Histoarysk ûndersyk te spyljen yn nij rollespul oer kening Redbad

Wittenskippers, musea en game-ûntwerpers bringe de iermidsiuwske Noardseewrâld ta libben yn Mythwatch: The Age of Redbad.

(Foto: Anton Weidenaar)
(Foto: Anton Weidenaar)

Spulwrâld basearre op nij ûndersyk

Hoe seach de wrâld fan kening Redbad derút? Hoe reizgen minsken lâns de Noardseekust? Hokker goaden ferearden se, hokker talen praten se en hoe seach it lânskip derút dêr’t se yn libben? 

Dy fragen stean sintraal yn Mythwatch: The Age of Redbad, in nij histoarysk rollespul dat ûntwikkele wurdt troch Stichting Mythemakers út Fryslân yn gearwurking mei wittenskippers, archeologen en musea út Nederlân en Dútslân. 

Dit is it earste histoaryske rollespul dat streekrjocht fuortkomt út in ynternasjonaal ûndersyksprojekt. Lânskippen, personaazjes en ferhaallinen binne basearre op aktueel wittenskiplik ûndersyk nei de iermidsiuwske Noardseewrâld.

Mythwatch: The Age of Redbad ferskynt op 4 septimber 2026 yn in lúkse doaze-útfiering en is te krijen fia de webshop fan Mythemakers, online ferkeapkanalen en de museumwinkel fan it Fries Museum. By de útstalling REDBAD: de legindaryske kening (5 septimber 2026 o/m 7 febrewaris 2027) wurde yn it museum en op oare lokaasjes ferskate spuljûnen organisearre. It spul giet no yn de foarferkeap: sjoch foar mear ynformaasje op www.mythwatch.nl of www.friesmuseum.nl/mythwatch. It spul sil alderearst beskikber wêze yn it Nederlânsk en Ingelsk, in Dútske ferzje is yn ûntwikkeling.

Spulwrâld basearre op nij ûndersyk
 

Yn Mythwatch krûpe spilers yn de hûd fan ferhalefertellers yn it iermidsiuwske Frisia. Hokker karren makkest as hanneler, kriger of reizger yn in wrâld fan hannel, diplomasy, leauwe en striid? Hoe giest om mei de spanningen tusken âlde goaden en nije oertsjûgingen? De spulwrâld is streekrjocht basearre op rinnend wittenskiplik ûndersyk. Foar de ûntwikkeling wurke Mythemakers nau gear mei ferskate ûndersikers binnen it REDBAD-projekt. Sa foarmet it ûndersyk fan lânskipsarcheolooch Mans Schepers (Ryksuniversiteit Grins) nei de libbensomjouwing fan kustbewenners om it jier 700 hinne de basis foar it lânskip dêr’t spilers yn reizgje. 

Ek de ekspertize fan âldfrisist en histoarysk antropolooch Han Nijdam (Fryske Akademy) is yntinsyf ynset. Syn ûndersyk nei de wrâld fan kening Redbad, iermidsiuwske geloofsfoarstellingen, taal en fertelkultuer holp de spulmakkers by it rekonstruearjen fan de kulturele eftergrûn fan it spul. Oant yn de lytste details waard dy kennis ferwurke, bygelyks yn de âldfryske nammen fan Odins raven Huginn en Muninn: Hei en Minke.

Ek de personaazjes binne ynspirearre op archeologyske fynsten. Sa kinne spilers kieze foar in herder dy’t ynspirearre is op de Man fan Bernuthsfeld. Dit is in útsûnderlik feanlyk fan in man út de omjouwing fan Aurich dy’t om it jier 700 hinne libbe. Syn trouwe hûn Oda is ôflaat fan in hûneskelet út de kolleksje fan it Fries Museum, dêr’t resint ûndersyk mear ynsjoch fan joech yn uterlik en libben. 

It spul jout ek in gesicht oan de legindaryske kening Redbad en syn dochter Theudesinde. Hoewol’t der in portret fan Redbad út de 17e iuw is, hat Mythemakers yn gearwurking mei Diana Spiekhout (konservator Fries Museum) en Frederique Nobel (visual artist) in ympresje ûntwikkele fan syn gesicht doe’t syn keninkryk op it hichtepunt wie. Der is net folle bekend oer de dochter fan Redbad, mar troch ek har in gesicht te jaan wol it spul ek it froulike perspektyf sjen litte yn de wrâld fan Redbad.

(Foto: Anton Weidenaar)
(Foto: Anton Weidenaar)

Skiednis belibje

Mei Mythwatch wolle de makkers nije doelgroepen yn de kunde komme litte mei skiednis. Net troch skiednis allinnich te lêzen of te besjen, mar troch der aktyf ûnderdiel fan te wurden. It spul is mei ûntwikkele mei input út it jongereinwurk (Wytse Wierda fan sosjaal wurk de Kear) en studinten fan Firda en NHL Stenden ûntwikkelje fideomateriaal en fisuals. Ferline jier hawwe der meardere testmominten foar it spul west by ûnder oare jeugdhelporganisaasje Team050 yn Grins en yn Observeum yn Burgum. Sa koene jongeren meitinke en feedback jaan op de ûntwikkeling fan it spul. 

It spul en losse spuleleminten wurde takom skoaljier ynset by Firda as ûnderdiel fan de fakken boargerskip en brede foarming. Krekt foar jongeren dy’t minder goed oanslute by tradisjonele foarmen fan ûnderwiis kinne sokke spulfoarmen in weardefolle wize wêze om kennis op te dwaan en selsbetrouwen te ûntwikkeljen. Ynternasjonaal ûndersyk lit sjen dat rollespultsjes dielnimmers stimulearje om gear te wurkjen, perspektiven fan oaren yn te nimmen en komplekse situaasjes mei-inoar op te lossen. Ek eigen ûndersyk fan Mythemakers mei Team050 stipet dit, wêrby’t ambulante helpen konkludearren dat harren jongeren better mei ûnbekenden kommunisearje learden en mear út harren skulp krûpten. 

“Het is ontzettend gaaf dat dit een historisch spel is dat gebaseerd is op echt wetenschappelijk onderzoek,” fertelt Diana Spiekhout, konservator by it Fries Museum. onderzoek,” vertelt Diana Spiekhout, conservator bij het Fries Museum. “Wetenschappers hebben geprobeerd de wereld van Redbad zo nauwkeurig mogelijk te reconstrueren. Er zijn enorm veel onderzoekers bij dit project betrokken en zij brengen al hun kennis samen om een zo compleet mogelijk beeld van die periode te schetsen.”

Crowdfundingkampanje

Om de fierdere ûntwikkeling fan it spul mooglik te meitsjen set ynkoarten in crowdfundingkampanje útein fia Gamefound. Dêrmei wolle de makkers ekstra yllustraasjes, histoaryske kaarten, nije aventoeren en oanfoljende útwreidings realisearje. 

Fan septimber 2026 ôf spilet Mythwatch ek in rol binnen it publyksprogramma fan de tentoanstelling REDBAD: de legindaryske kening. It spultsje sil mei spesjale aktiviteiten te belibjen wêze en is te krijen yn de museumwinkel fan it Fries Museum.

nije Fryske skriller ‘De klûs – De dûbele moard op ien professor’

By de Afûk is de nije Fryske skriller ‘De klûs – De dûbele moard op ien professor’ fan Tsjeardsje Lamberts ferskynd. It boek is it twadde aventoer fan ynspekteur Kynke Swichum, de ‘opfallend ûnopfallende’ plysjefrou dy’t ek al de haadrol spile yn ‘Depot 5’.

It ferhaal

De Wittenskiplike Bibleteek, it pronkje fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden fan it lân, wurdt opskrille troch in makabere ûntdekking. Yn de klûs fan it wichtige ynstitút fine meiwurkers it lichem fan in deade man. Hy is fermoarde én mummifisearre. In saak dy’t ynspekteur Kynke Swichum daliks foar in grutte útdaging stelt.

Sintraal yn it ferhaal stiet in deugdsume histoarikus dy’t in bysûndere ûntdekking dien hat. Wylst Swichum besiket om de grouwélige moard sa gau mooglik op te lossen, wurdt se konfrontearre mei gefaren út ûnferwachte hoeken. Har gefoelens foar de sjarmante boargemaster Gysbert Braeksma meitsje har wurk ek net makliker. Kin Swichum alle gefaren dy’t op har ôfkomme ûntwike en tagelyk soargje dat rjocht dien wurdt? En slagget it har om har romantyske gefoelens in plak te jaan?

Oer de auteur
Tsjeardsje Lamberts wurke mear as fjirtich jier by ferskate argyfynstellingen. Se set har graach yn foar de oplieding fan takomstige professionals op it mêd fan kultuer en skiednis. Yn har frije tiid lêst se graach, reizget se de wrâld oer en genietet se fan har knyntsjedagen. Fan social media moat se neat hawwe. Fan Lamberts ferskynde earder de skriller ‘Depot 5 – De moard op de haadargivaris’.

Boekgegevens

  • Titel: De Klûs
  • Auteur: Tsjeardsje Lamberts
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 331 8816
  • Ferkeappriis: € 7,50
  • Tal siden: 111
  • websjop.afuk.frl

Boek Jannes de Oostganger verschient mit lezing van John Jansen van Galen

De geschiedenis van de Stellingwarver wereld en van de eigen literetuur kommen onverwaachs mooi in beeld. Dat gebeurt mit de uutgifte van de kollumachtige, Stellingwarfstaelige brieven van Jannes de Oostganger an zien ‘Lieve Sibbeltien’

Et boek zal op 4 juli verschienen. De prissentaosie is bi’j de Schrieversronte in Berkoop. Anvang: 15.00 – 17.00 ure.

Sprekers bin o.e. dr. Henk Nijkeuter, eerder heufd Drents Archief en kenner van de Nedersaksische literetuur. Hi’j gaot in op gelieksoortige schrieveri’je in et Drents. Nao de pauze is d’r een lezing van de bekende schriever, politikoloog en journalist John Jansen van Galen. Hi’j schreef o.e. veur Algemeen Handelsblad en Haagse post en was van 1990 tot meert 2015 prissentaoter van et pergramme ‘Met het oog op morgen’.

De prissentaosie is veur iederiene vergees bi’j te wonen. Wel graeg even veur 30 juni opgeven bi’j de SSR: hennie@stellingwarfs.nl

Winners Fryske essaypriis bekendmakke

Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol. De trije finalisten, Anna Bilker, Josephine Wernsen en Tamara Feddema, liezen dêrnei harren essays foar. Fan de trije essays, oer grammatika en ûnregelmjittige tiidwurden, it lûd fan mychhimmels en de rauwe needsaak fan it skriuwen sels, kaam úteinlik dat fan Tamara Feddema as winner út de bus. Sy wûn de 500 euro. De bekendmakking waard dien troch it presintearjen fan de nijste Ensafh., dêr’t Tamara foar op it omkaft stiet.

De winnende essays en it sjueryrapport binne nei te lêzen yn de nije Ensafh., dy’t te keap is fia de eigen website of yn de Afûk-winkel.

Tips foar it lêzen mei jonge meartalige bern

“In goed begjin mei lêzen en skriuwen op jonge jierren wurdt sjoen as in sterke yndikaasje foar takomstich sukses op skoalle. Foarlêze is in krêftige wize om de takomstige ûntwikkeling fan skriftlike taalfeardigens by jonge bern te stypjen.” Mar wat no as it bern thús in oare taal sprekt as op skoalle?

De ûndersikers fan it troch Erasmus+ finansiere projekt Read with MEE, dêr’t it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen de koördinator fan is, hawwe in hânboek makke mei ynformaasje, tips en ferwizings foar lêsaktiviteiten mei bern dy’t meardere talen sprekke. It ûndersyksteam wit nammentlik dat it dreech wêze kin om tagong te krijen ta ûndersyksresultaten of praktyske ynformaasje oer de meast effektive wizen om foarlêsaktiviteiten te stimulearjen en út te fieren mei meartalige bern.

It hânboek fan Read with MEE, mei de titel ‘De ynklusive ûntwikkeling fan mearfâldige skriftlike taalfeardigens fan it jonge bern’, is no beskikber yn it Frysk en presintearret de belangrykste ûndersyksresultaten yn dúdlike taal, dielt nije ideeën út ûndersyk en docht suggestjes foar konkrete aksjes yn ‘e beukerklasse en thús.

Oer ‘De ynklusive ûntwikkeling fan mearfâldige skriftlike taalfeardigens fan it jonge bern’

Undersyk toant oan dat bern dy’t thús in oare taal of talen prate as de skoaltaal, ekstra tiid en stipe nedich hawwe om de skoaltaal te learen. Ek foar de ûntwikkeling fan de skriftlike taalfeardigens dêrfan is stipe nedich om op itselde nivo te kommen as harren klasgenoaten dy’t allinnich de skoaltaal prate.

Dit hânboek is skreaun foar folwoeksenen dy’t wurkje mei jonge bern (fan 2 oant 6 jier) dy’t meardere talen prate, wêrûnder learkrêften en meiwurkers yn ‘e berne-opfang en it beukerûnderwiis. It is ek bedoeld foar âlden en fersoargers fan jonge bern. It presintearret wichtige ûndersyksresultaten yn begryplike taal, dielt nije ideeën út it ûndersyk en jout praktyske suggestjes foar yn ‘e opfang, yn ‘e klasse of thús. 

Meartaligens, skriftlike taalfeardigens en profesjonele ûntwikkeling

It hânboek behannelet trije ûnderwerpen:

Meartaligens: Hoe’t bern meardere talen leare en brûke

De taalûntwikkeling fan bern, ek fan bern dy’t meardere talen prate, ferrint yn fjouwer haadfazen. Hoewol’t elk bern yn syn eigen tempo ûntwikkelet, jouwe dizze fazen ús in dúdlik byld fan hoe’t bern leare. It is wichtich om te ûnthâlden dat de omjouwing fan it bern, lykas de belutsenens fan âlden en learkrêften, in tige wichtige rol spilet.


Skriftlike taalfeardigens: Lês- en skriuwfeardigens ûntwikkelje

It paad nei iere skriftlike taalfeardigens is foar meartalige bern deselde as foar bern dy’t mar ien taal prate. De wize hoe’t skreaune teksten thús of yn ‘e mienskip brûkt wurde, kin lykwols ferskille. Dat kin soms ta in probleem liede: lêze en skriuwe yn ‘e skoaltaal kin assosjearre wurde mei ‘learen’, wylst lêzen en skriuwen yn ‘e thústaal net op deselde wize sjoen wurdt en in legere status krijt. 

Profesjonele ûntwikkeling: Advys en strategyen

Profesjonele ûntwikkeling rjochte op meartaligens kin meiwurkers nije kennis bybringe oer ûnderwerpen as hoe’t bern mei mear as ien taal leare en dy talen brûke, hoe’t talen stypjend en fleksibel ynset wurde kinne yn ‘e klasse, en hoe’t it twatalige/meartalige brein wurket. Meiwurkers kinne dêrnei nije meartalige praktiken ûntwerpe en ymplemintearje yn harren klaslokalen. Sy kinne dy nije praktiken beprate en evaluearje mei harren kollega’s of de organisatoaren by groeps- of yndividuele byienkomsten.

Oan ‘e ein fan it hânboek stiet ek noch in checklist dêr’tst de kwaliteit fan boeken foar jonge bern mei beoardielje kinst, plus ideeën foar aktiviteiten om boeken te lêzen mei meartalige bern.

Fergees

It hânboek is fergees del te laden fia de website fan Read with MEE. It hânboek is no al beskikber yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Baskysk, en wurdt noch oerset nei it Iersk en Spaansk. 

Nije lessen Skriuwersfakskoalle nei de simmer

Op woansdei 16 septimber begjint it nije stúdzjejier fan de Skriuwersfakskoalle, de oplieding foar wa’t literêre teksten yn it Frysk skriuwe wol. Wa’t kennis meitsje wol mei de skoalle is op woansdeitejûn 2 septimber fan 19.00 oant 21.30 wolkom by in fergeze yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.

De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool, en biedt trajekten foar sawol begjinnende as betûfte skriuwers. De basis is in mearjierrige dieltiidoplieding mei in fêst kurrikulum, mei lesblokken yn Skriuwtechniken en dêrnei yn sjenres as proaza, poëzy, essay en toaniel. Dêrneist binne der losse kursussen dy’t ek tagonklik binne foar belangstellenden bûten de skoalle.

Studinten krije twawykliks les fan skriuwers as Arjan Hut, Albertina Soepboer en Bouke Oldenhof, en wurkje dêrnjonken selsstannich oan opdrachten. Yn de lessen wurdt it wurk mei-inoar besprutsen en leare studinten inoar opbouwende feedback te jaan.

foto fan Jessie Jansen Fotografie

Oanmelde en mear ynformaasje

De fergeze yntroduksjeles is op woansdei 2 septimber by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde kin fia skriuwersfakskoalle@tresoar.nl. Ynskriuwe foar de lessen kin oant en mei 9 septimber. It nije stúdzjejier start op 16 septimber. Mear ynformaasje oer it folsleine lesoanbod, data en lesjild is te finen op www.skriuwersfakskoalle.frl.

Prieswinnaars Wiesneus 2026 bekend

Kinder valt in de priezen met kleurplaat en puzzels oet streektaoltiedschrift

In de Meertmaond Streektaolmaond was traditiegetrouw weer het veurleesproject van streektaolorganisatie Huus van de Taol. Kinder waor an veurlezen is kregen as andenken het tiedschrift Wiesneus. Ze kunden zuch in dit Drentse doeboek, met het thema Op Aoventuur vernuvern met Drentse verhaolen, gedichten, puzzels en een kleurplaat. Oet de inzendings hef de jury vief winnaars keuzen.

Pries op de Jan Thies! Anja en Janny, vrijwilligers in de gemiente Aa en Hunze, maakten Abel bliede met zien pries.

De woordzuker har as oetkomst de zin Aoventuur begunt mit een verhaal. Met dizze oplössing wun Abel oet Raol een mooie pries. En de diagrampuzzel leverde het woord tweilocht op, Drents veur ‘schemering’. Dat wus Selinde oet Slien ok. Ok zij kreg een beloning veur heur puzzelwark.

De kleurplaot, tiekend deur illustrator Natascha Stenvert, kwam schier inkleurd weerum naor Beilen. Thomas van de Smilde, Pepijn oet Börk en Djoëlle oet Hollandscheveld kregen daorveur een pries.

De vrijwilligers oet de eigen gemiente van de prieswinnaars bint op pad gaon um de priezen oet te langen. Veur wel de Wiesneus nog digitaal bekieken wil, of der met gangs wil op schoel kan hum vinden op huusvandetaol.nl/wiesneus. Ok kuj daor de liedties belustern en stiet er een lesbrief met creatieve meugelkheden veur in de les.

Het Huus van de Taol is de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers wies met bint en die de niet-gebroekers wardeert.

In Memoriam Dónall Ó Riagáin (Dublin, 1941 – Naas, 2026)

As der ien west hat dy’t him o sa ward hat om op Europeesk nivo de lytse talen fan Europa sa te stypjen dat der in Europeesk Hânfêst foar kaam dan is dat grif Dónall Ó Riagáin.

Berne en opgroeid yn Dublin, sette er him yn de jierren santich al hiel bot yn foar de Ierske taal. Mei de Noard-Ierske Europarlemintariër John Hume wurke er begjin jierren tachtich gear om stipe te krijen foar de resolúsjes fan de Italjaanske sosjalistyske Europarlemintariër Gaetano Arfé. Doe’t dy resolúsjes fan 1981 en 1983 troch it Europeesk Parlemint oannommen wiene, kaam der Europeesk jild frij foar lytse talen en koe úteinset wurde mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen dêr’t hy earst de earste foarsitter en letter de earste siktaris-generaal fan waard. As sadanich sette er him yn foar it tastânbringen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen dat yn juny 1992 troch in grutte mearderheid fan de Rie fan Europa oannommen waard, mar dêrnei noch wol troch de ûnderskate lidsteaten ratifisearre wurde moast.

Yn Dublin 1996. Ut Contact Bulletin (mei tastimming fan Diarmaid Breathnach)

Fan 1992-1998 makke ik him mei doe’t ik beneamd waard ta deistich bestjoerslid fan dat Europeesk Buro. Om de lannen sa fier te krijen dat akkoard gean soene mei alteast dielen fan dat hânfêst wie net in lytse opjefte. Dêrfoar fersette Ó Riagáin in soad lobbywurk. Wat wie it in feest dat yn 1996 de Nederlânske oerheid lang om let it Frysk opjoech foar it grut tal konkrete stappen oangeande it beskermjen dêrfan dy’t neamd wurde yn Diel III fan it hânfêst. Likegoed duorre it noch oant 2001 ear’t de Nederlânske oerheid datoangeande in konvenant sleat mei de provinsje Fryslân, dy’t letter bekendheid krige as de Bestjoersôfspraken Fryske Taal en Kultuer.

Dónall Ó Riagáin liet him kenne as in freonlike en tagonklike man. Tagelyk wie er ien fan trochsetten en fêsthâlden; hy liet syn ein net gau slûpe. Sels makke ik dat mei yn in gearkomste yn 1996 yn in gearkomste mei Michael D. Higgins, de lettere Ierske presidint, dy’t doe minister fan kultuer en de Gaeltacht wie en mei wa’t Dónall Ó Riagáin dúdlike ôfspraken meitsje woe oer in wetlike basis foar it takennen fan Europeesk jild oan regionale of minderheidstalen.

Ek nei syn offisjele pensjonearring bleau  Ó Riagáin aktyf. Hy wurke oan projekten oangeande frede en taalrjochten yn Noard-Ierlân en stipe taalmienskippen yn ferskate parten fan de eardere Sovjet-Uny. Oan de ein fan 2025 ta bleau er aktyf belutsen by Cill Dara le Gaeilge, in organisaasje dy’t him ynset foar de fersterking fan de Ierske taal yn Kildare. In pear kear haw ik it foarrjocht hân om by him en syn frou Treasa yn Naas te iten. Yn de Iersktalige mienskip dêr spile er in wichtige rol. As pionier foar wetjouwing oangeande lytse talen yn Europa kin syn belang net gau oerskat wurde.

Dónall Ó Riagáin yn 2013. Fan Foras na Gaeilge, fotograaf: Máire Uí Mhaicín

Mei tank oan Diarmaid Breathnach, in neiste meiwurker fan Dónall Ó Riagáin,

Jelle Krol

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2026

Ien ferhaal en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis.

By it ferhaal giet it om ‘In Portugeesk ythûs’ fan Sytse Jansma (Harns). It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne ‘De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ ‘ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), ‘reidseame’ fan Marije Roorda (Broek) en ‘Skilderles’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 72ste kear útskreaun waard, wienen 91 ynstjoeringen ynkommen, te witten 34 ferhalen en 57 gedichten. De sjuery bestie diskear út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum. 

Fakatuere: postdokbeurs foar ien jier

Bisto in postdoktoraal ûndersiker en liket it dy wol wat om njoggen moannen ûndersyk te dwaan yn Ljouwert en trije moannen yn Cambridge? En der noch foar betelle te krijen ek? De Fryske Akademy en de Universiteit fan Cambridge hawwe de lapen gearsmiten en biede dy no in fantastyske kâns om dy in jier lang te ferdjipjen yn de betrekkingen tusken Frisia en Grut-Brittannië, Ierlân en/of Skandinavië yn de iere midsiuwen (sa. 400 -1100). It mei dêrby gean om skiednis, archeology, literatuer, taal of in kombinaasje fan dissiplinêre ûndersyksbenaderingen.

Ynternasjonale gearwurking

De Fryske Akademy en de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC) fan de Universiteit fan Cambridge hawwe, mei tank oan it Frysk Akademy Fûns en it Dennis Green Fund, in ienjierrige postdokbeurs (fellowship) opsette kinnen foar 0,8 -1,0 fte, te begjinnen yn septimber 2026. Socht wurdt nei in promovearre kandidaat, dy’t syn of har ûndersyk ûntwikkelje wol yn line mei de ekspertize fan beide ynstellings.

Hoe kaam dizze ynternasjonale gearwurking no eins ta stân? De Fryske Akademy is fansels in relatyf lyts ûndersyksynstitút. We fregen it oan Rory Naismith, heechlearaar iermidsiuwske Ingelske skiednis oan de Universiteit fan Cambridge. “Ik wurkje by de ôfdieling Angelsaksysk, Noarsk en Keltysk (ASNC), in lytse mar tige aktive ôfdieling oan de Universiteit fan Cambridge,” fertelt Naismith. “It ûndersyk dêr rjochtet him op de skiednis, talen, literatuer en kultueren fan midsiuwsk Grut-Brittannië, Ierlân en Skandinavië. De ôfdieling stipet ek mei klam it ûndersyk nei de eardere kontakten mei dy regio’s en harren buorlannen. Wat ús ynteressegebiet en de benaderingen dy’t wy yn ús ûndersyk hantearje oanbelanget, slute wy dus alhiel oan by wat de Fryske Akademy docht. In partnerskip liket dus in tige natuerlike en winsklike stap.”

“Cambridge en Ljouwert binne prachtich!”

In gearwurking tusken meiwurkers fan beide ynstellingen wie der al in skoft, mar no die bliken dat de tiid ryp wie om de relaasje te bekrêftigjen mei it opsetten fan in fellowship. “Dit wjerspegelet ús mienskiplike winsk om yn te spyljen op de útdaagjende situaasje yn it fakgebiet”, leit Naismith út. “We wurkje yn in tiid wêryn’t middels en kânsen krap binne, benammen foar begjinnende wittenskippers. It is dêrom hiel wichtich om ynternasjonale relaasjes te befoarderjen, om ûndersikers de bêst mooglike kâns te jaan om tusken ferskillende akademyske systemen te wurkjen.” 

By de Fryske Akademy wurdt al langer ûndersyk dien nei de (iere) midsiuwen, lykas it ûndersyk nei kening Redbad, de maritime hannelsbetrekkingen en it ûndersyk nei it Aldfrysk. Mar hoe slút dit fellowship oan by wat ASNC al docht op it mêd fan ûndersyk nei de Noardseeregio en de iere midsiuwen? Naismith: “ASNC is eins in dynamysk ûndersykssintrum. Us meiwurkers hâlde harren dwaande mei in breed skala oan ûnderwerpen dy’t de hiele Noardsee bestrike: hoe rûnen de jildstreamen, wat binne de taalkundige en literêre ynfloeden, wa wiene de reizgjende gelearden, en noch folle mear. It is dus in perfekte partner foar de Fryske Akademy.” 

De fakatuere stiet iepen oant 28 juny. Frege wurdt om in koart ûndersyksfoarstel, in motivaasjebrief mei cv, en in akademyske referinsje. De selektearre kandidaat komt foar in jier yn tsjinst fan de Fryske Akademy, en mei njoggen moannen ûndersyk dwaan yn Ljouwert en trije moannen yn Cambridge. “Beide ynstellingen binne freonlike en noflike wurkplakken,” seit Naismith mei klam ta beslút. “En se binne gelegen yn prachtige en histoaryske stêden!”