Ynternasjonale Memmetaledei 2021

21 febrewaris

De lêste jierren fiert it EBLT Ynternasjonale Memmetaledei by Filmhûs Slieker mei films en dokumintêres makke foar, oer en/of troch ferskate taalminderheden. Yn 2021 komt it oars, mei’t wy de kommende tiid noch net by-inoar komme kinne. Dêrom wol it EBLT dit jier digitaal omtinken jaan oan dizze bysûndere dei.

Tema

It tema foar Memmetaledei 2021 is ‘meartaligens ûnderhâlde foar ynklúzje yn edukaasje en mienskip’ (fostering multilingualism for inclusion in education and society). Sûnt 2000 wurdt de Ynternasjonale Memmetaledei fierd om beide it ferskaat oan taal en kultuer en meartaligens te befoarderjen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *