Ynterfrysk Kongres: Selsstannich Omrop Fryslân wichtich foar alle Friezen

Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe. In selsstannich en Frysktalige Omrop Fryslân, dat arbeidet en programma’s ûntwikkelet fanút Frysk perspektyf, is wichtich foar alle Friezen, wêr’t se ek wenje. De Ynterfryske Rie, byinoar op it 26ste kongres op it Noard-Fryske eilân Söl/Sylt, docht dêrom in driuwend berop op de Provinsje Fryslân, de Mediakommisje yn de Nederlânske Twadde Keamer en steatssekretaris Dekker om derfoar te soargjen dat Omrop Fryslân folslein selsstannich en ûnôfhinklik fierder wurkje kin.

In selsstannige en frij operearjende Omrop Fryslân, bestjoerd troch Friezen, is fan grut belang foar Friezen en Friezen-om-utens út Fryslân, East-Fryslân, Seelterlân en Noard-Fryslân. De Fryske kultuer, de Fryske muzyk, mar ek it Fryske ûnderwiis hat in soad te tankjen oan it rike programma-oanbod fan Omrop Fryslân op radio, televyzje en on-line. Wy wize hjirby ek op de ferskate programma’s dy’t Omrop Fryslân, fanút Frysk perspektyf, troch de jierren hinne makke hat oer de Fryske minderheden yn Dútslân.

De Ynterfryske Rie hat mei niget en waarme belangstelling sjoen dat Omrop Fryslân him begûn te ûntjaan doe’t it, yn 1988, in selsstannige stichting waard. Der wiene eksperiminten mei skoaltelevyzje, dokumintêres en deistige regionale televyzje en de radio waard yn stappen útwreide fan in pear oerkes oant 24 oeren deis, mei dêr boppe-op ek noch ferskate temakanalen on-line. It binne stik foar stik fêste ûnderdielen wurden fan it Fryske medialânskip.


Omrop Fryslân beheine ta merk en ûnderbringe yn in nasjonale Nederlânske organisaasje, tsjut net fan fisy, mar fan restauraasjepolityk. It is boppedat yn striid mei ferskate ynternasjonale ôfspraken lykas it Ramtferdrach foar Nasjonale Minderheden (FCNM) en it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen (CRML) fan de Ried fan Europa.

Underdiel fan it lêste ferdrach is it befoarderjen fan de gearwurking tusken minderheden dy’t oan wjerskanten fan i steatsgrins wenje. It beheinen fan de mooglikheden fan Omrop Fryslân is ek yn striid mei dit artikel. In protte Friezen op it plattelân yn Fryslân en Noard-Fryslân binne oanwiisd op de satellyt om nei Omrop Fryslân te sjen. Yn de plannen foar de nije regionale omrop fan Nederlân stiet it foarnimmen om de útstjoerings oer de satellyt fuort te besunigjen. It skrassen fan dizze foarsjenning beheind de Friezen yn Dútslân yn har mooglikheden om nei Omrop Fryslân te sjen en is sadwaande yn striid mei it Hânfêst.

De neamde ferdragen foarsjogge net yn it beheinen fan de media-uterings fan minderheden, mar krekt oarsom yn it befoarderjen en fierder ûntwikkeljen fan dy media-uterings. De Ynterfryske Rie freget dêrom de Provinsje Fryslân, de Nederlânske Ryksoerheid en de Twadde Keamer om hjir mei faasje mei oan de slach te gean en dit boppedat fêst te lizzen yn de Mediawet.

As iennichste Frysktalige publike omrop hat Omrop Fryslân in unike posysje. It belang fan Omrop Fryslân giet oer de grinzen fan Fryslân hinne. Foar de folle lytsere Fryske minderheden yn Dútslân is de omrop in wichtige boarne fan ynspiraasje en in foarbyld by it ûntwikkeljen fan in eigen mediabelied. De Fryske minderheden hawwe minne ûnderfinings mei grutte omroppen yn grutte talen; it Frysk wurdt dan al gau beskôge as kuriositeit, as ôfwiking. Frysktaligen wurdt gauris frege om har yn in grutte steatstaal te uterjen. As se dat net dogge wurde se, op syn geunstichst, neisyngronisearre,as se der al net útknipt wurde. Omrop Fryslân lit, alle dagen opnij, sjen, hoe’t it oars kin. It belang fan in selsstannich Omrop Fryslân kin dêrom net ûnderskat wurde.

Konklúzje/Gearfetting:
It is foar alle Friezen fan belang dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt. Dat hat it 26e Ynterfrysk Kongres fan de Ynterfryske Rie útsprutsen op 5 juny 2015 op it eilân Söl/Sylt. It Ynterfrysk Kongres freget de Nederlânske Twadde Keamer, de provinsje Fryslân en steatssekretaris Dekker om dit yn de mediawet fêst te lizzen. Omrop Fryslân is as iennichste Frysktalige omrop ûnmisber foar de ûntjouwing fan de twadde rykstaal.

Westerlönj/Westerland, Söl/Sylt, 5 juny 2015

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.