Ynteraktive tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ komt nei Tresoar

Wat sjochst, wannear’tst troch de eagen fan in kompjûter nei fideobylden fan Fryslân sjochst? Fan 10 novimber o/m 31 desimber 2022 is yn Tresoar de tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ te sjen. In multymediale ynstallaasje fan keunstner en ûntwerper Richard Vijgen foarmet it middelpunt fan de tentoanstelling. De tentoanstelling wurdt iepene op de earste dei fan it Noordelijk Film Festival en is ûnderdiel fan it festivalprogramma.

ynteraktive ynstallaasje
Yn dizze ynteraktive ynstallaasje komme hûnderten oeren byld fan Fryslân oer in perioade fan goed sechtich jier út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf by elkoar, en makket in selslearende kompjûter it mooglik om mei Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) te sykjen nei patroanen yn de bewegende bylden. Troch te boartsjen mei de ‘eagen’ dêr’t de kompjûter de bylden fan Fryslân mei besjocht, fernimst fan tichtby hoe’t de ynstallaasje ynformaasje ferwurket en krijst in idee fan de mooglikheden, mar ek fan de beheiningen fan computer vision en automatyske byldwerkenning.

Keunstmjittige Yntelliginsje
It begryp Keunstmjittige Yntelliginsje (KI) of Artificial Intelligence (AI), stiet foar it fermogen fan in kompjûter om ynformaasje te ferwurkjen en beslissingen te nimmen. Hoe sjocht in Keunstmjittige Yntelliginsje nei in digitaal argyf? Sjocht se ferbannen dy’t we net sjogge? Watfoar patroanen leit se bleat? Kin in Keunstmjittige Yntelliginsje in gids wêze, in kurator? Wit se better wat we sykje as wy sels? Is it ark of in orakel? Mei Het Nieuwe Instituut en VPRO Tegenlicht die Richard Vijgen de ôfrûne moannen ûndersyk nei de mooglike rol fan Keunstmjittige Yntelliginsje by it ûntsluten en presintearjen fan digitale erfgoedkolleksjes. It ûndersyk resultearre yn de tentoanstelling ‘Archief van de Toekomst’ dy’t earder dit jier te sjen wie yn Het Nieuwe Instituut yn Rotterdam, dêr’t de ynstallaasje 20 jier útstjoeringen fan it telefyzjeprogramma VPRO Tegenlicht trochsocht. De tentoanstelling komt no nei Tresoar yn Ljouwert en dêrby binne de útstjoeringen fan Tegenlicht ferfongen troch mear as 600 films út de kolleksje fan it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oer in perioade fan goed sechtich jier (1920-1985), swart-wyt en kleur. De tentoanstelling sil dêrnei fierder reizgje nei oare argyfynstellingen.

Foto: Richard Vijgen

Tagong
Kom del en sneup troch de bylden fan Fryslân, kom yn de kunde mei begripen as computer vision en neurale netwurken en ûntdek hoe’t algoritmes patroanen ‘sjogge’ yn byld of tekst en hoe’t foaroardielen oan de basis lizze fan dyselde algoritmes. Oardielje sels oer de ûnderstelde ‘yntelliginsje’ fan de ynstallaasje. De tentoanstelling is fergees te besjen ûnder de iepeningstiden fan Tresoar.

Het ‘Archief van de Toekomst’ is ûntwikkele troch VPRO Tegenlicht mei meiwurking fan Het Nieuwe Instituut en wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan it Mondriaan Fonds.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *