Jannewietske de Vries president NPLD

 

Jannewietske de Vries

Deputearre Jannewietske de Vries is keazen ta president fan it NPLD. Dizze letters steane foar Network to Promote
Linguistic Diversity. De Vries is op it eilân Korsika keazen. It is foar it earst dat in polityk bestjoerder foarsitter wurdt fan it NPLD.

It Network to Promote Linguistic Diversity is in Europeeske organisaasje . Dy bestiet út 11 regionale oerheden en oerheidsorganisaasjes, dy’t yn de eigen regio ferantwurdlik binne foar it befoarderjen fan meartaligheid, útgeande fan in minderheidstaal. Dêrneist binne 16 net-goevernmentele organisaasjes (ngo’s) oansletten by it NPLD as associate lid.

Finlân

It NPLD hat in feroaring fan struktuer meimakke. No is foar it earst in polityk amtsdrager keazen as foarsitter. De vice-foarsitters binne Peggy Heikkinen fan Folktinget, de oerheids-organisaasje fan de Sweedstaligen yn Finlân, en Yvonne Griley fan de Generalitat fan Catalunya.

Lytse Talen

It NPLD wurdt betelle troch de 11 leden en stipe troch de Europeeske Kommisje. It NPLD is fuortkommen út in organisaasje fan oerheidsorganisaasjes lykas de Welsh Language Boards en it Berie foar it Frysk. De oansletten ngo’s wienen almeast behelle by EBLUL. Yn Nederlâns is dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen, dat 20 Fryske en Nedersaksyske organisaasjes omfiemet. It EBLT is associate lid fan NPLD.

It doel fan de NPLD is de fersterking fan de kontakten, it opsetten fan mienskiplike projekten en it ynsetten op meartaligens as ien fan de hotspots yn de Europeeske Agenda 2020.

Boarne: Provinsje Fryslân

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *