Foar de fjirde kear is der in literêr sympoasium oer in gearhingjend tema. Yn 2011 en 2012 waarden de lêzingen op mear jûnen hâlden. Ferline jier die bliken dat it foar de measte minsken oantrekliker is om de rige yn ien kear te hâlden op in nijsgjirrch plak.
Dêrom ek yn 2014 in middei mei trije nijsgjirrige lêzingen, ôfwiksele mei muzyk en royaal de gelegenheid om elkoar te treffen en by te praten.
Lêzingen
De 3 lêzingen geane oer it tema ‘klassikers’ –
* wêrom komt it âlde hieltyd werom?
* wa betinkt de literêre proazakanon?
* de Frankfurt-seleksje út ‘10 Books from Friesland’ : in miste kâns?
Friduwih Riemersma, ‘Tiids tosk tsjinoer ikonoklasme, oer de rol fan klassikers yn ús kultureel libben’
Gauris ha wy it oer klassikers, ek as wy it nét oer boeken ha. Mar wat makket in klassiker eins in klassiker? Wêrom ha wy klassikers, en binne dy algemien of yndividueel bepaald? Is in kanon wat oars as in rige klassikers? Kinne wy ús eins in wrâld sûnder klassikers foarstelle? En hoe soe dy der dan útsjen? Dy en oare fragen wurde behannele.
Tryntsje van der Steege, ‘Klassikers en kanon, oer it foarmjen fan de Fryske proazakanon nei 1945’
Eltse literatuer hat syn kanon en syn klassikers, dus ek de Fryske. Mar hoe, wannear en troch wa is soks útmakke? Hoe wurdt in boek ta in klassiker? Wat is dêr de rol fan útjouwer en kritisy yn? Tryntsje van der Steege ûndersiket de skiednis fan nei de Twadde Wrâldoarloch en leit bleat hokker ynstituten en persoanen ús tinken oer deFryske proazakanon beynfloede ha.
Eric Hoekstra, ‘Ranking the Classics, fjouwer Fryske klassiken hifke’
Yn 2013 waard de Frankfurter Buchmesse bestoarme mei de ronkende brosjuere ’10 Books from Friesland’. Eric Hoekstra lit him samar net foar de boekekroade ride en priuwt de waar earst goed. Sil it yn ‘e smaak falle by in ynternasjonaal publyk? Kin de karút goedkard wurde? Jo literêre priuwmaster docht ferslach. En komt mei in goed ûnderboude ranking!
Muzyk
De muzikale bydrage op de middei is fan Jan de Vries, muzikant/lieteskriuwer út Alde Biltsyl. Hy treedt geregeld op as solist mar spilet ek al tweintich jier yn de biltstalige band de Feetwarmers. Okkerdeis trede er mei Hein Jaap Hilarides op as duo ‘De Fersyskrivers’.
Komme jo ek?
Tiid: Sneontemiddei 12 april 2014
Ynrin 13:30, begjin programma 14:00 oere, oant 17.00 oere
Plak: Skierstins te Feanwâlden
Tagongspriis: € 15,- (studinten heal jild)
Parkeare fergees, kofje ynbegrepen
Opjefte
Yn ferbân mei de beskikberens fan plakken is besprekke fan tefoaren perfoarst needsaaklik. Dat kin op ynfo@tresoar.nl of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf op de nûmers 058 -789 0 740 resp. 058 – 789 0 792.
Nei oanmelding krije jo in befestiging mei ynformaasje oer it beteljen fan de tagongspriis.
Alde meuk? op Facebook
Klik hjir
Organisaasje en mecenaat
It Sirkwy Sympoasium 2014 is in inisjatyf fan Bersa Tekstwurk, Taalburo Popkema, Try Tekstwerk, Tresoar en Bibliotheekservice Fryslân.
It sympoasium wurdt yn finansjeel opsicht mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân, de Stifting FLMD en it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer.
Boarne: Literêr Sirkwy