Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2026

Ien ferhaal en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. By it ferhaal giet it om ‘In Portugeesk ythûs’ fan Sytse Jansma (Harns).

It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne ‘De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ ‘ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), ‘reidseame’ fan Marije Roorda (Broek) en ‘Skilderles’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 72ste kear útskreaun waard, wienen 91 ynstjoeringen ynkommen, te witten 34 ferhalen en 57 gedichten. De sjuery bestie diskear út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum. 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *