloanië útgroeid ta ien fan de populêrste feesten, kompleet mei boekemerken en blommedissen en tal fan kulturele aktiviteiten.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *