Ynspiraasjemiddei ‘Wy binne mbû’ mei lansearring Yung Frysk fideorige en Bookzines mei persoanlike ferhalen

Op woansdei 5 oktober wurdt de earste grutte byienkomst holden fan de programmakommisje ‘Wy binne mbû’, yn it libben roppen om mear omtinken te kreëarjen foar de identiteit en kulturele ferskiedenheid fan it Fryske wurkfjild yn it middelber beropsûnderwiis. In ynspirearjende middei yn Neushoorn oer Frysk en meartaligens yn it mbû; foar dosinten, ûnderwiismakkers en elkenien dy’t dêrby belutsen is. Dy middeis wurde ek twa nije projekten lansearre: de fideorige ‘Yung Frysk – Ik bin mbû’ én de persoanlike ferhalerige ‘Yung Frysk – Bookzines’.

Omdat it grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân wenjen en wurkjen bliuwt, is it foar harren persoanlike en profesjonele ûntwikkeling wichtich om binnen de beropsoplieding omtinken te hawwen foar de meartalige situaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal. Dêrom hawwe mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort yn ’e mande mei de Afûk en de provinsje Fryslân harren ambysjes, doelen en wurksumheden datoangeande fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.

De programmakommisje is ûntstien nei’t op 17 desimber 2021 de fertsjintwurdigers fan de fiif dielnimmende ynstellingen harren hantekening setten hawwe ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’. De programmakommisje ûntwikkelet de kommende jierren alderhande programma’s en aktiviteiten, dêr’t dizze ynspiraasjemiddei de earste grutte byienkomst fan is. Der binne al mear as 50 oanmeldingen ynkommen fan dosinten Boargerskip en Frysk, teamlieders, ûnderwiiskundigen en direksjeleden út it Fryske mbû.

Lansearring fideorige ‘Yung Frysk – Ik bin mbû’

‘Ik bin mbû’ is in nij multymediaal projekt oer it beropsûnderwiis yn Fryslân. Yn de koarte fideoportretten wurde ferhalen presintearre fan studinten fan Aeres, ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Ferhalen dy’t skaaimerke wurde troch dynamyk, passy, wrakseling en sukses binnen de oplieding of harren berop/sektor. De fideo’s sammelje nijsgjirrige beropsrelatearre ferhalen oer mbû-studinten en bringe tagelyk de opliedingen en meartalichheid moai yn byld. De fideo’s soargje foar in gruttere sichtberheid fan talen foar de studinten, sadat it ek gewoaner wurdt om de eigen memmetaal te brûken binnen en bûten de skoalle. Tagelyk bringje se it grutte ferskaat oan opliedingen yn byld dy’t studinten folgje yn Fryslân en wêrmei’t hja de Fryske ekonomy fersterkje. De earste fideo wurdt op dizze ynspiraasjemiddei presintearre en giet oer it belang fan it Frysk binnen de soarch.

Lansearring ferhalerige ‘Yung Frysk – Bookzines’

Fan oktober ôf komt der alle moannen in ‘Bookzine’ út fan Yung Frysk; in projekt om it lêzen ûnder jongeren te befoarderjen. Want mei lêzen wurkest oan dyn konsintraasjeskills, empaty en ferbyldingskrêft. Alle moannen in nij en echt persoanlik libbensferoarjend ferhaal fan in studint, yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk, opskreaun troch talintfolle skriuwers. De ferhalen slute oan by werkenbere tema’s lykas seksualiteit, earmoede en freonskip, en meitsje de maatskiplike tema’s besprekber yn de klasse en dêrbûten. De Bookzines kinne útteard wurde ta in poster mei in grutte quote, om op te hingjen yn ’e skoalle en sa de sichtberens fan taal en ferhaal te fergrutsjen. Op de ynspiraasjemiddei wurde de Bookzines fan oktober en novimber presintearre. De Bookzines binne dêrnei te bestellen fia websjop.taalplan.frl, mar ek beskikber as digitale ferzje én as audiobestân.

Ynspirearjend programma

Neist de twa grutte projekten dy’t lansearre wurde, is der yn it programma fierder in presintaasje fan it ûndersyk ‘Krenten uit de pap’ fan E&E advies: in ûndersyk nei it brûken fan de Fryske taal by bedriuwen en de mearwearde dêrfan foar de regionale ekonomy. Ek kinne minsken meidwaan oan dielsessys oer bygelyks: it yntegrearjen fan it Frysk by it fak Boargerskip, de Fak-Taal-Formule en de keppeling tusken it kardiel Frysk en praktykopdrachten. Boppedat is der in sneak preview te sjen fan de foarstelling ‘Bijke’ troch Pier21. In foarstelling dy’t de studinten de kommende moannen besykje sille en dy’t se brûke sille om rûnom yn de provinsje petearen te fieren oer ‘samenzijn en alleen zijn’.

Tiid en plak

Woansdei 5 oktober 2022, om 15.00 oere (ynrin fan 14.30 oere ôf), yn de Neushoorn, Ruiterskwartier 41, Ljouwert

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *