10 jier Liet International op it Saailân

De froulju fan SomBy út Finsk Laplân

Songfestival presintearret ‘best of’ mei bands út Astûrië (Spanje), Eastenryk, Finsk Laplân, Fryslân, Ierlân en Udmûrtië (Ruslân) 

Yn 2002 hie Ljouwert de wrâldprimeur fan in bysûnder sjongfestival. By wize fan eksperimint organisearre Stichting Liet ’91 de earste edysje fan Liet International, it sjongfestival foar it bêste nije liet yn in Europeeske minderheidstaal. Op Liet International wurdt net songen yn it Ingelsk, mar yn it Astûrysk, Baskysk, Bretonsk, Friûlysk, Gaelic, Iersk, Katalaansk, Frysk, Meankieli, Sámi (‘Laps’), Sorbysk of Udmûrtysk. De earste edysje luts fuortendaliks de oandacht fan de grutte media. BBC World en CNN makken reportaazjes dy’t oer de hiele wrâld útstjoerd waarden en The Scotsman en de Frankfurter Algemeine Zeitung skreaunen hele pagina’s fol oer Liet International: in nije Europeeske tradysje wie berne.

Tsien jier letter is Liet International útgroeid ta ien fan de grutste en belangrykste eveneminten ta promoasje fan Europeeske minderheidstalen. Der kaam ek offisjele erkenning; sûnt 2008 wurdt it festival organisearre mei de Ried fan Europa as beskermhear en stiper. Nei trije edysjes yn Ljouwert gie it festival op reis nei Sweedsk Laplân, Bretanje en Udine yn Italië. Dit jier is de finale fan Liet International foar it earst yn Spanje yn de havenstêd Gijón yn de streek Astûrië. Yn dy tsien jier binne nije ferskes presintearre yn tsientallen minderheidstalen. Dêr sitte ek hiel lytse talen by lykas it Manks (fan it eilân Man), it Kornysk, it Fepsysk (út Karelië yn Ruslân) en it Fotysk, dat op de grins fan Estlân en Ruslân noch troch sa’n 50 minsken praat wurdt. Yn dy tsien jier binne mei-inoar wol mear as tûzen ferskes yn minderheidstalen nei de organisaasje tastjoerd.

De gemeente Ljouwert woe it jubileum fan it sjongfestival net samar foarby gean litte en hat Liet International útnoege om in kar fan de meast nijsgjirrige artysten fan de ôfrûne tsien jier nei Ljouwert te heljen op it iepeningsfestival fan it Saailân. Liet International hat dy útdaging graach oannommen en presintearret op freed 28 septimber grutsk de folgjende bands: Silent Woo Goore (út Udmûrtië yn Ruslân), Coffeeshock Company (Kroätyske minderheid út Eastenryk), Fiach (Ierlân), SomBy (Sámi út Finlân), Xera (Astûrië yn Spanje), en Janna Eijer (Fryslân).

It festival wurdt om 17.00 oere middeis iepene troch de Ljouwerter muzikant en âld-Lietdielnimmer Sake Hylkema mei in koar fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum. De jûn wurdt om 23.00 oere ôfsletten troch de meartalige formaasje Mala Vita, dy’t earder al in soad yndruk makke op it Befrijdingsfestival en oare grutte festivals yn hiel Europa. De presintaasje fan it festival leit yn hannen fan in ynternasjonaal duo: de Friûlyske DJ Mojra B en de Fryske DJ en radiomakker Willem de Vries.


Mear ynformaasje oer de dielnimmende bands:
Silent Woo Goore makke ferline jier in soad yndruk op Liet International 2011 yn Italië, dêr’t se op mar in pear punten nei Janna Eijer twadde waarden. De band Silent Woo Goore sjongt yn it Udmûrtysk en makket dynamyske, eigentiidske rock, ynspirearre troch de rike kultuer fan Udmurtië en de bysûndere stim en útstrieling fan sjongeres Svetlana Ruchkina.
Silent Woo Goore hat krekt in earste album opnommen yn Finlân en jildt as ien fan de bêste nije bands fan de Russyske Federaasje. De band wie noch net earder yn  Nederlân te sjen. Mis it net!

Coffeeshock Company wûn ferline jier de publykspriis fan Liet International. De band komt út Eastenryk, mar sjongt yn it Kroatysk. De Kroatyske minderheid is dêr de tradisjonele kant it neist mei folksdûnsjen en folksmuzyk. De Coffeeshock Company docht dêr net oan mei, mar makket in eksplosive kombinaasje fan rock, rap en reggae, wêrby’t stilsitte in toer is. Foar de Coffeeshock Company wurdt it harren earste besite oan Fryslân en Nederlân.

Fiach wie ien kear earder yn Ljouwert, op Liet International 2009, en makke doe fuortendaliks fans. It is net dreech om te begripen wêrom. Fiach is ien fan rising stars fan de Ierske muzykscene fan de lêste jierren. Hy skriuwt prachtige rockballads, dêr’t hy ek ynternasjonaal goed mei skoart. It nûmer Sea Taim (So I) fan Liet International 2009, is no yn it Ingelsk in hit yn Ierlân. Fiach is krekt werom fan in toer nei Hollywood en ek dêr hat er no fans.

De Sámi (‘Lappen’) hawwe Liet International mar leafst fjouwer kear wûn en jilde dêrom as de meast muzikale minderheid fa Europa. De lêste Sámi band dy’t Liet International wist te winnen hjit SomBy en komt út Lappi, de meast noardlike provinsje fan Finlân. SomBy makket Sámi hardrock. By Liet International 2009 wûnen se fral troch ynset, presintaasje en entûsjasme. No is it moai te sjen dat SomBy in steviger, strakker en folwoeksen lûd delset. De band is trochgroeid, makke nije cd’s en fideoklips en hat foaral yn Skandinavië in groeiende oanhing.

Xera hat sa’n bytsje in eigen muzyksjenre ûntwikkele, dy’t je it bêste as folk-dance omskriuwe kinne. Xera komt fan Astûrië en waard yn 2010 twadde op Liet International yn Lorient, yn Bretanje. Xera kombinearret elektryske muzyk mei tradisjonele muzykynstruminten en kreëarret sa in folslein eigen klankkleur en show. It is dynamysk en sfearysk; folk út de 21e ieu mei in stevige beat. Xera presintearre koartlyn harren nije cd en show mei in grutte iepenlofthappening yn Astûrië, dêr’t tûzenen minsken op ôfkamen. In band mei in grutte namme yn Spanje, dy’t fêst fan doel is om no ek Noard-Europa te feroverjen.
Programmeurs fan festivals yn Ingelân komme nei it Saailân om Xera live oan it wurk te sjen.

Janna Eijer hat net folle yntroduksje mear nedich. De talintfolle sjongeres út Jobbegea gie der op Liet International 2011 mei de priis fan troch, wêrby’t se bands as Silent Woo Goore en Coffeeshock Company achter har liet. Janna giet folslein har eigen gong, yn har teksten en muzyk, en se lit dêrby net nei om yndruk te meitsjen, yn Italië likegoed as yn Bakkefean en foar in lyts publyk likegoed as foar tûzenen op de Frisian music night. In famke mei pit en gefoel, dy’t by de measte minsken wol in snaar wyt te reitsjen.

It tsienjierrich jubileum Liet International beheint him net ta allinnich it konsert op freedtejûn. Moarns om 10.00 oere organisearje kennissintrum Mercator fan de Fryske Akademy en it EBLT in leechdrompelige walk in konferinsje oer muzyk en minderheidstalen mei as titel Fryslân Connected yn it nije Frysk Museum. Dizze konferinsje wurdt organisearre ta gelegenheid fan it 25 jierrich jubileum fan Mercator én it tsienjierrich bestean fan Liet International. Sjoch hjirûnder foar mear ynformaasje oer dizze konferinsje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *